
foaropwurd 103
fan freed 9 novimber 2007
Binne jo ek sa kjel wurden?
Fan de ‘superstoarm’ dy’t troch in Ingelsman foarsein is en oersetten troch ús Pyt op syn waarpraatlog? Of fan ’e wurdfierder fan in groepke domme Damwâldsters dy’t net doare en kom oer de hage foar jo nije buorlju? Ja, it is slim ûnlijich waar yn Fryslân, mar… it is hjoed ek GoedNijsdei!
Dus, foar tsjinwicht yn dizze rûzige novimberstoarmdagen komt Farsk 103 mei fleurigens en haachlike wurden:
Klaas Bruinsma skreau in dútsktalige parody op Die Forellen en makke der in baksoad fisk fan yn syn Fryske oersetting. Ek goed nijs by it fers De buigzaamheid van het verdriet fan Hans Lodeizen: trije! oersettingen, yn ’t Stellingwerfsk, Ingelsk en Frysk.
Eric Hoekstra dûkt wer prachtich Midfrysk Goud op en sprekt him fia Durk Linige sels út oer it Godlike.
Foarsjennichheid, tafal of fertsjinste fan de skriuwers? Lês de besprekken fan ús trochstreeks hurde kritikus nei op goed nijs oer Nyk de Vries syn Motorman en Auck Peanstra dy’t yn Sitebuorren har libbensfilm in stikje werom draait.
In smûke, tsjustere filmseal is fansels it plak by útstek om jo te ferskûljen foar de oanboazjende wyn. Dêrom ferwizingen nei it Noardelik Filmfestival yn ús kar fan poëzij. Debutant Piebe Parrebeam is dêr as filmer, filmleafhawwer en frijwilliger wis te finen, mar grif net te werkennen oan syn nammekaartsje. Yva Hokwerda eksperimentearre yn har fers op in filmtitel en mear poëzij & film komt foarby yn Edwin de Groot syn besprek fan de DVD oer dichter Tsjêbbe Hettinga, Het licht van de Zee.
Dochs wat in weeïch gefoel nei al dit goeie nijs?
Dan litte wy jo útkomme by Al R. dy’t sels wer útkomt by de film fan Al Gore. Us nije kollumnist wurket foar in grutte subsydzjejouwer en dat soarte fan yntegraasje sil de hagepreekjende Jeltes wol kidelje.
Hawar, Desiderius hat hiele oare films yn syn kop! Yn it feuilleton fan Eric Hoekstra wit er noch net wêr’t se him hinne transportearje, mar op syn tuskenstop(?) driget in twongen aktiviteit as haachknippe aaklik tichteby te kommen. En, wat him ek troch de kop skeat: Darfur!
Nee, dat lêste hat hielendal neat! mei goednijsdei te krijen en ek net mei stoarmen yn glêzen wetter. Wól mei in Farsk oprop oan Fryske skriuwers en dichters: Ha jo eins wol wat mei engaazjemint en aktualiteit? Moat of kin dat ek oars? Hokker haadsaken en krantekoppen misse jo yn it (wrâld)nijs, hokker stoarmoansizzingen fine jo te oerdreaun?
Set it ris yn in fers, ferhaal as skôging en stjoer it nei de redaksje.