Blog Wobbe Atsma: machtich

logo.ensafh

It wie gelokkich wer ris knap waar, dat ik gong even in slach om. Licht op ‘e doele rekke ik fersile yn it doarp hjir deun by. Doarpen ha wat fertrouds, dat bliuwt lûken. Ast troch de buorren fytst wurdst geregeld groete. Dat jout dy it gefoel datst de ynwenners al jierren kenst. It seit him fansels dat ik der faker kom. It is in tierich plak. Se ha noch in waarme bakker en de supermerk mei in sliterij hat oanrin genôch. Yn ‘e winkel praat it personiel Frysk en oars ferstean se dy wol. Kom dêr yn de healwoeksen stêd, dêr’t iksels wenje, mar ris om.

Lês fierder by Wobbe Atsma

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *