Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Novimber 2016 (bywurke 10-11-16)

logo.ensafh

Poëzij

Bartle Laverman
In echte Fries
Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis € 12,00
ISBN : 9789074516204

Fan 24 jannewaris oant en mei 27 maart 2016 wie der in eksposysje yn Tresoar fan skilderijen en gedichten fan Bartle Laverman mei de titel ‘Is der ek Fryske ferbylding?’ Yn dizze útjefte steane no foto’s makke troch Haye Bijlstra fan de doe eksposearre skilderijen. Wiene yn Tresoar de gedichten op besite by de skilderijen, yn dizze bondel is it krekt oarsom.

 

D.A. Tamminga
In memoriam
Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis: € 10,00
ISBN: 978-90-74516-23-5

Douwe Tamminga skreau dizze gedichten nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn iennichste soan.
By gelegenheid fan de foarstelling Foar dy nei dy wêryn’t fragminten út de syklus ‘In memoriam’ fan Douwe Tamminga sitearre waarden is der in spesjale útjefte publisearre ta oantinken oan de foarstelling en om de monumintale syklus yn syn gehiel lêze te kinnen.

Eeltsje Hettinga
It Font – leporello
… 2016
Ferkeappriis € 7,00
ISBN ?

De leporello It Font is ferskynd by de dûbeleksposysje fan it Frysktalige fideopoëzyprojekt It Font yn oktober 2016 yn Museum Belvédère op it Hearrenfean-Oranjewâld en it Fries Museum yn Ljouwert. De leporello is troch foarmjouwer Gert Jan Slagter ûntwurpen, besteand út it twatalige gedicht ‘In spegel de see ‘ / ‘The sea a mirror’ en seis stills út de koarte ‘films’ fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp.

Syds Wiersma
Raffelwjok

Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis € 12,00

Raffelwjok is de twadde dichtbondel fan Syds Wiersma (1963). It is in seleksje út fiifentweintich jier (foar in part sliepend) dichterskip. Yn 1992 debutearre er mei de bondel Alles wat ik net betinke woe. Om 1995 hinne hold er op mei it skriuwen fan poëzy. Tsien jier letter kamen de driuw en wille werom, earst mei Nederlânske gedichten, de lêste jierren ek wer mei Fryske. De ‘raffelwjokken’ yn dizze nije bondel binne net gronologysk oardere. Ald en nij steane trochinoar en binne min of mear tematysk oardere. Lânskip, leafde, leauwen en de betsjutting fan it skriuwen sels binne foar Wiersma wichtige boarnen fan ynspiraasje en wurde gauris yninoar ferflochten.

 

Dieuwke van der Meer-Posthumus
Foar altyd yn ús hert
Afûk, Ljouwert 2016
ISBN 9789492176202
Ferkeappriis € 8,95

In treastend kadootsje of in ynspirearjend boekje foar dysels.

Sammele troch Dieuwke van der Meer-Posthumus, achteryn is in list opnommen mei faak brûkte teksten foar kaarten en advertinsjes.

Proaza

Anders M. Rozendal
Rachel, de dochter fan Timna
KFFB, Dokkum 2016
ISBN: 978-94-91971-10-5
Ferkeappriis € 16,00

Rachel waard berne yn it jier 28 fan ’e Juliaanske jiertelling. In heit hie se net, yn safier, har mem koe har net fertelle wa’t dat dan wêze moast. Doe’t Rachel âlder waard, seagen guon har as in maklike proai. Wa soe har helpe kinne? En hoe koe se har, yn in kultuer dêr’t froulju amper telden, steande hâlde?

Hykje Goïnga
Frijende kikkerts
Elikser, Ljouwert 2016
iSBN 9789089541536
Ferkeappriis € 13,50

 

 

Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen.

It boek ferskynde foar it earst yn 1986. Dizze tredde printinge is de werútjefte fan de twadde út 2010.

Jan Schokker
Kabel en tou

Elikser, Ljouwert 2016
ISBN 9789089548924
Ferkeappriis € 15,00

Twillingbroers treffe inoar nei 25 jier wer en rekkenje ôf mei it ferline

Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei’t syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde.

Josse de Haan
Reade snie en swarte hagelstiennen
Elikser, Ljouwert 2016
ISBN 9789089548894
Ferkeappriis € 16,00

Foar de haadpersoan yn dit boek binne manlju allegear reptilen. En der is mar ien manear om der mei om te gean: dwaan as rekket it je net, mar yntusken stadich fergif struie. Dat is better as deastekke, of yn ien kear fergiftigje en it wurket effisjinter.
De frou dy’t hjir har monolooch hâldt is dêr in master yn wurden. En al liket har itselde te oerkommen as har mem: brûkt wurde troch in man dy’t oare wiven pakt, úteinlik wint sy. Foardat har man it troch hat, rekket er alles kwyt, krekt sa’t de froulju yn dit boek alles kwyt rekken, sels harsels. Yn dizze novelle fertelt se har ferhaal. Oer de minne jierren, it tekoart oan jild, de fernederingen, de hypokrysy. En… oer de wraak.

Hylkje Goïnga
Tsien fan Hylkje
Afûk, Ljouwert 2016
ISBN 9789492176356
Ferkeappriis € 7,50

Hylkje Goïnga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en De Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goïnga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde foet set omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de útsûnderlike húsfrou Martha ha anno 2016 noch neat oan aktualiteit ferlern.

