Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2e haadstik

logo.ensafh
dêryn wurde desiderius en syn nije maten reemakke om de takomstige helden fan europa en azië te wêzen, al tinke de europeanen en de aziaten der faaks oars oer. hoe’t it yntellektuelen fergiet. petearen oer de filosoof kalashnikov en it wapen fan cicero. wa binne de reuzen od en pod?

Nei it healoere mindere it fleantúch faasje. Sa gau al te plak, tocht Desiderius en hy stie fersteld fan ‘e foarútgong dy’t de minske yn it algemien en it Ministearje fan Definsje yn it bysûnder boekt hie op it mêd fan transport. Wêr soene se delkomme? Darfur, Irak, Colombia? Hy digere ta it rút út. Se fleagen krekt oer in hege toer hinne dy’t fan bope read ferljochte wie as beaken en warskôging. Dat der gjin fleantugen tsjin syn hege hearlikheid oandompe soene. Doe begûn de sersjant te sprekken.

“Wy binne no hast oankommen op it militêre fleanfjild fan Ljouwert. Dêr sille jim klearstoomd wurde foar jim spesjale taak. Wês grutsk op jim nije funksje, Euro-kommando’s!”

It liket wol in B-film út Hollywood, tocht Desiderius. It fleantúchje sette him del en de mannen stapten út. De sersjant rûn foarop en fierde har mei nei in pear skeamele barakken oan de râne fan it fjild.

“Der moat ek wjudde wurde”, sei de man dy’t foar Desiderius út rûn, in âldere jonge man mei in yntellektueel oansjen.

“Ja, dat kinsto moai dwaan, moarn nei de eksersysje, as ik mei jim klear bin en dyn maten in oerke frij ha”, balte de sersjant.

De yntellektueel swij fierder stil, en Desiderius hope dat hy net wer troch him oansprutsen waard. Aansen waard hy ek yn de oar syn subversive aktiviteiten behelle. Elkenien moast ommers foar de misje wêze, likernôch wêre op de wrâld dy misje him ek ôfspylje soe. Fan ‘e oare kant brochten 4 marechaussee’s 2 tsjinakseljende mannen yn wite kleden mei. Se hiene swarte burden en sprutsen in taal dy’t Desiderius Eastersk yn ‘e earen klonk. De earms wiene har mei hânboeien op ‘e rêch fêstmakke. Se protestearren frijwat, mar de wachten laken inkeld en it wie te ferstean dat se it oer ien of oare Bay hiene dêr’t de mannen hinne moasten. Earne yn Spanje of sa. In plak dat klonk as in flok en begûn mei in G, mar it soe de G-spot wol net wêze, tocht Desiderius, al soene de burdmannen dêr wol kidele wurde. Desiderius frege him ek ôft de yntellektueel him de mûle wer opdwaan soe, mar dy hold him stil. It is net dreech foar sersjants en ministers en meitsje yntellektuelen stil, want dat folkje leart fluch en kriget al gau Respekt foar wurden fan Hege Autoriteit, itjinge begeunstiget dat beskate beslissingen yn parleminten en oare gearkomsteplakken makliker mei algemiene stimmen, sanet ynstimming, nommen wurde. Sjit in keunstner dea en in minister ropt troch it skot hinne dat je net alles sizze kinne. In wize minister, tocht Desiderius mei ynstimming, want Desiderius sei amper wat er tocht, hy sei wat nedich wie om in sitewaasaje te manipulearjen.
 

Yn ‘e barakken krige elk fan ‘e tolve mannen in kast en in bêd tawiisd. Dêrby trof Desiderius it want him waard it boppeste bêd fan in steapelbêd tawiisd. Hy wie altyd al graach on top of the world.

“Jim krije 4 oeren om te sliepen, dêrnei begjinne wy mei jim oplieding.”

Mei dat wurd ferliet de sersjant de barakken.

“Gjin goenachttútsje?”, frege ien fan de mannen, mar doe hie de sersjant de barak al ferlitten.

Desiderius stelde him foar oan de man dy’t ûnder him sliepe soe. Dat wie in Surinamer mei namme Jan Graanschuur.

– Ik noem jou Desi man, dat klinkt vertrouder. Ik ben Jan Graanschuur.

De mannen diene de klean út en lutsen in legerûnderguod oan. Militêren sliepe altyd yn har ûnderguod, net yn pijama’s, dan kinne se har fuort oanklaaie as der alaarm is. Se praten wat. Graanschuur frege Desi wêrfoar as hy bytekene hie by de Eurokommando’s. Desi fertelde yn it koart fan syn karjêre as Kening fan de Junks, mei as sterk stik it ferhaal fan ‘e oandielen yn leafdiedichheid. Goed idee, fûn Graanschuur, en begûn doe mei smaak te fertellen fan hoe’t er in bliksemkarjêre makke hie as allochtoan yn in promininte Amsterdamske party. Dêrnêst wie er boekhâlder foar ferskate Surinaamske stiftingen dy’t it nedige oan subsydzjesinten fan ‘e gemeente opstrutsen. Op it lêst hie er fanwege belangeferstringeling ôftrede moatten, mar doe wiene der ek oanklachten kommen fan rankuneuze minsken dy’t fûnen dat der fan korrupsje sprake wie. Hawar, doe’t in gerjochtlik ûndersyk drige dat op straf útrinne soe, krige er in oanbod fan in man yn in reinjas dêr’t er gjin nee op sizze koe. Desiderius frege hoe’t dy man derút seach. It hie in koart mantsje west. En hy hjitte Kees. Desiderius fertelde dat sines ek Kees hjitten hie. Wêrop Graanschuur de saak gearfette mei:

– Ze heten allemaal Kees.

In goeie âlde fertroude Hollânske namme, tocht Desiderius. Doe’t elkenien teplak lei die ien fan ‘e tolve helden it ljocht út. Desiderius koe de sliep net fetsje. Syn wrâldbyld wie doch wat skokt troch de barrens fan dizze nacht. Fan in flechtling sûnder guod of jild wie er no ynienen in man mei in baan wurden. Hy wie yn in nije karjêre en in nije wrâld telâne kommen. Skokt wie er dat dit allegear bestean koe, as in ferburgen ûnderdiel fan de al-den-deiske wrâld fan gewoane minsken, dy’t de krante liezen, har bern nei skoalle brochten, skande sprutsen fan ‘e hege benzinepriis en har drok makken oer it túch tusken de tegels. Of moasten je it earder sjen as in pear stapstiennen yn ‘e jungle?
 

It wie likernôch in oere as njoggen doe’t de sersjant de barak yn batste.

– Derôf potfertarders. Jim kostje de steat allegear jild dat opbrocht is troch respektabele hurdwurkjende boargers. Derôf!
Mei in lyts strafstokje swypke er hjir en dêr op in bêd, sûnder folle skea oan te dwaan want de mannen leine ûnder grize legertekkens. Skerp as in man sûnder jild fleach Desiderius fan it bêd en luts him gau it kaki leger-unifoarm oan. Opfallend wie dat nearne op syn klean kentekenen te sjen wiene. Neat gjin nasjonalistysk flachfertoan, sy wiene wiere wrâldboargers! Gjin minske koe oan har klean sjen wêr’t se wei kamen. Wiene by de ûnderhanlings oer de nije Europeeske grûnwet dan net inkeld it folksliet mar ek de flaggen komme te ferfallen?

[wurdt hjir fuortset]

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *