Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (3)

logo.ensafh

De twivels fan Arjen van Tuinen

Ik krige dy nachts hast gjin sliep yn ’e eagen; op it lêst, it wie om fjouwer oere hinne, bin ik der mar ôfgien en haw de klean wer oanlutsen. Op en del trêdzjend troch myn – ik jou it ta – frijwat suterige wurkkeamer, seach ik nei de steapels boeken oer Douwe Kalma en Simke Kloosterman op myn buro. Is it wol de muoite wurdich, sa tocht ik, jin sa te ferdjipjen yn wat, literêr sjoen, eins marzjinale persoanen binne? ‘Mar ho’, sa soe myn baas Wobbe Teakema wol sizze, ‘jo moatte it wol yn perspektyf sjen, wy moatte bliid wêze mei wat wy hawwe yn ’e Fryske literatuer, no.’ Teakema is ien fan de foarbylden fan myn observaasje dat de Calimero’s it hjir yn Fryslân foar it sizzen hawwe. Mar ik hâld my stil, bin bliid dat ik wurk haw.

‘Tink derom Arjen’, sa pruvele ik yn mysels, wylst ik nei de badkeamer tarûn. ‘Net wer depry wurde, bliksem.’ Ik beseach myn antlit en benammen myn eagen efter de tsjokke brilleglêzen. Se stiene yndied net al te helder en ik mocht my ek wolris skeare en ik krige in grouwe kop en myn hier stie alle kanten op. ‘Tink derom Arjen.’

Ik hie noch wat Seroxat fan ferline jier lizzen en spielde de pil troch de kiel mei in beker sûpe, it wie mar de fraach oft it wol gau genôch wurkje soe. Moarn dokter mar belje. Dêrnei die ik de ôfwask, in praatprogramma op Radio 1 hâlde my selskip. Wêr’t it petear krekt oer gie koe ik net alhiel gewaar wurde, mar yn myn belibben wie it hieltyd frou Radsma dy’t der op ’e eftergrûn trochhinne raasde: ‘Nee, dat is net sa, hâld dy de bek!’

Mei’t ik de nachten dêrfoar ek sawat gjin wink yn ‘e eagen krigen hie, wie de troch my sels opstelde diagnoaze fan sliepdeprivaasje wol op syn plak. De Akademy mar belle, it antwurdapparaat ynsprutsen en sein dat ik siik wie.

Sike minsken hearre op bêd, dat ik luts de pyama wer oan, en krûpte ûnder it dekbêd. Earst tsjin njoggen oere kaam de sliep. In oerke letter gie de telefoan, it soe de Akademy wol wêze, sa tocht mei myn slûge kop. Ik liet it begean, se moasten har mar rêde. It wie al djip yn ’e middei doe’t ik wekker waard fan in stasjonêr draaiende auto, lyk foar myn húsdoar. Der waard wat troch de brievebus smiten. De auto luts op, it wie wer stil, op in blaffend hûntsje nei.

Ik tsjekte myn berjochten op de snoadfoan: in betterskipswinsk fan de Akademy en in flau sms’ke fan Anke, myn skarreltsje út Menaam.

Der wie wat ynsprutsen op myn antwurdservice. In elektroanysk ferfoarme stim hie in boadskip foar my; ik koe it earst net goed ferstean, en sette it folume wat heger. Ik spile it boadskip foar de twadde kear ôf en lei de telefoan op de stoel neist it bêd. Dêrnei hearde ik ien razen, it like wol in soarte fan eangstgjalp. It lûd kaam út myn eigen kiel.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *