Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Poalen

logo.ensafh

Yn Bialystok haw ik besletten om net dwersoer te stekken oer Warschau en Poznań nei de Dútske grins en dan oer Berlyn fierder it westen yn. Nei Vilnius yn Litouwen hie ik behoarlik tabak fan ‘e grutte stêden. Myn gasthear yn Białystok hie it der ek oer dat noardlik Poalen kwa fytsen en kwa omjouwing folle moaier is as de omkriten fan Warschau.

SSA43426

Dat is yndied wier, want ik haw der in pear hartstikkene moaie fytsdagen opsitten. En ik bin bliid dat ik lytsere plakjes as Elbląg, Morąg en Pasłęk oandien haw en net de grutte stêden. Elbląg wie foar my fuortdaliks ek de lêste stêd dêr’t ik efkes omsjoen haw. Dat ik bin troch de stedspoarte útfytst en sil no wier it westen yn sûnder omwegen. No’t ik it beslút nommen haw om wer werom te gean en by wize fan sprekken Nederlân hast rûke kin, wol ik ek wol wer dy kant op.

http://www.coop-africa.org/nl NL68 SNSB 0906146356 t.n.v. Cycling out of Poverty.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *