
De Fryske app “In wrâldreis yn 80 dagen” is fergees online kaam. It befettet de digitale ferzje fan it Fryske stripboek mei deselde titel, in bewurking fan Jules Verne syn ferneamde 19e-iuwske reisferhaal. De Grinzer/Fryske útjouwer Regaad hat it stripboek earder fan ’t simmer útbrocht; binnen in moanne wie de strip al ta oan de twadde druk.
Ut soarte is de app folle wiidweidiger as it stripboek wêze koe: lûdseffekten, animaasje, in elektroanyske ferzje fan de roman sels (yn in Fryske oersetting) en mear as 40 saneamde ‘ynfopunten’.
Dy ynfopunten befetsje allerhanne eftergrûnynformaasje en meartalige url’s oer de wrâld anno 1872 – it jier dêr’t de fiktive wrâldreis fan de gentleman Phileas Fogg en syn feint Passepartout yn plakfûn. Yn gearwurking mei in skiednisdosint fan CSG Liudger Burgum hat Regaad in digitaal lespakket by de app ûntwikkele. Dêrmei wol de útjouwer in nij en folslein digitaal ûnderwiismiddel biede foar it meartalich fuortset skiednis- en ierdrykskundeûnderwiis, en fansels foar de lessen Frysk.
Oars as earst soe, is besletten om de app – dy’t yn opdracht fan de útjouwer makke is troch Buro Klei – fergees beskikber te meitsjen. De app is mei de stekwurden “Verne Frysk” te finen yn App Store en Google Play.
Ferskate kulturele fûnsen mar benammen ek de Bibliotheek Service Fryslân en de provinsje Fryslân ha it projekt mei mooglik makke.