
‘In bern moat him yn it ferhaal weromkenne kinne en moat ek tinke fan: dat soe my ek barre kinne.’
Thys Wadman (1956) is hikke en tein yn Snits, as soan fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis. Fan 1986 ôf wie er haad fan de iepenbiere basisskoalle yn Koudum, no yn Nijhoarne. Yn 2010 ferskynde syn earste ferhaleboek De fûgelklup. Yn datselde jier kaam ek de ferhalebondel De oerwinnings fan Tido Houtsma út. Foar dat boek krige Thys yn 2013 de Simke Kloostermanpriis. Yn 2011 ferskynde De bisteboel fan Omke Roel, ferhalen dy’t Thys makke hat by ferskes fan Hindrik van der Meer. Yn 2014 waard it jeugdboek In nije heit útbrocht.
Wannear en hoe bist mei it skriuwen begûn?
‘Ik ha sa’n tsien jier lyn meiwurke oan de Fryske taalmetoade Studio F. Tegearre mei Mindert Wynstra haw ik lesmateriaal ûntwikkele foar de groepen 7 en 8. Foar dat lesmateriaal haw ik ek wat ferhalen skreaun en sa is it begûn. Earst ien ferhaal en dat hat yn it tydskrift Tsjek, de foargonger fan Switch, fan it Taalsintrum Frysk stien. Dêrnei haw ik noch in stik as fjouwer ferhalen skreaun en dy hiene te krijen mei it tema dat yn de metoade behannele waard. Letter haw ik tocht dat ik dêr wol wat mear mei koe. Uteinlik binne it sa’n tweintich ferhalen wurden dy’t útbrocht binne yn de bondel De oerwinnings fan Tido Houtsma. Der binne ek lêsboekjes makke fan Studio F en dêr haw ik twa fan skreaun: De fûgelklup en De hûneklup. Dêrnei hie ik op in stuit ris in petear mei Hindrik van der Meer. Syn ferskes dy’t wy froeger op de PA al learden binne opnij útbrocht, dêr haw ik in ferhaal by betocht en skreaun en doe is it boek (mei cd) De Bisteboel fan Omke Roel útkommen. En dêrnei is De nije heit ûntstien. Earder haw ik wol kabaretteksten en musicals foar skoallen skreaun.’
Wêr hellesto de ynspiraasje foar it skriuwen wei?
‘Dat komt oeral wei. By Tido hat dat foar in grut part út myn eigen jeugd west. Ik wurkje yn it ûnderwiis en dêr makkest ek fan alles mei en dat leit fansels hiel tichtby de wrâld fan Tido; yn myn nijste boek In nije heit is dat wat minder, mar dêr helje ik in protte dingen út dy’t ik leuk en belangryk fyn. Ik haw jierrenlang op de basisskoalle yn Koudum wurke en fjouwer jier lyn bin ik oerstapt nei de Sevenaerskoalle yn Nijhoarne.’
Hâldsto ek presintaasjes fan dyn boeken op skoallen?
‘As ik in ferhaal skreaun ha, dan besykje ik it altyd út op skoalle. Dat ha ik eins mei al myn ferhalen dien, mei myn nije boek ek. In nije heit is eins yn twaën knipt. It earste stik hie ik al skreaun, ik hie in tal haadstikken makke, en doe wist ik echt net hoe’t ik fierder moast. Ik hie gjin idee, dus dat hat doe wol mear as in jier lein. Op in gegeven momint bin ik hielendal opnij begûn en ik haw it yn de ik-foarm set, dus it ferhaal is kantele, en doe hie ik it úteinlik yn in pear dagen klear. De oerwinnings fan Tido Houtsma bestiet út ferhalen en as ik in ferhaal klear hie dan lies ik dat foar yn ’e klasse en koe ik oan de reaksjes fan de bern wol hearre oft it goed wie of net. En dan wurdt it noch in stik of wat kear oanpast. Ik bin bygelyks begûn mei it skriuwen fan in printeboek. It earste part is klear, ynklusyf de tekeningen, dy hat in freon fan my makke, mar ik wit noch net hoe’t it fierder moat. Dat bliuwt lizzen, dan kin ik der wol yn koekeloere, mar dat hat hielendal gjin sin, dus dat moat even tiid ha. Ik haw altyd wol fan alles yn ’e holle. It is de bedoeling dat De fûgelklup en De hûneklup ek noch in ferfolch krije, nammentlik De autoklup, allinnich ik moat it noch opskriuwe en it ûntbrekt my oan tiid. Ik haw hjoed frij, dus dan soe ik skriuwe kinne, mar sa wurket it dus by my net. As ik de geast ha gean ik gewoan troch en dan kin ik de hiele nacht wol troch, mar dy geast krije dat kin net op ôfrop by my.’
Wat sizze de bern dan krekt oer dyn ferhalen?
‘Minsken sizze wol dat myn ferhalen kwa taalgebrûk hiel tagonklik binne en ik tink ek dat dat sa is. As ik in ferhaal foarlês dan moat ik gjin wurden útlizze moatte. Bern lêze in ferhaal of harkje dernei en snappe se in wurd net, dan sykje se dat net op yn in wurdboek. Dat wol net sizze dat ik it hiel simpel meitsje, mar yn elk gefal wol lêsber. Wêr’t bern by Tido wolris muoite mei hienen, is dat it ferhaal oars rint as dat se ferwachtsje. Bern wolle oer it algemien altyd graach dat in ferhaal goed ôfrint. Ast yn in ferhaal sitst dan giet it in bepaalde kant op en dan fyn ik it krekt leuk om it dan dochs noch hielendal de oare kant op te stjoeren. Dan freegje se wolris fan: ‘Wêrom rint it ferhaal net sa?’ Dan sis ik: ‘It rint sa’. Dan freegje se: ‘Ja, mar do makkest it ferhaal dochs?’ Dan sis ik dat ik dêr gjin ynfloed op haw. Dat fyn ik leuk, ek dat de bern der noch even oer neitinke. Op In nije heit wie ek wat krityk, omdat de lêzer net wit wat der oan ’e ein mei de haadpersoan Gerke bart. Rint it goed ôf, of krekt net? Minsken freegje oft der noch in ferfolch komt, mar dat fyn ik net nedich. Ik haw lykwols noch wol genôch ideeën om noch ‘s in ferfolch op Tido te skriuwen, mar dan hjit de haadpersoan net mear Tido.’
Wurdt by dy op skoalle noch in protte oan it Frysk dien?
‘As ik earlik bin fyn ik dat dat net folle is. Op myn foarige skoalle wol, dêr sieten we yn it proses fan de twatalige skoalle. Mar yn de hoeke dêr’t ik no wurkje libbet it op in oare manier. It Frysk is dêr net sa cool. Ik fyn dat de learkrêften dy’t it oerbringe moatte it ek net allegear mear yn ’e fingers ha, en dat sjoch ik as in gemis. Wy binne as Friezen meastentiids wol grutsk op ús eigen, mar we ha der neat foar oer en as it der op oan komt dan fine we it dochs net sa belangryk. As ik op skoalle entûsjast oer in boek fertel dan kin ik bern der wol yn meinimme, oft it no in Nederlânsk of in Frysk boek is. De ôfrûne jierren is troch de ynspeksje foaral ynset op opbringsten fan it learen: taal, rekkenjen en it lêzen, en dêr mis ik ek it omtinken foar it Frysk.’
Foardatsto mei it skriuwen begûnst wiesto muzikaal aktyf yn salonorkest Plumeau en as drummer fan de Frysktalige groep Jarje. Letter waard dat de Koudumer band Cajun Beano. Hoe giet it mei dyn muzikale karriêre?
‘Salonorkest Plumeau bestiet net mear. Wy ha fjirtjin jier mei-inoar spile en dat wie echt leuk. Dêr siet ús heit ek by. In bytsje raar sein, mar ik tink dat Plumeau no hast útstoarn is. Der binne noch twa fan yn libben, de fioelist Siep de Groot en ik. De band Jarje spile Frysktalige rock. Dêrmei ha we ek jierrenlang spile, yn feesttinten ensfh., oeral yn Fryslân. Cajun Beano wie in ferfolch dêrop, ik tink dat it hast tweintich jier lyn is dat we dêrmei begûn binne. Us akkordeonist Johan Bloem wie in bytsje de gongmakker fan de band, mar hy is in pear jier lyn spitigernôch ferstoarn. Doe hat de band even in skoft op in sêft pitsje stien, mar we binne no wer dwaande. We ha altyd wol trochspile mar net sa fanatyk as earder en dat moat eins wol wer, want dat is hartstikke moai. We trede oeral op, fan brulloft oant feesttinte, kinst it sa gek net betinke of wy ha der wol in kear spile. We hawwe ek Frysktalige teksten, bygelyks it nûmer ‘Abe’, dat nûmer is geregeld op de radio te hearren. We stean sels op Spotify!’
Klik hjir foar YouTube-filmkes fan Cajun Beano.
Yn in fraachpetear yn de Ljouwerter Krante yn 2010 hasto sein datst net ferlike wurde wolst mei dyn âlden en dat dat it skriuwen by dy just ôfremme hat. Wat kinst dêroer sizze?
‘Dêr stean ik noch hieltyd achter. Ik ha doe sein: ik bin gjin skriuwer, ik meitsje ferhaaltjes. Us heit en mem wiene skriuwers dy’t ik hiel heech ha en ik wol my dêr net oan mjitte. As ús heit en mem noch libbe hiene dan wie ik noait oan it skriuwen gong. Yn it begjin woe ik leaver ûnder pseudonym skriuwe, omdat de namme al bekend wie. It is allegear oars rûn en dat hinderet ek neat hear. As ik sjoch hoe’t guon romans fan ús heit yninoar stekke kwa opbou en styl, dat kin ik net.’
Is it net sa datst dingen herkenst ast de boeken fan dyn âlden lêst? De skriuwstyl, bepaalde grapkes, ensfh.?
‘Ik tink dat ik mear de skriuwstyl fan ús mem ha as fan ús heit. It wurk fan ús mem is wat lestich te kwalifisearjen kwa literatuer, mar ik tink dat ús heit wol oan de top siet. In protte minsken dy’t wol Frysk lêze wolle kenne de boeken fan ús heit net, mar de boeken fan ús mem wol. Dy binne tagonkliker en lêsberder. De boeken fan ús heit moatst betiden wol de kop by ha. Ik lês in protte foar, foar groepen bern en ek foar folwoeksenen, dan fernim ik dat bygelyks de ferhalen fan Tido hiel goed binnenkomme by minsken. Ast foarlêst oan bern en it binne allegear komplekse en gearstalde sinnen, dan fernim ik dat se ôfheakje. Mei in ferhaal wolst wat fertelle en wat dúdlik meitsje en as dat sa direkt mooglik is dan fyn ik it it leukste. Te koarte sinnen brûke is ek net goed. Soms doch ik dat wol. Yn de manier wêrop’t ik no oan it skriuwen bin besykje ik dat wat op te rekken. Seker yn groep 7, 8 kinne se wol wat mear oan. Yn de boeken fan myn âlden herken ik fansels wol dingen, fan situaasjes yn it gesin ensfh.’
Foaryn it boek In nije heit stiet ‘Foar Marthys’. Wa is Marthys?
‘Marthys is myn soan. Hy hat yn augustus syn jierdei en wurdt dan 25. Hy wennet by syn mem. Ik ha ek twa dochters fan 33 en 29 en ik bin al pake! Nije wike wurdt myn pakesizzer Juleine twa, in prachtich famke.’
Wêr bist op it momint noch mear mei dwaande?
‘Ik bin In nije heit oan it oersetten yn it Nederlânsk. It opfallende dêroan fyn ik dat ik foar it Nederlânsk mear wurden nedich ha as foar it Frysk. Dus it is net allinnich mar it omsetten yn in oare taal, mar de konstruksje en de styl moatte ek oars. Dit boek is dochs skreaun op de Fryske situaasje, dat sil ik ek in bytsje oanpasse. Ik besykje it boek hjir en dêr te herskriuwen, wêr’t ik dat nedich fyn. En dan sjoch ik soms ek dat dingen dy’t foar my yn it Frysk humoristysk oerkomme, yn it Nederlânsk dat net binne, en oarsom. It moat fansels sa wêze dat it ferhaal ien dy’t it yn it Nederlânsk lêst ek pakt.’