Yn dizze bondel steane tsien ferhalen dy’t karakteristyk binne foar it wurk fan Hylkje Goïnga: koart om ‘e hoeke, humoristysk en bysûnder.

Durk van der Ploeg
De lêste floed
Het Nieuwe Kanaal, Ljouwert, 2016
ISBN 9789492457028
Ferkeappriis € 19,50

Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy’t dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn ‘e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy’t Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek mei ûnbegryp, ûndergiet. In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama’s, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.

Froon Akker
Ik bedoel mar
Froon Akker (ebook, eigen beheer)
Ferkeappriis € 5,95

Sechstjin ferhalen dy’t mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel ‘Ik bedoel mar!’ yn in nutedop.

It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is.

 

Oersettingen

Paulo Coelho
De spion
De Arbeiderspers / Afûk
ISBN: 9789029511421
Ferkeappriis € 18,99

Mata Hari – har iennichste misdie wie dat hja in frije en ûnôfhinklike frou wie

De fan oarsprong Fryske Mata Hari (1876-1917) wie de meast begearde frou fan har tiid: in ferneamde eksoatyske dûnseresse dy’t omgong hie mei grutheden en it publyk skokte en yn ferfiering brocht mei har eroatysk laden optredens.

Yn De spion brûkt Paulo Coelho syn ferbyldingskrêft om it like gloarjerike as tragyske libben fan Mata Hari op ’en nij te skeppen. Har drege jeugd, har ûngelokkige houlik dat har yn Nederlânsk-Ynje brocht, de tryste wederwarichheden fan har bern, har komeeteftige opkomst as dûnseres, har yntime omgong mei heechpleatste militêren en politisy dy’t har úteinlik op in beskuldiging fan spionaazje en heechferried kaam te stean. It is it ferhaal fan in frou dy’t de moed hie om harsels te befrijen fan it moralisme en it bekrompen boargerfatsoen fan it begjin fan de tweintichste iuw.

Unskuldich? Miskien is dat net it goeie wurd. Unskuldich haw ik noait west, sûnt ik in foet sette yn dizze stêd dêr’t ik sa fan hâld. Ik miende dat ik dyjingen dy’t my steatsgeheimen ûntfytmanje woene, manipulearje koe. Ik miende dat Dútsers, Frânsen, Ingelsen, Spanjoalen nea wjerstân biede soene tsjin myn persoan – mar úteinlik wie ik dejinge dy’t manipulearre waard.

Paulo Coelho is in wrâldferneamd skriuwer. Hy is de skriuwer mei de measte folgers op social media. Fan syn boeken, dy’t ferskine yn mear as 170 lannen en 81 talen, binne rûnom op de wrâld goed 210 miljoen eksimplaren ferkocht.

Oersetting: Jantsje Post en Jetske Bilker.

Roald Dahl, oersetting Martsje de Jong
De GFR
Regaad, Grins 2016
ISBN 9789082197044
Ferkeappriis € 15,00

De GFR. Wa kent ’m net? Mei syn krûmpraterij, syn fripsdrippers en snoaskommers, syn dreamfangerij, mei syn njoggen minskfrettende buormanreuzen én de lytse Sofie, dy’t pardoes yn de reuzewrâld fan de GFR bedarret, hat de Grutte Freonlike Reus de herten fan miljoenen bern én folwoeksenen oer de hiele wrâld stellen.
Yn in firtuoaze oersetting fan Martsje de Jong en mei prachtige kleureyllustraasjes fan Hilda Groenesteyn komt de fantastyske dreamwrâld fan de GFR no einlings ek yn it Frysk ta ús. Poere lêswille, foar jong en âld!

Ferskaat

Friduwih Riemersma
Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 – En oare essees
Utjouwerij Grotesk, Amsterdam 2016
ISBN: 9789082576207
Ferkeappriis € 12,50

Sjedêr in boek mei koarte essays. EN wat foar essays. Fan sa’n heech intellektueel gehalte dat se yn ‘e ferkommersjalisearre Hollânske kultuer anno no net mear ferskine kinne soene – want sels potinsjele yntellektuele reuzen as bygelyks De Swaan of Pleij lizze tsjintwurdich op ‘e knibbels foar de lêzer en happe sa hearlik wei. Inkeld dêr’t ferkeapsifers der eins net ta dogge, yn de Fryske kultuer, dêr kin men noch sokke heechstantsjes sjen litte yn boekfoarm.

Douwe Kootstra
Achterlik Fryslân en oare columns
It Fryske Gea, Olterterp, 2016
Ferkeappriis € 7,50

Kootstra skriuwt neist reisferhalen al jierrenlang kollums foar it ledeblêd fan It Fryske Gea. Op humoristyske en krityske wize behannelet er ûnderwerpen dy’t te meitsjen hawwe mei miljeu, natuer en natuerbelied, lykas jacht, landschapspijn, bijen, aaisykjen, stienmurden, iepenbier ferfier ensafuorthinne. De reizger werkenne jo yn syn natuerobservaasjes dy’t yn Katalonië, Nova Scotia, It Miden-Easten, Peasens-Moddergat en op Flylân spylje.

 

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch te reagearjen ûnderoan dizze side.

2 reaksjes op “Nij op ‘e planke Novimber 2016 (bywurke 10-11-16)

  1. ,,Cornelis van der Wal bringt jo wer op ‘e hichte fan de meast resinte Frysktalige literêre publikaasjes”, lês ik, minus ien, nammentlik de yn oktober by útjouwerij Grotesk ferskynde esseebondel Kultuerferlies.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *