Teleks: Reisaksje – trein en bus fergees

logo.ensafh

Op snein 18 septimber jilde it Kadoboek en Aksjeboek foar bern as ferfierbewiis en dat neame wy dan de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne ien fan beide boeken sjen litte. Yn Grinslân jilde beide boeken yn de Arriva trein as ferfierbewiis.
Jo kinne dy deisbygelyks mei de trein nei Feanwâlden reizgje, foar it Swalkprogram yn de Schierstins. It moaie is dat it Kadoboek of it Aksjeboek foar Bern as tagongsbewiis foar dizze kulturele middei yn De Schierstins jildt. Dus dan ha jo de reis en de tagong foar de Swalkmiddei hielendal gratis!

Treintiden:
Fertrek Ljouwert: 14.21
Oankomst Feanwâlden: 14.35
Fertrek Bûtenpost: 14: 15
Fertrek De Westereen: 14.21
Oankomst Feanwâlden: 14.25
Ut de trein nei it parkearterrein tarinne en links de tunnel ûnder de grutte dyk trochrinne. Ut de tunnel links oanhâlde, de trochgeande dyk folgje it doarp yn. Nei tsien minuten, oant in kertier fine jo oan de linkerhân De Schierstins en binne jo teplak, oan de Haadstrjitte 1.

Dielnimmers oan de Reisaksje:
NS trein Ljouwert – Wolvegea v.v.
Qbuzz en Arriva streekbussen yn Fryslân
Arriva trein:
Ljouwert – Harns haven v.v.
Ljouwert – Starum v.v.
Ljouwert – Grins v.v.
Grins – Delfsyl v.v.
Grins – Leer (Dl) v.v
Grins – Roodeschool

Boarne: Swalk

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *