
Yn syn besprek fan myn fan ’t simmer ferskynde dichtbondel Raffelwjok – ‘Byldrike ympresjes mei foarmferlet’ (Friesch Dagblad, 15 oktober 2016) – komt Abe de Vries ta de konklúzje dat de bondel oan krêft wûn hie, as ik mear omtinken oan foarm en technyk jûn hie. No fyn ik krityk prima – elk syn smaak, elk syn oardiel -, mar as de resinsint sa’n konklúzje lûkt wylst er it wichtichste foarmelemint yn de bondel oer de holle sjocht, dan is der dochs reden om mei in replyk te kommen. Ik die dêrom in post op Facebook en ferfolgens ûntstie der in koarte, ynhâldlike diskusje tusken Abe en my. Abe die dêr útspraken oer ‘nuvere’ en ‘ynhâldsleaze’ rigelôfbrekkings yn myn poëzy, dêr’t yn myn eagen in diskutabele opfetting oer enjambemint achtersit: as in rigelôfbrekking ynhâldlik neat taheakket, kin de dichter him better achterwege litte; en as in fêste fersfoarm liedt ta ‘nuvere’ enjambeminten, is dat in teken dat de dichter syn ynhâld yn in tefoaren betochte mal oan it drukken is. Facebook is net in gaadlik medium om sokke fûnemintele foarmfragen te bediskusearjen. Dat liket my earder wat foar in literêr tydskrift.
Even werom nei de oanlieding. Abe stelt yn syn besprek dat ik meast koartrigelich en yn frije foarmen dichtsje. It earste kloppet, it twadde net. It grutste part fan myn bondel bestiet út gedichten dy’t in fêst foarmelemint hawwe dat gearhinget mei it tal wurdlidden: 5-7-5//7-7. Ik haw dy strofebou oernommen út de Japanske poëtyske tradysje. It giet om de saneamde ‘tanka’: in haikû (5-7-5) folge troch twa rigels fan sân wurdlidden. Tanka’s wurde faak oaninoar rige ta lange fersen, dy’t yn de Japanske poëzy meast it produkt binne fan meardere dichters. Dy sitte in skoft byelkoar of binne mei-inoar ûnderweis en beäntwurdzje elkoar mei dichtrigels. Sa ûntstiet in mienskiplik kettingfers.
Yn de fiifentweintich jier dat ik net publisearre haw, mar sa no en dan wol gedichten skreau, haw ik de tanka gauris as foarmelemint brûkt. Noait mei it doel om Japanske poëzy te skriuwen of om de tradysjes fan dy poëzy yn it Frysk of Nederlânsk oer te bringen. Dat haw ik hiel even mei de haikû besocht, mar dat wurke net omdat ik net diel útmeitsje fan dy dichtkultuer en -tradysjes, en de foarmeasken dêrom net genôch ynfiele koe. Mar ik murk wol dat de fêste opbou fan wurdlidden my holp om in kreatyf proses mei myn taal en bylden op gong te bringen. Troch de eask fan it tal wurdlidden yn de strofebou kaam ik op dichtrigels en betsjuttingen dêr’t ik oars, yn in frije foarm, net opkommen wie. Sa waard de Japanske strofebou, mei al syn farianten, in jas dêr’t ik as dichter yn wenje koe.
Ik haw my ferbjustere oer Abe syn antwurd op myn opmerking op Facebook dat hy dat fêste, Japanske foarmelemint net werkend hie en sa yn syn besprek konklúzjes oer de foarm lûkt dy’t net hâldber binne (te min omtinken oan foarm en technyk). Hy joech ta dat er it foarmelemint net sjoen hie, mar sei tagelyk dat it der eins allinnich noch mar minder fan wurdt, want myn ‘nuvere’ enjambeminten wize der dan dus op dat ik ynhâld yn de mal fan de foarm drukt haw. Enjambeminten, rigelôfbrekkings, moatte neffens him bydrage ta de ynhâld, oars doge foarm en technyk net. En hy ferwiist dan nei de begjinrigels fan myn gedicht ‘Liet op ’e Pôle’, dêr’t er yn syn besprek oer seit: “Sokke ôfbrekkings lykje frij doelleas, hinderje de muzyk en heakje ynhâldlik neat ta.”
It skriuwt himsels út syn oerwreide
ekers wei, in liet op in jûn achter it rút dat
grutsk ús tún ôffredet, mei seage en seine krekt
út ien fan Jochums rûchtes wûn, it ljocht yn dold
(…)
In âlde rabbynske wysheid seit, dat as je om in antwurd sykje op in ûnterjochte achte krityk, it bêste antwurd faak tichtby it kritykpunt te finen is. It fers ‘Liet op ’e Pôle’ lit him neffens Abe lêze as in ferwizing nei Tsjêbbe Hettinga syn poëzy. Dat seit er Arjan Hut nei, dy’t it gedicht ‘Hettingaësk’ neamt (De Moanne, webedysje, 30 augustus). It moat my fan ’t hert dat ik Tsjêbbe net yn gedachten hân haw doe’t ik ‘Liet op ’e Pôle’ skreau. Mar okee, Tsjêbbe is de kampioen fan de ‘nuvere’ rigelôfbrekking, dus litte wy mar ris sjen hoe’t hy enjambemint brûkt.