Wat fynst fan it besprek fan In nije heit dat Jelma Knol yn april dit jier foar Ensafh skreaun hat?
‘Ik tink net dat In nije heit in probleemboek is, sa’t Jelma Knol seit. It boek is bedoeld foar bern fan de boppebou fan alve, tolve jier. Foar bern fan tsien jier is it tema net sa geskikt, tink ik. Jelma seit dat it boek slim swiersettich is en gjin jongesboek mar in psychologyske roman. It jonkje Gerke is wol in tinker. Ast dat psychologysk neame wolst fyn ik it prima, mar ik sjoch dat net as in negative kwalifikaasje. Der binne ek in hiele protte boeken en boekjes dy’t nergens oer gean. Ik fyn it moaier as der noch in laach yn sit. Gerke hat autistyske trekjes, dat makket it karakter sterker, fyn ik. Hy hâldt bygelyks in plakboek by, dat moat allegear presys sa en net oars, der meie gjin tearen yn sitte. Mar hy slacht ek allegear gegevens oer auto’s op, wit der alles fan. It is net in gewoane ynteresse, mar mear in besetenheid dat er dingen witte wol. Ik fyn it net in swiersettich boek. It is gjin fantasy, by my moat in ferhaal sa wêze dat it echt barre kin, oars fyn ik it net sa leuk. Ik hâld ek hielendal net fan science fiction. In bern moat him yn it ferhaal weromkenne kinne en moat ek tinke fan: dat soe my ek barre kinne. Miskien sit yn dit boek yndie wol wat minder humor as yn Tido Houtsma en miskien wol wat te min, mar it moat ek by it ferhaal passe. Ik bin gek op humor, mar ik smyt it der net yn omdat it leuk wêze moat. Ik wol in moai ferhaal meitsje en ik tink dat hjir wol mominten yn sitte dy’t ûntroere, bygelyks it momint dat Gerke mei syn mem op ’e bank leit. It is it moaist ast in kombinaasje hast fan humor en oandwaanlikheid. En ik bin gjin Astrid Lindgren en gjin Annie M.G. Schmidt en ek gjin Sjoerd Kuyper. Nee, dat hoech ik ek net te wêzen.’
Welke boeken meist sels graach lêze?
‘Wat ik op it momint hiel moai fyn is it wurk fan Dimitri Verhulst. Ik fyn dat hy sa fantastysk skriuwt. Godverdomse dagen op een godverdomse bol, de titel is wat hurd, mar dat fyn ik in prachtich boek. Dy styl fan him fyn ik moai, it pakt dy. En it boek De laatkomer oer dy man dy’t alzheimer krijt fyn ik ek geweldich, it hat humor en ferskillende lagen. De helaasheid der dingen is hiel bekend, dêr is ek in film fan makke.’
Skriuwsto ek ferhalen foar folwoeksenen?
‘Dêr haw ik noch neat fan publisearre, mar der binne wol in pear ferhalen. It is myn bedoeling eins wol om dêr ris wat mei te dwaan. It moat in bondeltsje wurde fan in stik as fiif ferhalen. Ik ha no trije ferhalen klear en ien yn ’e holle, mar ik moat der tiid foar ha. Folwoeksenen fine In nije heit wol hiel aardich om te lêzen, mar it is in berneboek. Wêr’t de grins leit tusken in berneboek en in boek foar folwoeksenen is hiel dreech om oan te jaan. Der binne genôch tema’s dy’t foar beiden lêsber en nijsgjirrich binne, lykas peste en stelle. Allinnich sil de styl oars wêze.’
Skriuwst ek gedichten?
‘Foar it lesmateriaal fan Studio F haw ik wol wat gedichten skreaun. Oer it algemien skriuw ik dan humoristyske gedichten. Ik ha fan alles wat lizzen. Miskien meitsje ik dêr yn de takomst noch ‘s in bondeltsje fan, ‘Thys rommet op’ of sa. Miskien bart dat ek wol net hear, ik wit it net. Gedichten skriuwe fyn ik wol hiel leuk om te dwaan. Ik ha in protte aardichheid oan taal en fyn it moai om dêr mei dwaande te wêzen.’
Nijsgjirrich fraachpetear!