
De ôfrûne dagen wie de Malteeske dichteres Rita Saliba yn Fryslân foar it projekt Poetic Potatoes, in projekt organisearre troch de Bildtse Aardappelweken yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Se waard beselskippe troch Leanne Ellul, fan it Malteeske literêre tydskrift Inizjamed, en immen fan Valletta 2018, de stêd dy’t tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd wêze sil yn 2018.
Ik haw Rita yn jannewaris troffen op Malta, doe’t ik dêr mei Hein Jaap Hilarides wie yn it ramt fan itselde projekt. It wie bysûnder aardich om inoar no yn Fryslân wer te sjen. Woansdeis beseagen se de sit fan ’e KH2018-organisaasje, de Blokhúspoarte. Tongersdeis die Rita mei Hein Jaap in workshop yn St Anne mei groep 8 skoalbern. Middeis fearen wy út Aldsyl wei troch It Bilt. It wie spitich dat it reinde, mar de ierappels stiene der prachtich by.

Leanne Ellul (links) en Rita Saliba op ’e pream fan ’t Grauwe Paard
Tongersdeitejûns wie der in dichtersjûn yn Tresoar, mei foardrachten fan Rita. Dêrneist treden ek Sanne Maj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Hein Jaap Hilarides op, Fryske dichters fan wa’t yn 2014 en 2015 fersen mei de Fryske setters oerstjoerd binne nei Malta yn it ramt fan Poetic Potatoes. By dy fersen binne boppedat filmkes makke dy’t ek fertoand waarden. It bliuwt in aparte kombinaasje, de ierappels en de poëzy. Hoewol, sa’t Rita, dy’t in pake hie dy’t ierappelboer wie, sei: ‘It is part of you.’ En krekt dêrtroch kin der nijsgjirrige poëzy oer ûntstean miskien.
De jûn waard iepene en sletten troch Froukje de Jong en oaninoar praat troch Loet Hin, beide fan it bestjoer fan de Stichting Bildtse Aardappelweken. Leanne Ellul hold noch in ferhaal oer hoe’t se harren op Malta tariede op 2018. Sy sit ek yn ’e organisaasje fan in jierliks poëzyfestival yn Valletta.

Rita Saliba lêst foar
Nei ôfrin fan ’e dichtersjûn stie ik te wachtsjen, omdat it reinde, by de Afûk ûnderdak. Ik mimere wat nei oer de middei en de jûn en sa foel my it each op ’e tekst dy’t dêr yn it rút stiet, fan ’e dichter J.C.P. Salverda (1783-1836):
‘Ja, Frieslâns teal iz ’t djoer tresoar / Waems schatten, mey ondoafbre gloar; / Europa’s wijze ijnne eagen blierje’.
Sa is it mar krekt, tocht ik, en foar it Malteesk jildt fansels itselde. En al kinne wy net oars en kommunisearje yn in grutte taal, it Ingelsk – it wie ek nochris de dei foar de Brexit, mar Malta is al sûnt 1964 ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje en sûnt 2004 sels lid fan ’e EU) – we begripe inoar yn it belibjen fan ’e lytse taal. No sa!
Freeds wie der gelegenheid foar in ynterview fan Rita en Leanne mei Ensafh-ynterviewster Hedwig Terpstra. Dat ynterview sil meikoarten op www.ensafh.nl ferskine. Dêrneist sil Marc Kooij ek foar www.ensafh.nl in filmke meitsje fan opnamen dy’t er de tongersdeitejûns makke fan Rita har optreden en fan ’e freedtemoarn.

F.l.n.r.: Rita Saliba, Leanne Ellul, Hedwig Terpstra en Marc Kooij om ’e tafel by Post Plaza
De freedtemiddeis beseagen se noch de Fryske Akademy en de Afûk. Doe’t se wer op ’e trein nei Eindhoven moasten, bruts einlings de sinne troch. Spitich dat se Ljouwert net yn ’e sinne sjoen hawwe. Oan ’e oare kant, rein is foar harren frij bysûnder. Sinne hawwe se op Malta by de roes.
Hâld ús webside yn ’e gaten foar it ynterview en it filmke!