Edwin de Groot

DVD fan Tsjêbbe Hettinga ‘Het licht van de zee’

logo.ensafh

Healwei dit jier is yn it ramt fan Tsjêbbe Hettinga’s reis nei Colombia en syn optredens dêre de DVD Het Licht van de Zee ferskynd mei tagelyk ek in Spaansktalige ferzy, La Luz del Mar, dy´t yn it foarste plak ornearre is foar de Latynsk-Amerikaanske merke. Hettinga wie in Súd-Amearika te gast by it ‘Festival Internacional de Poesía de Medellín’. Op de DVD stiet de dokumintêre “Yn dat sykjen sûnder finen’ út 2006 dy’t Pieter Verhoeff foar de VPRO makke hat en dy’t al earder op TV útstjoerd waard. Fierders in tal foardrachten fan Hettinga en de folsleine tekst fan syn bondel Fan oer see en fierder.

Nij is it idee om it medium CD of DVD yn te setten as drager fan poëzy net. Hieltyd faker ferskine der sokke útjeften. By Hettinga syn bondel Frjemde kusten bygelyks waard eartiids ek al in CD mei foardrachten levere. Allyksa by Bennie Huisman syn krekt ferskynde Hûs oan See. In nijsgjirrige ûntjouwing dy’t papieren poëzy faaks wat heine kin. Dizze DVD stiet lykwols op himsels. Yn it bylevere boekje stiet, en dat muoit my al wat, allinne de Nederlânske oersetting fan Oer See en Fierder. Om my hie dit ek in kombinaasje bondel/DVD wêze mocht.

Wat smyt dizze DVD no op foar de poëtysk ynstelde keaper? In fraach dy’t ik stel om’t der mei Het Licht van de Zee feitlik gjin nij materiaal oanskaft wurdt. Verhoeffs dokumintêre hat al op TV west en de fersen steane wol yn Hettinga syn bondels. Ien of oare advokaat fan de duvel soe samar roppe kinne: “Alde wyn yn nije sekken, rju eale, mear is ’t net, âlde wyn yn nije sekken!”

Doe’t de redaksje fan Farsk my dan ek frege om dizze DVD te besprekken siet der in nuânse by. It moast him yn it artikel no net gean oer de poëzy an sich, dêr’t ik sa ’n wurd om sis, want dy is net nij en al stikmannich kear besprutsen, lykas ek de dokumintêre. It soe mear gean moatte of dizze DVD in sekere mearwearde hat. Is de kombinaasje fan poëzy en het medium DVD in kombinaasje foar de takomst?

Earst dochs mar efkes de dokumintêre. In dichter fan it statuer Hettinga mei foech fyftjin titels (mei oersettingen yn ’t Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk) efter syn namme en stikmannich prizen (Rely, GJ-priis) hat him fertsjinne. Al wol ik mei alle respekt foar Verhoeff al kwyt dat it kamerawurk kwa rêst en fokus bytiden in protte wei hie fan ús heit syn Betamax-eskapades. Kwa ynhâld en yntegerens lykwols neat as lof. Mannich reinige sneintemiddei kin hjir mei trochbrocht wurde. Sa skriuwendewei freegje ik mysels ôf of dit in kwalifikaasje is of in diskwalifikaasje. It earste dus. De DVD sil grif in stikmannich kearen besjoen wurde.

De dokumintêre wurdt op de DVD oanfolle mei in nustje foardrachten fan Hettinga. No soe ‘k as hjoeddeistich kursist fan Tsjêbbe Hettinga fansels beare kinne oer syn fersen en krij in read letterke yn syn almenak. Mar dat doch ik net, dat kin ‘k net. Want ik haw it dreech by it lêzen fan syn wurk. Ik wit dat der mear is as wat ik lês, sjoch syn rynske taal mar kom net alhiel troch it boppeste laachje. Ik soe it wol wolle mar it slagget my net. Yn in sêne dêr’t Verhoeff Hettinga yn freget of er in ferhaal fertelle wol mei syn wurk, seit dy dat hy dat no krekt net wol. Hy wol dingen by de lêzer oproppe. Dat de ferhalen út lêstneamde sels weikomme. Foar my in swiere tôch. Mar troch de sjongsumens fan de foardrachten op de DVD liket it as de foar myn each tichte wurdstruktueren iepen komme te lizzen en de romte him priisjout.

Eric Hoekstra skreau yn in besprek fan Hettinga syn wurk: “Dizze poëzy wol de lêzer platslaan mei syn machtige retoaryk. Dat makket de foardrachten sa ymposant. De harkers wurde meisleept en troch in see fan wurden oerspield dêr’t de syntax yn ûnderdutsen is”. Spitich fyn ik wol dat der by de foardrachten gjin Frysktalige ûndertiteling meirint. Dat hie wol kind en dy mist tusken de Nederlânske, Ingelske, Frânske en Spaanske ûndertitels.

As lêste op de DVD stiet de bondel Fan oer see en fierder yntegraal ôfprinte. Der haw ik sa myn fragen by. Dan lêst in boek dochs lekkerder. Mear foardrachtskeunst hie better by it medium DVD past, liket my. Der moatte grif mear opnamen wêze fan Hettinga syn meisleepjende foardrachten.

Troch de kombinaasje Poëzy – DVD is foar my it wurk fan Hettinga tichteby kaam. De ynformaasje út de dokumintêre en de unike foardrachtskeunst fan Hettinga meitsje dizze DVD in boppeslach foar dyjingen dy’t syn fersen yntrigearjend fine en it idee hawwe net alles derút te heljen. Ek al kin dat by Hettinga oerkomme as in ferlies. Hy wol nammers dat syn fersen op harsels de ferhalen al oproppe. As in multymediale oanpak derby helpe kin. Prima. Syn poëzy fertsjinnet it. Ynkoarten komt Sytse Jansma by de Friese Pers Boekerij ek út mei in bondel en in DVD. Jong folget âld, sorry Tsjêbbe.

Tsjêbbe Hettinga Het Licht van de Zee / La Luz del Mar
DVD
Utjouwerij Friese Pers Boekerij
ISBN 978 90 330 06340
priis: € 24,95

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *