Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Dútslân

logo.ensafh

De earste stêd dy’t ik oandie nei’t ik sa’n fjouwer moanne lyn ôfstutsen bin út Ljouwert wei wie de stêd Leer. No op it paad werom haw ik dy stêd wer oandien. Ditkear koe ik yn it appartemint fan in maat ferbliuwe. By it ferlitten fan ‘e stêd de oare deis kaam de grins fan Nederlân wol hiel tichtby.

SSA43452

Doe giene de tinzen dochs út nei wat ik dêr ûndernimme sil. Der moat wer in ûnderkommen socht wurde, faaks in baantsje, my wer offisjeel ynskriuwe litte, fersekeringeboel regelje. Mei oare wurden de boargerlike beslommeringen komme wer op my ta dêr’t ik oars sa graach ôf wêze wollen hie. En dat yn in lân dêr’t ik wol sa’n bytsje útsjoen wie. Men soe suver gau in oare kant opfytse, as it net wie dat ik gjin bettere reden fine koe om werom te gean…

http://www.coop-africa.org/nl NL68 SNSB 0906146356 t.n.v. Cycling out of Poverty.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *