
Yn in simmer dy’t útinoar knalt fan de sporteveneminten is it no tiid foar ien fan de hichtepunten dêrfan: de Tour de France. In koers fan mytyske proporsjes, dy’t sels de ferbylding fan net-leafhawwers prikelet.
Ik hâld derfan. En tagelyk ek wer net. Want eins is de Tour te grut, te ûnbidich, is it in meunster dat alles en elkenien opfret. De Tour betsjut hektyk en gaos. Hoewol’t falpartijen by it hurdfytsen hearre lykas Douwe by Bob, bart it nergens sa faak en sa massaal as yn de Tour. Yn fan de redenen dêrfoar is de mentaliteit fan de jongere koereurs. Sizze de âldere koereurs, teminsten. Se warskôgje net foar gefaarlike plakken, jouwe gjin sinjalen mear sa’t dat froeger de gewoante wie. De wize fan hoe’t men mei-inoar omgiet yn it peloton is feroare troch de jierren hinne.
Lês fierder by Omrop Fryslân