
It waar nûge út om binnendoar te sitten, it wie july en it reinde sa hurd dat je it wol litte woenen om oan gersmeanen te tinken. Wat ferfeeld surfde ik op it www om, de hiele BV Nederlân begûn mei it wanhopich folplempen fan alle sosjale sites mei laitsjende selfie’s op lokaasjes dêr’t ik net graach hinne woe. Om in wike as wat letter deawurch wer thús te kommen en te fersuchtsjen: ‘Lokkich ha ik de neijiersfakânsje al wer boekt, ik bin no al wer oan frije dagen ta.’ Wylst se post fakânsje noch net in slach útfierd hienen. Op sa’n stuit wurd ik hiel tryst en tink ik werom oan de tiid dat minsken noch wille belibben oan de boarterstún by de Oranjerie yn Oranjewâld. De skommel dêr’t in man as tsien op koenen, de idioate spegelkeamer. Alles fuort, want it soe net mear fan dizze tiid wêze. Nee, no falle der deaden omdat sjauffeurs Pokémon Go achter it stjoer fan de auto spylje. We binne goed op wei.
Ut klearebare dwersichheid die ik in bod op Vakantieveilingen.nl op in nacht yn in fjouwer stjerrehotel nei eigen kar. In lullich bod fan in pear tientsjes. En ferdomd, der wie skynber net in kop online, grif allegearre dwaande mei wichtiger saken lykas Pokémon Go of sa, want ik wûn de feiling. Mids augustus wie ik der sa klear mei dat ik tocht: we moatte dy vouchers mar ris brûke. Dus in hotel opsocht dat ús wol wat talike. Earne oan see. Fout. Alles fol. Dus doe mar sjen wêr’t we wol te plak koenen, no, dat wie earne op de Peel en yn it altyd moaie Leidschendam. Dat ha we doe mar dien, want it leit neist Den Haach en ik hie noch nea it Fredespaleis besjoen en dat koe no moai. Wy krigen kofje mei gebak as wolkom. Treflik.
De earste dei wat yn Scheveningen ombanjere, it wie wol fjirtich jier lyn dat ik dêr ris west hie. De âld pier krijt in nij libben en der wie in woarstferkeaper dy’t as slogan ‘Worst Kees Scenario’ brûkte. Ja, hy hjitte Kees. Wy ha even mei him praten en dat joech ús yn tsien minuten mear ynfo as acht brosjueres plus in rûnlieding. Worst Kees fûn plat Haachsk mar in raar taaltsje, sei er yn in dialekt dat my as plat Haachsk yn de earen klonk.
Wy ha de nije boulevard del west, dy is net mear rjocht mar hy meänderet no by de kust del en dat is hip. Dus. Der wie ien strântinte mei in Fryske flagge, de eigner bliek in Fries te wêzen, sei in servearster op myn fraach wêrom’t de moaiste flagge fan de wrâld dêr oan sa’n útspanning hong. Goed, de boulevard is in kilometer as oardel lang. Oan de ein wie de Olympic Experience, in tydlik pretpark dat dêr delsetten wie as hotspot wilens de Spullen yn Rio. De frou hie net tocht dat we dizze opstiging dwaan soenen, dus de frijkaarten fan de NEVOBO (junior sit op volleybal en koe frijkaarten krije) wienen net oanfrege. Doe ha ik my der ynliichd troch in sneu ferhaal op te hingjen dat wy ‘Helemaal uit Friesland hier naar toe zijn gereden’ en dat de kaartsjes noch op de keukentafel leinen (ferwitende blik oer en wer ynbegrepen).
It famke knikte begripend en sei dat wy net de earsten wienen. Mei oare wurden: Alles wie al betelle dus mar gau trochrinne, bliid dat der überhaupt wat folk komt…
Wy ha twa bekende hockeyers rinnen sjoen dêr’t ik de nammen net mear fan wist, mar foar it oare foel it net ta en wienen wy nei in healoerke wer op wei nei it Kurhaus. Jûns yn it hotel te Leidschendam die nei it âlderwetsk boekjes fan it hotel besjen bliken dat wy wol wat mist hienen. Flakby de boulevard bliek in gitaarwinkel te wêzen. Aha, ferhip ende ferreck. Dêr hie ik dus wol even sjen wollen. Mar der komt altyd in dei nei dy fan hjoed, dus de oare moarns fleurich yn de stjelpende rein wer dy kant út. By haven nûmer twa, gjin plak dêr’t je in gitaarwinkel ferwachtsje, wie in gitaarwinkel. Max Guitar Store. En ik ha my de eagen út sjoen. De grutste kolleksje fan de Benelúks hong dêr oan de wand. Hiel fout fansels, mar gelokkich hie ik de ponghâldster by my en draaide it út op in fiskje oan de oare kant fan de haven. Wol frjemd dat der nei oanlieding fan dy pear dagen no in hast nagelnije Fender akoestyske fersterker yn myn hokje stiet. ‘Zijn we er toch weer ingetuind.’