Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Nederlân/Fryslân

logo.ensafh

Ik skreau in pear dagen lyn dat it wennen wêze moatte soe om wer te ‘aardzjen’ yn it gewoane bestean. Doe’t ik de grins fan Dútslân-Nederlân oerstiek, beneare it my suver dat ik wer yn it lân wie dêr’t ik suver wat it mier oan haw. Tefolle lju op ien fjouwerkante meter, tefolle benyptens, tefolle regeltsjes.

SSA43457
Mar by it neier kommen fan ‘e stêd Grins foel dat mear en mear fan my ôf. It is in stêd dy’t ik dochs leaver lije mei as Ljouwert – al sil ik grif dêr just wer wenplak sykje. It is dêr wêr’t ik wer myn faam treffe sil, en hja is by eintsjebeslút de reden fan myn weromkommen. En no’t ik fan ‘t wykein yn Damwâld bin om alles te wierjen en te himmeljen foar in nij aventoer en sadwaande wer de smûkens fan ‘e famylje opsocht haw, is it faaks allegearre sa slim net. Faaks is der in moaie middenwei te finen yn it wat mear frije libben en de bûnens fan ûnderkommen en baantsje. Yn alle gefallen in nij aventoer op nije wegen, mar no sûnder de fyts.

http://www.coop-africa.org/nl NL68 SNSB 0906146356 t.n.v. Cycling out of Poverty.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *