André Looijenga

Masedoanyske útliedings

logo.ensafh

In boek útjûn krije yn Masedoanië liket net dreger te wêzen as by ús. It koe wolris makliker wêze as yn Fryslân in Frysk boek publisearje. Yn alle gefallen: op ’e weromreis út Masedoanië hie ik in hiele koffer ekstra rombagaazje mei. Kilo’s Masedoanyske boeken, as sûvenirs, kurioasa, kado’s en klassikers.

Myn goekunde út de eardere Joegoslavyske republyk is fansels net hielendal in trochsneed fan de befolking. Hast allegear ha se oait wolris in dichtbondel útbrocht. Dochs wol ik op grûn fan dy net-represintative stekproef feilich oannimme dat de dichtbondelproduksje yn it Masedoanysk stikken heger leit as yn it Frysk. En se begjinne der ek betider mei. ‘Myn earste bondel hie ik op myn santjinde,’ sei in maat fan my dy’t op it stuit oan syn twadde roman wurket. Hy is net in útsûndering.

‘Hoefolle boeken hasto?’, ‘Kolku knigi imaš?’, waard my gauris frege. No haw ik njonkenlytsen in pear tûzen boeken yn ’e hûs, mar dêr gie it harren net om. Dat myn antwurd ‘nul’ wie, seit mear oer it grutte ferskil tusken de Fryske en de Masedoanyske boekewrâld as oer myn eigen lette ropping.

Doe’t ik de earste wiken fan myn ferbliuw hieltyd yn Bitola siet, like it mear as dramatysk min mei it Masedoanyske boek. De iennige echte boekhannel – yn de twadde stêd fan it lân! – is in jier as wat lyn op ’e fles gien. Op dat stee sit no de seisenfjirtichste hoareka-gelegenheid fan de haadstrjitte. Der is noch in hantsjefol kantoarboekhannels en sigaresaken mei wat lêsboeken yn it assortimint. Meast oersette thrillers en damesromans. Der binne twa kreamkes dy’t wurdboeken, itensiedersboeken en boeken oer komplotteoryen oanbiede. Ik haw dêr mar net de Masedoanyske oersetting fan ’e Protokollen fan de âlderlingen fan Sion kocht, noch ien fan de fergieljende traktaten tsjin ‘outrageous Hellenic lies’ oanskaft.

Yn de haadstêd is wat dat oangiet mear te rêden. Deeglike boekwinkels, in stik as wat tawijde literêre útjouwers, en in Súd-Europeesk akademysk fermidden. Yn Skopje bestiet der soks as in libbene Masedoanyske literatuer.

Ien fan de redenen dat myn koffer fol rekke, binne de klantfreonlike boekeprizen. In nij boek kostet omrekkene meast mar trije euro. It Masedoanyske regear bestiet út kriminelen, mar kultuersubsydzjes ha se net ôfskaft – dat sokke lege prizen kinne blykber út. Mar de auteurs hâlde ek gjin sint oer oan har skriuwerij, fansels.

It formaat fan nije Masedoanyske boeken is ek freonlik – foar de boekekast. It binne meastentiids gjin tsjokke bakstiennen fan boeken. In hjoeddeiske roman hoecht ek net perfoarst mear as 100 siden te hawwen. En eins fyn ik it wol earlik sa as se it dêr dogge. Wol wat oars as de útjouwerijen yn Amsterdam dy’t je foar bedraggen as €39,95 har mânske moadieuze nije titels doarre oan te smarren – boekeprizen dy’t se yn Masedoanië net leauwe kinne, mar dêr’t ommers grachtepanden fan ûnderholden wurde moatte en dy’t útkinne omdat yn Nederlân de pinsjonearre babyboomers soks wol betelje wolle.

Ik haw it no mar net oer de Fryske útjouwerijen.

Noch wat oars dat oars is yn Masedoanyske boeken: útliedings. Dêr fernuvere ik my oer doe’t ik se ûntduts. It binne teksten oer it boek, skreaun troch in oar as de auteur. Je fine se yn hast alle dichtbondels en ek wol efteryn romans. It is as is der alfêst in resinsje skreaun, en dat besprek meiprinte is mei it boek. Ik frege dernei hoe’t soks siet, en it fernuvere harren bot dat by ús net sokke koarte essays efteryn de bondels steane: ‘Hoe witte je dan oft it goede poëzij is?’

Resinsjes fan poëzij yn kranten of yn tydskriften binne yn Masedoanië skynber net gebrûklik. Ynstee sikest in ‘promotor’ dy’t moaie skôgjende wurden oan it literêre wurk wije wol. Ien dy’t mei autoriteit it wurk op wearde skatte en oanpriizgje kin. Ik haw hjir in pear fan myn Masedoanyske boeken by my te lizzen, allegear út 2015, en besjoch de útliedings dêryn.

Petar Andonovski (*1987) syn priiswinnende koarte roman Teloto vo koe treba da se živee (‘It lichem dêr’tst yn libje moatst’) hat as útlieding in essay fan seis siden mei as titel ‘It lichem en de macht’. It is skreaun troch Maja Bojadžievska, heechlearaar ferlykjende letterkunde. In oare befreone generaasjegenoat, Slavica Gadžova Sviderska (*1984), hat as útlieding fan har dichtbondel Politiki na ljubovta (‘Politiken fan de leafde’) trije siden skôging troch in oare professor fan de filologyske fakulteit, Slavica Srbinovska. De promoasje fan jonge auteurs komt yn dizze gefallen ticht yn ’e buert fan ‘promoasje’ yn de akademyske betsjutting fan it wurd. De professoaren drage sa iepenlik by oan de literêre karriêre fan har âld-studinten. De stikken binne saaklik skreaun, de auteurs wurde by de efternamme neamd: it is kreas klinkende literêre krityk mei útsoarte in posityf oardiel.

20160804_205115

Ek wat âldere auteurs út Bitola jouwe har wurk út mei útliedings. Oan ’e ein fan de histoaryske roman Trite smrtni presudi na Pavel Šatev (‘De trije deafûnisen fan P.Š.’) fan Dobre J. Todorovski (*1960) stiet in stik fan fiifenheale side troch syn âldere kollega-skriuwer Radovan P. Cvetkovski (*1931). Dobre hat in frij lange bibliografy en ik haw fan him in eksimplaar fan de twadde printinge krigen, mar in útliedend essay heart der ek dan by. In oare literêre Bitolster, Sašo Ognenovski (*1964), hat my ûnder oare twa fan syn dichtbondels kado dien (yn it kolofon stiet earlik de beskieden oplage neamd: 50 stiks). Yn de nijste, Pustinski cvet (‘Woastynblom’), hat er twa útliedinkjes, de iene troch skriuwer en útjouwer Hristo Petreski en de oare (wer) troch Radovan P. Cvetkovski. Ik krij de yndruk dat de promoasje dien wurdt troch goekunde fan de skriuwers, mar dochs binne it formeel sjoen (kompliminteuze) resinsjes of sinjaleminten.

Yn it Frysk, lit stean it Nederlânsk, ha wy soks eins noait. My heucht inkeld Goffe Jensma syn foaropwurd by Cornelis van der Wal syn novelle Kening Kees (2008). De Masedoanyske praktyk hat faaks te krijen mei de oanbefellingsbrieven fan literêre saakkundigen dy’t dêr as betingst nedich binne by subsydzje-oanfragen. Likegoed sjoch ik de foardielen wol fan de gewoante om útliedings by nije boeken skriuwe te litten.

In boek is mear as allinnich in tekst yn in omkaft. In boek rêdt him net sûnder help fan oaren. In boek dêr’t troch oaren net oer skreaun wurdt, is in boek dat net bestiet. – Mar it keallet swier mei resinsjes. Ultrakoarte stikjes fan 200 wurden yn in regionale krante. In stik yn in literêr tydskrift nei in jier of langer, mei omdat it sa dreech is om in gaadlike resinsint foar poëzij te finen. Der binne wol lju dy’t wat bestekliks oer ien syn bondel skriuwe kinne, mar dy sitte bygelyks by de dichter yn de redaksje fan it tydskrift dêr’t it besprek yn moat…

De regel dat redaksjegenoaten net inoarrens wurk besprekke meie, de idee dat in resinsje net skreaun wurde kin troch ien dy’t goed mei dy befreone is…: dêr moatte wy mar ris fan ôf. Lit de lêzer sels mar oardielje oft se de besprekker leauwe wolle, ynstee dat lykas no de oardielen fan saakkundige lêzers ferburgen bliuwe. Bondel nei bondel fan ien fan ús grutste dichters, Jacobus Q. Smink, ha wy yn Ensafh net besprutsen bygelyks.

Ik bin sels ek dwaande mei it tarieden fan in dichtbondel. Ik soe dêr ek wol sa’n moaie promootsjende útlieding yn wolle, lykas myn Masedoanyske freonen Petar en Slavica yn harren boeken hawwe. Se litte sjen dat it nije wurk literêre kwaliteit hat (yn de Masedoanyske kontekst noch wat rillevanter: yn dy taal komt in protte ûnfoldroegen en amateuristyske dridze út). Se nimme alfêst in bytsje in foarstap op de ûntfangst fan it wurk. En it meitsjen fan nije literatuer is net sa mar hobby-nifeljen. It is wat útsûnderliks en it fertsjinnet komplimintsjes (lykas moaie boekpresintaasjes, positive besprekken, Skriuwersarken, literêre prizen) as oantrún en tsjin de mentale nederklits. Fan it oerlibjen yn nederklits kinne je fan Masedoaniërs noch wol wat leare.

1 reaksjes op “Masedoanyske útliedings

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *