
Foarôfgeand oan it Boekefeest yn Tresoar dêr’t de winner bekend makke waard, hat André Looijenga in foarbeskôging jûn op de nominaasjes foar de Obe Postmapriis 2016. Dat wie by it evenemint ‘Obe Foarspul’ (organisearre troch Regaad en Skanomodu), yn it rom fan Teaterskip Bald’r yn de grêft by de Prinsetún.
Geart Tigchelaar hat de Obe Postmapriis wûn foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it lyts ynsekteboek’. Ensafh is fansels tige grutsk op it literêre multitalint fan ús redakteur Geart, dichter, roman- en brieveskriuwer, en bekroand oersetter!
Hjirûnder folget André syn lêzing fan 9 septimber 2016:
Ik sil it fan ’e middei ha oer de hjoeddeiske steat fan de Fryske oersetterij. Dat ferhaal begjin ik lykwols mei in soarte fan parabel. Dat like my wol gaadlik, want trije fan ’e nominearre boeken binne parabels. Ik haw dizze simmer yn Masedoanië west, moatte jo witte, en yn dat lân haw ik foar myn praatsje fan fan ’e middei ûndersyk dien nei oersette boeken yn Masedoanië.
Oersetterij yn Masedoanië
Yn it foarste plak, Masedoanië is gjin grut lân. Der wenje mar sa’n twa miljoen minsken, en dat wurdt hurd minder. It Masedoanysk is dan ek in frij lytse taal. It is mar goed twa kear sa grut as it Frysk, ast nei it tal sprekker sjochst.
No wol ik it der net oer ha dat der hjir yn Fryslân wierskynlik mear ‘echte’ boekhannels binne as yn hiele Masedoanië. Want op oare terreinen binne de Masedoaniërs de Friezen foar. Wannear’t Masedoaniërs lêze, dogge se dat meastal yn it Masedoanysk; ek al kinne se dat ek wol yn de grutte buortaal, it Servysk. It is opmerklik hoe’n grut oanbod der is oan oersette lêsboeken yn it Masedoanysk: detectives, thrillers, chicklit, doktersromantsjes, esoteary en popularisearjende skiednisboeken. Dy oersettings nimme folle mear romte yn de winkel yn as orizjineel yn it Masedoanysk skreaune boeken.
Oan de oare kant ha se dêr ek oersettings dy’t kommersjeel hielendal net útkinne. Boeken dy’t oerset wurde om har kulturele prestiizje. Symboalyske oersetterij, dêr’t ik sa’n wurd om sis. Sa hat okkerjiers it Masedoanyske ministearje fan kultuer alle boeken oersette litten dy’t oait de Nobelpriis wûn ha. Dit as befoardering fan it Masedoanysk as literatuertaal. Ik neam dit net as tip foar Sietske Poepjes, hear. De grutte oersetput moast yn ien jier klear wêze: nei’t ik begrepen haw, binne dêrom de measte oersettings út de rige net te lêzen sa hastich binne se ôfraffele. In oar oerheidsprojekt is Ѕвезди на светската книжевност (‘Stjerren fan de wrâldliteratuer’), mei it doel om 560 klassike boeken yn it Masedoanysk oer te bringen. Op in boekemerk yn Ohrid haw ik foar de aardichheid ien kreas ynbûn dieltsje oantúgd út in doaze fol út dy rige – gedichten fan de klassike Sinezen Li Bai en Du Fu – ik krige it mei foar 50 denar (dat is minder as in euro).
Behalve it assortimint fan in gemiddelde stasjons-Bruna en sokke megalomane oerheidsprojekten hawwe je yn Masedoanië dochs ek oersettings dêr’t noch wat ‘gewoane’ literêre ambysjes út nei foarren komme. Mei subsydzje fan de Nederlânske ambassade bygelyks komt der rigelmjittich in wat mear foarútstribjende Nederlânske roman út yn it Masedoanysk. Dit jier wie dat Boven is het stil, fan Gerbrand Bakker. En wat folle lytsers: ik kin yn Bitola ek in promovenda dy’t wolris in jonge Slowaakske dichter oerset en útjout út aardichheid oan it Slowaaksk en it oersetten.
Dat sadwaande, sá hie it der dus ek hinne lizze kind mei de Fryske oersetterij, as de 20e ieu yn Fryslân in bytsje oars ferrûn wie…
Oer oersetten en in priis foar oersetters
Hawar, lit my my net ferlieze yn ûnferfolbere winskdreamen: it wurdt heech tiid om it oer de fjouwer nominaasjes foar de Obe Postmapriis te hawwen.
De advyskommisje is mei in frij ûnferwachtse list fan nominearren kaam. Ik fyn dat net ferkeard. Sûnt 2012, doe’t ik sels yn de advyskommisje foar de Obe siet, ha der in pear moaie ûntwikkelings yn de Fryske oersetterij west, mar nije útjeften fan oersettings bliuwe noch hieltiten wat ûnder de radar. Wat ik it meast wurdearje oan de kar fan de sjueryleden is dat se har net liede litten ha troch in idee as ‘wat tsjokker it boek, wat grutter prestaasje fan de oersetter’.
Ik mei sels ek graach oersette nei it Frysk ta, en ik haw sa ek myn ideeën oer dat métier. Neffens my, moat in oersetter op in eigenwize manier tsjinstber wêze oan de lêzer, én oan de orizjinele tekst. Moatst sa goed mooglik thús wêze yn de doeltaal, yn alle nuânses oanfiele hoe’t de taal op papier en yn it praten brûkt wurdt. Ofhinklik fan de tekst en it publyk moatst dy ynhâlde of meist ek de rânen fan dyn taal opsykje. De boarnetaal moatst goed begripe kinne, mar hoechst him net perfoarst aktyf te behearskjen. Helpmiddels (lykas oare oersettings) binne tastien, al is it by teksten langer as ien gedicht wol better ast net om it wurd it wurdboek nedich bist.
It foel my op dat diskear alle fjouwer nominearre oersettings út of nei it Hollânsk binne. Faaks is dat tafal, ja, lit my it dêr mar op hâlde… By de boeken op de groslist steane, mei as útsûndering njoggen gedichten fan Obe Postma yn it Russysk, gjin oersettings út it Frysk nei frjemde talen. Dat muoit jin, by al it ‘Fryslân en de wrâld!’- en ‘Lân fan taal!’-gerop. Oer fjouwer jier better, hoopje ik.
Wat spitich is foar in priis as de Obe Postmapriis, is dat in advyskommisje hast automatysk yn it spoar komt om de priis oan in boek te jaan. Dy boeken lizze ornaris alfêst te pronk yn in keammerke op Tresoar, as in sjuery foar it earst gearkomt. Sa reitsje jo fuortdaalks út it each dat guon wichtige oersetters, benammen yn it gefal fan oersettings fan poëzij nei it Frysk ta, suver inkeld yn de literêre tydskriften of op har eigen websiden publisearje. De Obe Postmapriis heart in priis te wêzen foar de bêste oersetters, net in kompetysje tusken boeken. In goede advyskommisje moat sels it hiele Fryske literêre fjild(sje) wat dat oangiet oersjen kinne, en ek de tydskriften lêze. En in shortlist mei nominaasjes is by de Obe útsoarte in list fan appels en parren: ôfskaffe sa’n shortlist!
Yn eigen behear of mei de promoasjemasine
Ik bin lykwols frege om de shortlist te hifkjen. De grutste ferrassing dêrop is Piter van der Veen syn oersetting fan de Frânke fersetsnovelle Le silence de la mer. It is in boekje út 1941, fan de linkse fersetsman Jean Bruller, dy’t skreau ûnder de skûlnamme Vercors. Le silence de la mer is in oarlochsboek oer stil ferset tsjin agressive ideeën. De ik-persoan is in âldere Frânsman, by wa’t in Dútske offisier ynkertierd wurdt. De Dútser (Werner hjit er) is in ûntwikkeld man mei ferlet fan oanspraak. Hy komt gauris by syn ûnfrijwillige gasthear en dy syn omkesizzer yn de keuken sitten mei monologen oer it ta-inoar groeien fan de Dútske en Frânske kultuer. De Frânske man en jonge frou jouwe gjin antwurd: se swije út ferset. Werner syn paneuropeeske kultueropfettings komme op my eins ridlik rjochts-konservatyf oer, ek foar it Frankryk fan de jierren ’40, mar oars as wat je hjoeddendei út ’e rjochtse hoeke hearre binne it yn elts gefal konstruktive ideeën. Se stekke posityf ôf by de ûnferhoalen ûnderdrukking fan de Frânsen dy’t Werner syn mei-offisieren neistribje. Werner rekket troch it wiere doel fan de Dútske besetting slim teloarsteld en meldt him út frustraasje frijwillich oan foar it Eastfront.
Ek al komme guon saken yn Le silence de la mer net oan ’e oarder, lykas as it útmoardzjen fan de Joaden en de algehiele ferachting foar it minsklik libben dy’t ynherint is oan it nazi-tinken, de repressy fan de nazi’s tsjin in boek as dit bringt dy ûnminsklikheid oan it ljocht. Trije mannen fan de yllegale útjouwerij De Bezige Bij waarden fanwege de earste Nederlânske oersetting fan de novelle fusilleard.
Van der Veen syn ferfrysking bringt de ynhâld fan Vercors syn novelle goed oer. Ut it neiwurd docht bliken dat Van der Veen sûnt lang in persoanlike bân mei Le silence de la mer hat, wat fansels in poerbêste reden is om it boek oer te setten. Under it lêzen fielt it Frysk yn it boek wol hieltyd oan as ‘oerset út in oare taal’: it rint op ien as oare manier krekt net soepel genôch. Dat komt mei omdat Van der Veen by syn ferfrysking de Nederlânske oersetting fan Hubert Lampo út 1945 brûkt hat. De oersetter sil grif nei it Frânsk sjoen ha, mar syn Frysk folget yn de sinsbou opfallend faak Lampo; ek wannear’t oplossings dy’t tichter by it Frânsk steane, goed en sels natuerliker Frysk opleverje. Vercors syn boek wurdt dêrtroch âldfrinziger as nedich west hie.
Van der Veen syn Vercors-oersetting kaam heal yn it tsjuster foar it ljocht by útjouwerij Elikser, wylst it folgjende boekje fuort by syn presintaasje de hiele promoasjemasine fan Tresoar efter him hie en Swalk én fergees treinreizgjen én Jeroen Dijsselbloem. De ferfrysking fan Marten Toonder syn Bommelstrip De vergelder (út 1984) troch Harke Bremer en Jarich Hoekstra is in alderaardichst boekje dêr’t de wille fan de oersetters fanôf strielet. In ûnderhâldende satire op it kapitalisme. Al wie it oannommen wurk, it is prachtich dat Bremer en Hoekstra wer ris Bommel oerset ha, en it soe moai wêze as der yn de takomst noch mear kaam.
Ik hoopje persoanlik dat de heechlearde hearen oare kear in ferhaal útkieze mei in gruttere rol foar de markies De Canteclaer, want it sabeare-begjin-19e-ieuske Frysk fan jonker De Haen Hettema hab ik mei folle njue lêzen. Fan de Fryske oersetters boartsje Bremer en Hoekstra it meast mei alle registers dy’t ús taal ryk is. Se dogge dat net allinne as oersetters, oars. Eins fertsjinje se mear erkenning foar har orizjinele literêre wurk, dat skreaun is mei noch mear taalwille en mylde irony as der yn in Bommel-ferfrysking past. Harren mienskiplike projekt mei it Frysk bestiet ommers net allinne út oersette strips, mar rint fan it net-oertroffen Hâld faasje!, fia de antyridderroman yn fersen Leffert oant professor Hoekstra syn etymologyske grienmank ta, dy’t ik ek dommegraach ris ta in boekje bondele seach. In twadde kear de Obe, lykwols, moast mar net.
Gearwurking smyt de moaiste boeken op
No ha wy noch twa hiel ferskillende boeken oer, dy’t beide folle mear binne as in oersetting. Ik stean yn bestân: it giet hjir om de bêste oersetting, mar it is dreech om dat los te sjen fan in moaie boekfersoarging, fan nije en goed passende yllustraasjes, en fan in fernijende manier fan presintearjen. It oersetwurk is dêrby ûnderdiel fan in grutter projekt. Soksoarte projekten jouwe it printe Fryske boek takomst: gearwurking lykas by in tawijde klub as Regaad, en in moaie foarmjouwing om de lêzer mear te bieden as in byldskermke jaan kin.
Tsead Bruinja syn dichtbondel Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers út 2013 is sa’n boek. Foar in dichtbondel is it in grut en stevich boek, it is ryk yllustreard mei etsen fan de byldzjend keunstneres Mirka Farabegoli, en der sit in cd by yn mei hjoeddeiske muzyk troch de saksofoaniste Femke IJlstra. Op de cd steane gjin foardrachten fan Bruinja syn poëzij, sa’t men eins ferwachtsje soe. De gedichten binne yn twa talen ôfprinte. Earst yn it Frysk, dan yn it Nederlânsk, en net om ’e nocht, want it twadde is in oersetting fan it earste. De ‘fertaling’ is troch de dichter sels makke.
Bruinja syn Fryske wurdkar sitte net folle spesifyk Fryske wurden yn, en yn syn fersen brûkt er net in protte klankeffekten en gjin strakke foarmeleminten. Se smite hast noait swierrichheden op om yn it Nederlânsk oer te setten op in wize dy’t ticht by it Frysk bliuwt. It is om sa te sizzen de ûndertiteling. Soms rinst dêrby dochs tsjin probleemkes oan, omdat de assosjaasjes by it Fryske wurd yn de Nederlânske wjergader misse, bygelyks yn de begjinrigels út it fers ‘Wolk’:
‘ik siet yn ’e beam nei it lijen / lilkens wie in wolk om my hinne’
Bruinja set himsels oer as:
‘ik zat in de boom na de ruzie / woede was een wolk om mij heen’
Mar ‘de ruzie’ is folle flakker en algemiener as ‘it lijen’, dat er hjir net sa mar yn it Frysk keazen hat. Yn it wurd ‘it lijen’ sit it ûnûntkombere fan in rúzje dy’t opkomt krekt as min waar, dy’t te foarsjen west hie mar dy’t troch ynsliten argewaasje altyd wer losbrekt. Troch rúzje ‘it lijen’ te neamen leist in fokus op it fertriet en de ferhurding by de belutsenen. De alliteraasje fan ‘lijen’ en ‘lilkens’ leit in ekstra ferbân tusken de krisis en de reaksje. Dat er gewoane, ûnfolkommen minsklike relaasjes sa ynfielend ferwurdet, is sterk oan Bruinja syn fersen.
Tsead Bruinja is mar ien fan de hjoeddeiske Fryske dichters dy’t de ôfrûne jierren in bondel útbrocht hat mei Nederlânske oersettings derby yn. Yn dy perioade (2011-2015) publisearren ek Wilco Berga, Edwin de Groot, Marijke de Haan, Sytse Jansma, Elske Kampen, Aggie van der Meer en Abe de Vries twatalich mei eigenmakke oersettings. Doe’t ik sels advyskommisjelid wie, murken wy dizze ûntjouwing ek al op. ‘Wy notearje it yn ús sjueryrapport!’, wie ús reaksje, mar wy fûnen dit soarte oersettings doe by eintsjebeslút net yn de beneaming kommen foar in Obe.
Sa komt men dan dochs gewoan út by in moai proazaboek. It is in fabel oer wespen mei lêst fan noblesse oblige, oer in oerflakkich-yntellektuële holder, synyske deagraverkes, en fascistyske eamelders dy’t ynearsten sympatyk binne mar in oarloch útlokke dêr’t se harsels yn ferneatigje. Krekt as Le silence de la mer, is it klassike Erik of het klein insectenboek fan Godfried Bomans in boek út 1941. Neam it in berneboek at jo wolle, mar neffens my is it in mearke foar folwoeksenen.
Geart Tigchelaar syn oersetting lit him sa soepel lêze datst ferjitst datst in oersetting lêst. Bomans hie in iroanyske justjes âldfrinzige styl yn syn Nederlânsk (ek al doe’t er Erik skreau op syn seis-, sânentweintichste). Syn leeftydsgenoat en kollega-piipsmoker Geart set dat oer yn geef Afûkfrysk, wat ek wol wat tongue in cheek is, yn gefal fan in saneamd ‘berneboek’. It moat ús hjir fansels gean om de kwaliteit fan de oersetting, mar ik kin net neilitte en sis dat ik hiel bliid waard fan de geweldige tekeningen fan Nina Peckelsen, en dat Peter Boersma it boek hiel moai ûntwurpen hat.
Geart, al jûket it in bytsje, dit spul hat gjin luzen: fan my soestû de Obe krije foar It lyts ynsekteboek!