
De middeis hie de rungholter slúswachter mei in pear buorlju by de nije slús stien. Tusken Niedam en ’t Everskôper bûtlân by Ivenfleth dûnse it wetter fan ’e Hever, net sa mâle breed nei Utholm en Everskôp ta, mar it hiele bûtlân lei al ûnder wetter. Nei’t de ebbe komd wie, wie der mar och sa’n bytsje wetter fuortrûn en it skip út West-Fryslân, dat de oare deis mei stiennen oankomd wie, skuorde wyld oan de touwen.
Lês fierder by it Y-skrift fan Skanomodu