Ik kaam in prachtich foarbyld tsjin yn de begjinrigels fan it gedicht ‘De krûk’ (út: Fan oer see en fierder, 2000).
Hy dronk, wylst syn eagen de strakblauwe eagen fan
De fiskersfrou yn it swart troffen en betizen, by
De boarne, yn it soel middeisskaad fan ferlegen
Seders, rook fan fisk en hars, sicht oer see en sloepen, leech.
(…)
Twa ‘nuvere’ ôfbrekkings fan de fersrigels ien en twa. Op it earste gesicht lykje se ‘doelleas’, ‘ynhâldsleas’, om Abe syn terminology te brûken. En de rest fan it gedicht sit der ek fol mei; dêr ferbleke myn ‘nuvere’ enjambeminten yn ‘Liet op ’e Pôle’ by. It wurdt noch aparter as wy de Nederlânske oersetting fan Benno Barnard en Tsjêbbe sels derby pakke.
Hij dronk, terwijl zijn ogen de strakblauwe ogen
Van de vissersvrouw in het zwart troffen en verwarden,
Bij de bron, in de zoele schaduw van verlegen
Ceders, geur van vis en hars, zicht op zee en sloepen, leeg.
(…)
Wat blykt? De oersetters hawwe de beide ‘nuvere’ ôfbrekkings derút fertaald! Benno as purist op it mêd fan rigelôfbrekking, dy’t Tsjêbbe oertsjûge hat dat it net doocht mei syn ‘nuvere’ enjambeminten? Nee, de reden is deasimpel: de oersetters hawwe wyslik fêstholden oan it tal wurdlidden yn de fersrigels: 13-14-13-14, en dat is op kosten gien fan de enjambeminten yn de earste beide rigels fan it orizjineel. Dat leart ús dat dy dan blykber net écht wat taheakje oan de ynhâld. Want as dat wol it gefal west hie, hienen de oersetters de ‘nuvere’ ôfbrekkings yn harren oersetting hanthavene en wienen se op syk gongen nei alternativen om de 13-14 struktuer fêst te hâlden. Mei oare wurden, by Tsjêbbe bepaalt de eask fan it oantal wurdlidden de ôfbrekking, net de ynhâld. Yn it Fryske orizjineel liket it enjambemint ‘nuver’, yn de Nederlânske oersetting ‘logysker’.
Persoanlik fyn ik de ôfbrekkings yn it orizjineel ferrassender en spannender. Ik mis se in bytsje yn de oersetting. Mar dêr giet it hjir net om. It giet derom dat Tsjêbbe struit mei ‘nuvere’ ôfbrekkings, dy’t doelleas lykje te wêzen – seker as wy de Nederlânske oersetting derby pakke –, en dat it prosedee dat Tsjêbbe folge hat net folle oars is (sterker noch, prinsipieel itselde) as wat ik folge haw: hjir en dêr ‘nuvere’ enjambeminten meitsje, omdat de foarm – lês: it tal wurdlidden – dat op in stuit fereasket. Sjoch bygelyks de ôfbrekking fan de earste fersrigel yn ien fan myn tanka’s oer de kust fan Funen yn Denemarken:
Mei strân waard hjir net
struid, mei gers, roas, peppel, din
is de kust in tún
elk hat syn steigertrepke
daalt moarns ier ’t heilwetter yn.
Is dat ynhâld yn in mal drukke? Liket my net. Is Tsjêbbe oait bekritisearre om syn ‘nuvere’ enjambeminten? It soe samar kinne, ik haw it net útsocht. Yn alle gefallen hat Abe ferskate gedichten fan Tsjêbbe opnommen yn syn blomlêzing Goud op de weg. De Friese poëzie sinds 1880 (Bornmeer, 2008). En dy tille op fan de ‘ynhâldsleaze’ ôfbrekkings. In foarbyld út it gedicht ‘It Weinhûs’ (s. 374).
(…)
Dêrtusken bin ik op ’en paad, yn mysels pratend ûnder oare
Protters, nei in punt dat slút as in iepen knier, ûntslút as in
Gedicht: iepensteand weinhûs fol stille leechte, it kuolhûs foar
De Nuffield, dy’t, aanst, neitintelje sil sûnder dat immen it
Fernimt; oan yn it izer ta wit de ierde har allinne, hjir.
(…)
Blykber wienen ‘nuvere’ ôfbrekkings yn in strofebou fan fêste wurdlidden (yn it gefal fan ‘It Weinhûs’: 17-16-17-16-17) foar Abe doe gjin issue.
Werom nei de kearnfraach. Moatte enjambeminten yn ’e poëzy perfoarst altyd wat taheakje oan de ynhâld? Nei myn betinken net. Se meie ek oare funksjes hawwe, bygelyks foar it metrum, de muzyk of sels de estetyk fan it fersbyld (wat fansels in kwestje fan smaak is). In ôfbrekking kin boppedat in rezjy-oanwizing fan de dichter wêze foar de deklamaasje fan it fers. It tsjut dan op in koart ynhâlden fan it tempo. En sels al soe in ôfbrekking allinnich út boarterij mei de foarm fuortkomme en fierders gjin dúdlike funksje hawwe, dan noch hat er wat my oangiet besteansrjocht en is er net perfoarst in bewiis dat de dichter te min omtinken oan foarm of technyk jout.
By it enjambemint yn de begjinrigels fan Tsjêbbe syn gedicht ‘De krûk’ spilet njonken it tal wurdlidden it metrum in rol. Twa kear achterinoar is de einfoet in jambe: eagen fan/ – betizen, by/. Yn de Nederlânske oersetting fan it gedicht hawwe de earste beide rigels in trochee as einfoet krigen: blauwe ogen/ – verwarden/. Metrum spilet ek in rol by de ôfbrekkings yn myn ‘Liet op ’e Pôle’. Bygelyks, de earste beide rigels fan it fers einigje ûnbeklamme (wreide – rút dat) en rigel trije en fjouwer beklamme (seine krekt – ljocht yn dold). Yn de begjinfuotten fan deselde rigels hantearje ik in alternatyf skema: rigel ien en fjouwer begjinne ûnbeklamme en twa en trije beklamme. Dat is dus minder doelleas as dat Abe seit dat it liket. En dat ik yn dat metrum dan ‘nuvere’ ôfbrekkings brûk, is neat mis mei. Tsjêbbe syn foarbyld lit sjen dat wy it punt fan in behâldende fyzje op enjambemint al lang foarby binne.
Abe syn krityk op de wize hoe’t ik no en dan mei enjambemint omgean, hat my derfan bewust makke dat myn poëzy, sels myn koartrigele ‘Japanske’ fersen, mear mei Tsjêbbe te krijen hat as dat ik earder tocht. Hjir jildt ek in âlde joadske wysheid: krityk is net slim, ek al fine je dy krityk ûnterjochte. Krityk jout je de kâns om je blik te ferbreedzjen, al kin dat yn in oare rjochting wêze as de kritikus eins hawwe woe. Foar my stiet fêst: ‘nuvere’ ôfbrekkings sille ien fan myn stylkenmerken bliuwe, yn alle gefallen salang’t ik fêste foarmen brûk. Al wol Abe it hûndert kear oars hawwe. Yn in lêste reaksje op Facebook blykt dat er derfan útgiet dat it spoek fan de Funksjonele Ofbrekking no omwaret. Dat hinget der fanôf. As it begryp Funksjonele Ofbrekking beheind wurdt ta it nivo fan ’e ynhâld, sa’t Abe liket te dwaan, dan net. Dan hat dat spoek even BOE roppen, mar seit er BOEM as der in lampke oanknipt wurdt (lês: bygelyks de gedichten fan Tsjêbbe) en ferdwynt er yn de datearre wetten fan de poëtika.
Klik hjir foar it besprek fan Raffelwjok yn it Friesch Dablad troch Abe de Vries. (pdf)
Ik soe ris in boekje lêze oer ynhâld en foarm yn poëzij, Syds. Enjambeminten MOATTE net wat taheakje oan de ynhâld, enjambeminten HEAKJE wat ta oan de ynhâld, domwei om’t se bestean út in lêste wurd fan in rigel dêr’t mear klom op komt, en in earste wurd fan in folgjende rigel dêr’t mear klam op komt. Allinnich, as dy wurden it ynhâldlik net wurdich binne om mear klam te krijen, dan lit mar. Jawis, der binne ek muzikale redenen foar enjambeminten, dat sil net ien ûntkenne. Dat wol allinnich net sizze dat de ynhâldlike effekten der dan ynienen nét mear binne. En asto perse lidwurden telle wolst – Tsjêbbe die it ek, hoera! – en dyn rigels yn ien of oare foarm jitte, moatst dat foaral dwaan en der foaral mei trochgean. Hooplik smyt it yn dyn tredde bondel minder problemen op.
Nei myn betinken leisto de klam tefolle op ‘e ynhâld dy’t in enjambemint generearret. En as de boekjes dat ek dogge, dan haw ik ek krityk op ‘e boekjes. As der muzikale, metryske en/of oare redenen binne foar in spesifyk enjambemint – en dy binne der yn de rigels dy’t ik oanhelle haw út Liet op ‘e Pôle, en dy sjochst ek by Tsjêbbe -, dan kin it argumint fan ‘e ynhâld nei de eftergrûn ferdwine. Dat is in prima poëtysk prosedee fyn ik.