Blog Koos Tiemersma: It stik

logo.ensafh

‘Wa’t it oars sjocht: skriuw in stik, soe ik sizze,’ liet Abe de Vries witte yn in reaksje op kommentaar nei oanlieding fan syn artikel yn it Friesch Dagblad oer de gearstalling fan sjuerys by literêre prizen, en wa bin ik dan om nee te sizzen. Oanlieding wie ditkear de takenning fan de Obe Postmapriis foar oersettingen oan Geart Tigchelaar.

Lês fierder by Koos Tiemersma

4 reaksjes op “Blog Koos Tiemersma: It stik

  1. Fan myn Facebook:

    IT STIKJE

    Foarút, ien puntsje dan, it is wat skoalmastereftich, ik jou it ta, mar dêr sil Koos syn FB-gefolch grif net oer stroffelje. Suggerearre wurdt dat ik dat stik net skriuwe moatten hie, want ik soe ommers sels de priis wol krije hawwe wold. Spitich foar my, mar de lêste kear dat ik seach wie de Obe Postmapriis in priis foar oerset literêr wurk. Koos skynt te mienen dat de Obe Postmapriis in priis is foar alle soarten oersettingen. Of miskien wol er dat wol graach. Mar, spitich foar Koos syn stikje, dat is net sa. Ynferno is gjin literatuer en kaam dus terjochte net yn ‘e beneaming. It folgjende boek dat ik oerset, is ek gjin literatuer en komt ek net yn ‘e beneaming. Teminsten, as de folgjende sjuery him in bytsje besiket te hâlden oan de teneur fan myn stik yn it FD.

    En foarút, noch in puntsje. Dêr’t ik Tresoar neam, giet it oer de ûntrochsichtigens fan it oansykjen fan sjueryleden. Dêr wit net ien wat fan, dêr wurde ek gjin kritearia neamd, dat giet allegear sa mar wat – en dan ynienen is der in sjuery (in paus, yn myn ferliking). Nee, ik ha net ynsinewearje wold dat Tresoar fia it oansykjen fan sjueryleden ynfloed útoefenje wol op de kar fan de úteinlike priiswinner. Mar ik jou ta, de mooglikheid is der wol.

    En no’t ik dochs dwaande bin, puntsje trije. Ik fyn dat sjueryleden goed ynfierd wêze moatte yn in tal saken, ûnder mear ,,yn de lytste hernen fan syn [dat is: de Fryske literatuer] gefoelichheden”. Alwer blykt dat Koos net lêze kin. Soks hat neat te krijen mei ,,de lange teannen dêr’t guon skriuwers mei oer de gong klepperje”, mar mei kwestys dy’t eigen binne oan de Fryske literatuer. Bygelyks de kwesty fan de Duijff- en Dykstra-mantsjes dy’t lâns ûndemokratyske wei my besykje foar te skriuwen dat ik iu skriuwe moat, of wie ‘t no iuw, ynstee fan ieu. Dat is yn myn eagen sa’n ,,lytse herne” en der binne der wol mear. Yn ôfwachting en tige mei de groetnis.

  2. En dan haw ik noch net iens neamd dat Eppie Dam mei syn suver ûneinige rige werklik skitterjende oersettingen fan wrâldgedichten NET by de nominearren hearde. Wat in like grut fersin is as Geart van der Meer oerslaan. Mar hee, wa komt mei útlis, ferantwurding, riddenaasje? Froon Akker seit ek al neat mear.

  3. By myn witten stiet de priis ek iepen foar oerset wurk ferskynd yn tydskriften. Sjoch Oardering kultuerprizen 2003. André Looijenga wiisde yn syn speech by de Lytse Obe al op it feti dat net inkeld boekpublikaasjes yn ‘e nominaasje hoege te kommen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *