
Der is neat fan te sjen op ‘e foto dat it hiele terras in pear oeren lyn (oant in oere as fiif) noch fol siet mei minsken. Gau-eftich hawwe myn saneamde Warmshower-host en ik de boel oprêden. It wie juster nammentlik Midsimmernacht, oftewol Juhannus, wat yn Finlân in like grut feest is as kryst. Ik mocht dat meimeitsje by in Australiër dy’t al sân jier yn Helsinki wennet en in nustje freonen en kollega’s útnûge hie.
Dat my noch it measte docht as dat it in hartstikkene moai feestje wie – mei in soad iten, bier, fjoer, gesellichheid en muzyk – is dat ik it ûnderfine koe mei minsken dy’t ik alhiel net kin. Mei in soad muoite – om’t in soad minsken mei Juhannus fuort binne – haw ik in gasthear fine kinnen. Ik wie earjuster noch net oankommen of wy gienen hurd op wei nei de sauna dêr’tst ek swimme koest. Hy joech my tips foar myn dei yn Helsinki en ik mocht úteinlik noch in nacht bliuwe wat net ôfpraten wie, sadat ik no dit stikje oan syn keukentafel skriuwe kin.
Adam, de gasthear, is sels nei syn wurk. Hy betrout syn hiele hûs ta oan my, ik moat perfoarst dwaan as wie ik thús. It is prachtich hoe’tst altiten fertroud wurdst troch minsken dy’tst noch mar krekt kinst. It is net de earste kear dat ik it sa meimeitsje. De foarbylden binne nei twa moannen fuort te wêzen al hast einleas. Dat der safolle ellinde is op ‘e wrâld jout neat ôf oan it feit dat 99% fan ‘e minsken in gouden hert hawwe. Ik bin hiel wiis dat ik dat op dizze reis belibje mei.
Ik ferwachtsje fan ‘e Baltyske lannen dêr’t ik moarn hinne sil (fearboat fan Helsinki nei Tallinn, Estlân) net oars. Wat sis ik? Ik bin der fan oertsjûge dat ik soks oant ik wer werom bin ûnderfine sil.
http://www.coop-africa.org/nl NL68 SNSB 0906146356 t.n.v. Cycling out of Poverty.