
‘De boeken binne myn troast en segen’, sei de man op ’e rommelmerk yn Appelskea. In rigele rinkjes yn de earen, in bolwurk kettings om ’e nekke, yn motorfest en op klompen, sette de wâldsjer syn kratten ûnder driigjende loften mei soarch werom yn ’e oplizzer. Der sit noch altyd wol hannel yn de âlde boeken.
Okkerdeis haw ik eksamen dien by de Afûk, ynklusyf in mûnling oer literatuer oan ’e hân fan in list fan tsien Fryske boeken fan foar 1945. Mei sa’n lêslist komst ek telâne yn boeken dy’tst oars noait frijwillich opslaan soest. Fan guon boeken ûntdekst dat dyn foaroardiel net terjochte wie, mar der binne ek literêre reputaasjes dy’t oan diggels falle. Simke Kloosterman, bygelyks, wie in hiel nijsgjirrige frou, mar har roman De Hoara’s fen Hastings is in ûnmooglike draak fan in boek. Nyckle Haisma hie in folle better lot treffe moatten as omkomme yn in kamp yn Nederlânsk-Ynje, mar syn Peke Donia, de koloniael is mear as 400 siden teloarstelling. Of alteast, sa ûnderfûn ik it.
Nea wie der sa’n grut lêzerspublyk foar Fryske boeken as yn de jierren 1940-1950, liket it. Spitigernôch wie dy tiid net de gouden ieu fan it Fryske proaza.
Der binne fan dy romans dêr’t eins in folle better boek yn sitte koe. Nim no Peke Donia (1937/1940). Ast alle oerstallige beskriuwings fan trein- en boatreizen, hinne en wer kuierjen nei Dokkum, iten en drinken derút hellest, skeelt dat de helte fan it papier. It bêste hie west om net Peke de haadpersoan te meitsjen, mar syn soan. De KNIL-soldaat Donia hat nammentlik yn Ynje in bern oanset by in ynlânske frou. Wylst er foar de earste kear langere tiid werom is yn it heitelân, sit er yn noed oer it jonkje. Hy giet wer nei Ynje as militêr, en úteinlik nimt er syn soan mei werom. Dy jonge (yn it earste boek hjit er ‘Mardjo’, yn it twadde ‘Teda’) krijt neffens my yn Haisma syn orizjineel net syn gerak as personaazje. Yn ferliking mei syn soan hat heit Peke net folle te kleien. De jonge Teda is ommers opgroeid as ûnwettich bern, hy is min ofte mear ferstjitten troch syn mem (in frou dy’t gjiniens in namme krijt fan de skriuwer) as hja ‘mei ien fan ’t eigen folk’ trout, bedarret by in ôfwêzige en depressive heit, en wurdt troch him meinommen nei Fryslân, dêr’t heit syn âld-doarpsgenoaten ksenofobe hypokriten binne en it yn ’e stêd hieltyd griis en reinich waar is. Hoe moat dat foar sa’n jonge west hawwe?
Wat guon skriuwers ek allegear net útfrette mei harren personaazjes! Ik haw foar myn list ek De silveren rinkelbel lêzen, fan Waling Dykstra. In âlder wurk (1856), mar ûnder mear yn 1930 en 1950 werprinte. Yn feite is dat boek in soarte fan wreed mearke dat úteinlik goed ôfrint. [Spoiler alert iepenje.] It boek draait om persoansferwikselings. Dy wurde yn gong set trochdat Doutsen, de frou dy’t om it jild mei de skuonmakker Pabe Roukes troud is, slim jaloers is op harren jonge tsjintsfaam Jetske. Wannear’t Doutsen by hûs in lytse poppe (it soantsje fan minsken dy’t krekt bûten it doarp wenje) fynt dy’t fan in wein fallen is omdat der in hynder op hol slein is, fynt se in baas plan om it berntsje yn in doaze te dwaan (!) en dy doaze yn de kleankiste fan de faam te lizzen, mei as doel om Jetske yn diskredyt te bringen. De kleankiste wurdt lykwols stellen, de dieven nimme it bern mei, en pas nei sa’n tweintich jier komt de wiere identiteit fan it ferdwûne jonkje út, ek al groeit er op yn krekt datselde doarp. [Spoiler alert slute.] En dan jildt de streaming, dêr’t Waling Dykstra neffens de lesboekjes ta heart, as ‘realisme’…!
Doutsen, dy’t sokke rare fiten útheeft mei lytse bern, moat dochs eins wol in psychopaat wêze. It is dan wol skande dat Dykstra net mear dien hat mei dat minske. Yn syn boek ferdwynt Doutsen hommels út byld en dûkt se pas oan ’e ein op om foar de oplossing fan de puzzel te soargjen. En dat wylst der in geweldige yntrigante yn har sitten hie, dy’t mei har egosintrysk gedrach it hiele ein-18e-ieuske Stiens tige lêzensweardich ta konflikt en trauma’s driuwe kind hie.
De wylde boerinne (1915), fan Teatse Holtrop, is ek al wer sa’n Fryske klassiker wêryn’t it draait om protagonisten dy’t se dúdlik net allegear op in rychje hawwe. In buorljusrúzje tusken de widdo Broersma en boer Lammers rint ôfgryslik út de klauwen. De ien mislediget de oar, de frou krijt gjin rjocht fan reed en beslút by libbensdagen nea wer fan har pôle te kommen. Besjochst it realistysk, dan tinkst: al dy muoite, hie frou Broersma net gewoan in nije reed de oare kant út oanlizze kind? Under de kâlde oarloch tusken de buorlju terrorisearret de obsessive frou Broersma benammen har eigen dochter en soan. Dy komme ek noait mear ûnder de minsken, en reitsje psychysk bot skeind. Dit spilet him lykwols allegear ôf op in pleats midden yn prachtige blomrike greiden dy’t noch fol sitte moatte mei skriezen, ljippen en hoantsen, ynstee fan yn in Eastenrykske kelder. De desastreuze benearing dy’t fan dy freeslike frou Broersma útgiet, lêze wy inkeld yn it kommintaar fan de ferteller. De terreur fan mem har ‘ferhurding’ hie om my noch wol in slach tsjusterder mocht.
Tinke jo no asjebleaft net dat de âldere Fryske literatuer neat om ’e hakken hat. Oarsom: âlde Fryske boeken binne myn ‘troast en segen’.
Ik fyn, ûnder oare, D.H. Kiestra syn Froulju fen de Fetweider (1939) bêst in aardich boek bygelyks. Yn de efterlizzende moraal leit nei hjoeddeiske smaak de foarkar foar sûne boereôfstamming en it minskefokprogramma der wol wat boppe-op. De dochters fan fetweider Feikema binne lykwols gjin buordkartonnen popkes; se setten harren sin troch, en as it derop oankomt stimt heit wol mei harren mei. Kiestra syn oan ’e ein wat ôfraffele roman spilet him ôf yn in gemeente yn Midden-Fryslân, ein jierren tritich. Dat rôp by my de fraach op hoe’t it no fierder sil mei de personaazjes.
Fan alle skoansoannen fan de fetweider fassinearret jhr. mr. Tako Gratama my it meast. De man fan de artistikige jongste dochter Geeske is siktaris op it gemeentehûs fan Noarderein. In jonge út de stêd mei nostalgy nei it plattelân, dy’t krekt wat te folle fan in buorreltsje hâldt en krekt wat te folle praatsjes hat. Al praat er ek loftich om syn krekte politike posysje hinne, it is dúdlik dat er in yn dy tiid moadieuze sympaty foar it fassisme hat. Oertsjûge fan syn ôfkomst, hie er graach de boargemaster opfolge, mar dat slagget him net. Yn Kiestra syn boek hat Tako yn it foarste plak in komyske byrol. Mar hoe soe dat fan maaie 1940 ôf beteare? Kiest Tako opportunistysk in foute karriêre, en/of wurdt er troch de omstannichheden twongen om boppe syn tuskenbeidich karakter út te stigen? Hoe hâlde har syn frou en syn skoanfamylje? Der sit dan in tragysk potinsjeel yn syn personaazje dat my prachtich talykje soe om skriuwende neier te ûndersykjen.
As it oan de personaazjes lei, krigen se nije boeken.