
Priiswinners Swalkwedstryd 2016 bekend
Swalk Frysk op toernee hat in wedstryd ‘Sluvetugen’ útskreaun: wa makket de moaiste slúf? It kreatyfste kevert, de opfallendste enveloppe?
De wedstryd is hâlden yn ferbân mei it Swalktema fan 2016: Brieven. It Kadoboek ‘Neiskrift’ is dit jier in brieveboek, skreaun troch Marga Claus en Aggie van der Meer.
De earste priis is wûn troch: Gea Valk út Ljouwert, dy’t de binnenstêd fan Ljouwert op de slúf tekene hat en de ôfstjoerder ek hiel spesjaal foarmjûn hat. Twads is Marloes Landman út Snits, dy’t it swalkjen oer de wrâld útbylde hat yn kombinaasje mei ôfwikseljend materiaalgebrûk.
Yn de sjuery sitte: Yke Reeder, yllustrator en skriuwster fan it Aksjeboek foar bern ‘Wapper’, Sietze Zwanenburg, foarmjouwer Swalk en Ciska Noordmans, redakteur fan it tydskrift Heit en mem.
De beide prizen wurde útrikt op woansdei 16 novimber 20.00 op in ekstra Swalkjûn yn Tresoar.
1e priis
2e priis