Klaske Hiemstra

Nei Antonio

logo.ensafh

Wy binne al hast dronken as wy der by Antonio ynfalle. Foar Antonio sels makket soks net út, mar der binne ek oare gasten, fansels.

Dat, wy gedrage ús.

Frâns en Hilde dogge de jas út en Hilde giet foar my oer sitten, en Frâns oan it haad fan de tafel sa moai tusken ús yn.

Eins bin ik te lammenadich om de jas út te dwaan, en de mûtse hâld ik ek mar op. Omdat ik bang bin dat myn holle samar op de tafel falle sil, set ik myn fûst ûnder it kin en de earmtakke op it sniewite tafellekken.

Ik sit sa moai stevich, glimkje nei Hilde en wrakselje my troch de menukaart. As soe it wat oars wurde as pizza. As soe it wat oars wurde as quatro stagioni. Yn myn omstannichheden is it werklik tefolle frege om ek nochris kreatyf te wêzen.

As ik klear bin mei sabeare de menukaart te besjen, helje ik myn hân ûnder myn holle wei en stek in sigaret op. Moarn sil ik dermei ophâlde, echt. Myn holle bliuwt op alderaardichste wize yn lykwicht, ik wit hast net hoe’t ik it haw. Ik moat wol net mear as ien kant útsjen fansels. Ik sjoch nei Hilde. Hilde sit mei ynmoed nei de kaart te sjen en sjochst gewoan dat har it wetter yn de mûle rint fan al it lekkere iten dat Antonio te keap hat. Hilde hat net tefolle op. Se kaam pas letter oan yn myn hûske. Wat my oanbelanget hie se hielendal net hoegen te kommen, mar Frâns tinkt der oars oer, sa te sjen.

Doe’t Frâns niis by my thús oanrinnen kaam, hie ik al twa, trije gleskes op. Wêrom? No dêrom. Ik wist net dat Frâns komme soe, mar ik wie bliid dat er der wie. No koene wy prate.

Frâns woe ek wol in gleske wyn en tegearre dronken wy de flesse leech. Ik hie tocht dat myn moed wol groeie soe mei it tal gleskes dat ik efteroer sloech, mar niks derfan. Dat binne ek mar mearkes. Jin moed yndrinke, ha.

Frâns frege hoe ’t it op it wurk wie, en dêr wie alles goed. Skuon ferkeapje is net maklik, mar ik kin hiel goed mei de klanten. En dat is om’t ik net sa’n prater bin, de minsken ha net it gefoel dat ik se wat oansmar. Friezen hâlde net fan ferkeapsters dy’t harren mar wat oansmarre. Se hâlde fan rêstige froulju dy’t begripe wat se noadich ha. Dan geane se tefreden de winkel út en komme letter wer. Dat ik bin in goede ferkeapster. Altyd west. Dat Frâns frege mar even foar de foarm, tink. Ik fertelde him net dat ik de dagen hast net omkrije koe, no. Ik fertel safolle net oan Frâns. Ik soe him folle mear fertelle moatte, eins soe ik him alles fertelle moatte. Mar ik wit net wat hy derfan fynt. Ik wit eins net iens wat ik der sels fan fyn. Ik moat yn alle gefallen al trochlibje, sa’t it no liket. Der wurdt wat fan my ferwachte. Ik stek noch mar in sigaret op en blaas de reek elegant nei Hilde. Hilde laket. Se is gek.

Hilde kaam krekt oan de doar doe’t Frâns syn hân nei my útstuts en alles goed like te kommen. It soe goed komme, ik soe my wer goed fiele. Mar Hilde kaam der dus yn. Sy is myn freondinne en se komt wol faker del. Se kin Frâns fansels ek wol, al komme se net faak tagelyk troch de doar.

“Ha, is dyn freontsje der ek”, lake se. “Ha Frâns!”

En se tute him op beide wangen, trije tuten, sa’t it heart, mar it steurde my.

Se gie op ’e bank sitten en woe ek wol in gleske wyn. Dat ik makke noch in flesse iepen. Frâns woe ek noch wol wat en ik naam der sels ek noch mar ien. Moarn soe ik dermei ophâlde, echt. Mar no noch net. Hilde kin hiel sunich drinke, se die in oere oer ien gleske. Mar doe wie de twadde flesse ek wol leech. It wie al hast acht oere en wy hiene noch neat te iten hân. Hjir hie ik fansels net op rekkene. Ien gehakbal hie ik yn de kuolkast, oer fan juster, en in skaaltsje mei kâlde spruten. Dat Frâns krige in poerbêst idee. Wy geane út iten, sei er. En do rydst, wiisde er nei Hilde, want do bist noch nochteren. Hilde lake nei him. It wie in apart soarte fan laits en ik fernuvere my deroer dat ik it net ferneare koe. Frâns is myn freon, en ik ha mar leaver dat froulju net nei him laitsje. En it slimste wie, Frâns sloech in earm om har mul en dûnse even mei har troch de keamer. Dat is fansels hielendal fierstente mâl. Mar ik glimke tefreden. Frâns is myn freon en Hilde myn freondinne, dat ik bin bliid dat se sa goed opsjitte kinne. Ik ken myn rol fan bûten. Ik seach noch even oft ik myn sigaretten wol hie. Yn myn tas sieten sigaretten. Ik luts myn jas oan, en krige nochal handich myn earms yn de mouwen. Ik wie grutsk op mysels. Doe gie ik foar de spegel stean. Ik sette de mûtse kreas op myn donkere hier. Ik seach der perfekt út. Ik besocht te laitsjen nei mysels, mar de laits dy’t foar my bedoeld wie, mislearre. Dan mar sûnder. Lit ús nei Antonio gean, stelde ik foar. It is woansdei, dan sil it wol net sa drok wêze. En faaks krije wy kwantumkoarting.

Ik stek noch in sigaret op. Mei myn holle giet it poerbêst. Antonio komt sels de bestelling opnimmen. Hy giet achter my stean en ik fiel wat hurds yn myn rêch. Antonio wol altyd wat mei my, en ik somtiden ek wol mei him. Hy is meager en hat prachtige eagen. Syn hannen witte krekt wat se dwaan moatte. Ik bin lykwols net fereale. Ik wit eins net iens wat dat is. Miskien moat men lokkich wêze om fereale te wêzen. It kin ek oarsom fansels. Dat men lokkich wurdt as men fereale is, bedoel ik.

Dat is, mien ik, de gongbere opfetting. Myn holle wankelet, ik kin no even gjin sigaret opstekke, tiid foar it ûnderstypjen.

Wy bestelle alletrije in pizza, Ik myn quatro stagioni, Frâns in campagnola en Hilde in frutti di mare. Hilde wol slank bliuwe. Dat slagget fansels net mei pizza’s, sels net as der allinnich mar fisk op sit.

Antonio bringt ús in literkaraf reade wyn. Eins ha ik wol genôch hân, mar ik wol gjin spulbrekker wêze. Ik nim om te beginnen mar in grutte slok, dan bin ik eefkes frij. Ik stek noch mar in sigaret op, safolle kwea kin dat net, tink ik.

Frâns hat de kolder yn ’e kop. Hy ropt: “En doe sei ik tsjin dy fint, eh ju, ik kom der sels wol út hear!”

Frâns is myn freon. Wat soe ik sûnder him moatte?

Hy en Hilde laitsje lûd. De oare gasten sjogge fatsoenlik de oare kant út. Ik wit net oft ik sa fatsoenlik wêze soe. Ik doch de mûtse no dochs mar ôf. De jas hâld ik noch eefkes oan. Dat is echt te folle wurk. De stoel nêst my is leech, dêr sil ik him aanst dellizze.

“It is net drok”, sis ik. Sjoch, ik doch sels mei oan it smout petear. Ferheard sjogge Frâns en Hilde even myn kant op. It is even nuveraardich stil oan ús tafel. Dan nimme se de tried wer op.

“It libben hat fiif seizoenen”, mient Hilde. Wêr hat myn freondinne dat wiispraat wei? Sy sjocht Frâns yn ’e eagen en ik wit dat ik him kwyt bin. “En de fiifde is de ivichheid”, seit Hilde as hat se der patint op en Frâns laket even net, sa ûnder de yndruk is hy fan de yntellektuele kapasiteiten fan syn oansteande freondinne. Moedich nim ik noch in slok. Ik sûzje wat en lit harren prate. Ik ha altyd witten dat ik Frâns net hâlde koe. Soks is net foar my weilein, dat begryp ik bêst. Mar Hilde, wêrom mei Hilde, en wêrom krekt no. Ik hâld de siken yn, yn ’e hope dat myn gleske net mei triennen folle wurdt. Sil ik noch in slok nimme as noch in sigaret? Ik kin hurder smoke as God tabak siedzje kin. Ik nim in slok.

Aha, dêr komme de pizza’s.

Hilde is noch hieltyd net dronken en snijt fikse punten en yt dy stadich op, laitsjend om de foar my ûnneifolgbere grappen fan Frâns. “En yn it sikehûs wie it mis fansels!” ropt myn freon. Hy laket hurd om dizze idioate grap. Hilde skatteret it út en ik bin der wis fan dat sy noch oan har earste gleske sit, hjir. O ja, se soe ride. Ik pjuk wat op de ham om en nim dan dochs mar in asperzje. Dan lis ik de foarke wer del. Even stypje, myn holle is dochs wol in bytsje dwyl.

De jas moat ek mar ris út. Ite mei de jas oan, wat soe ús mem dêr net fan sizze. Ja wat soe ús mem der wol net fan sizze. Alles witte makket net lokkich. Ik bin wizer as jo mei sa’n bel drank yn it liif merkbite kinne. Want ik sis neat. Better fan net. Swije, dêr haw ik patint op. Ik glimkje noch mar ris nei myn freon en myn of syn freondinne en ik tink deroer hoe aardich it is om fersierd te wurden. Ik soe der nei útsjen kinne as ik net safolle oan de holle hie.

Frâns hat syn pizza al op. Hilde is healwei en begjint no alle fisk tagelyk op har fuorke te skowen. De boaiem is foar ús froulju te lêstich, it set tefolle oan. As se alle belech op hat, begjint se wer te laitsjen. Wat is Frâns dochs grappich. Ik sjoch de oare kant út, want men is der nea wis fan oft blikken werklik net deadzje kinne.

Mei dat ik om my hinne sjoch, falt my op dat der in frou nei ús sit te sjen. Ynienen wurd ik kjel. Ik haw it gefoel as sjocht se dwers troch my hinne en wit hoe’t alles sit. Ik sjoch wer op myn boerd. Nee, ik moat perfoarst net mear ite. Noch mar in slokje, dat is better. Ik hie tocht dat ik mei de drank alles ferjitte koe, mar ik bin noch like helder as altyd. Ik freegje my sels ôf wêrom’t ik net ite wol. Mar ik wit ommers it antwurd wol.

Ik kin my net yntinke dat der ea ien sa leaf foar my wêze sil as Frâns. Leaf famke, flústeret er dan yn myn hier, as wy tefreden lizze. Frâns. Frâns. Hilde.

O wy moatte fuort. Komt dat even moai út, de wyn is ek op. Wa hat eins betelle? Frâns tink. Ik tink dat Frâns betelle hat. No moat de jas wer oan, dat is minder. Dan mar earst de mûtse op. Sa kreas in bytsje skean op myn donkere hier. De jas. “Frâns, help my mei de jas”. De mouwen. Ien foar ien. Klear. Ik ha net omsjoen nei de frou. Mar se sjocht ús nei, ik bin der wis fan. Wy rinne mei syn trijen nei bûten. Hilde hâldt it efterste portier foar my iepen. Frâns giet foar my sitten nêst Hilde. Ik jank net. No noch net. Wy ride.

“No, hjir kinst der út”, laket Hilde. “Haw ik dy net kreas thúsbrocht?” Hilde do bist fantastysk.

“Sliep moarn mar út”, seit se. Dat soe wat wêze, ja. Dan krûpt se wer efter it stjoer, neist Frâns. Se ride tegearre de strjitte út en gean dan rjochtsôf. Nei Hilde of nei Frâns? Wol ik dat witte?

Nei wat meneuveljen krij ik de foardoar iepen.

Ik moat it sels oprêde. Sûnder Frâns. Hy sil dochs lykwols noch wol ris delkomme? Hy is myn freon, miskien wie. Allinnich hy wit net… Miskien belje ik him moarn. En ik hâld op mei smoken. En ik drink net mear. Myn fuotten wolle my hast net mear drage, mar dochs bin ik krekt op ’e tiid by it húske. Ik spui alles derút. Of alles, nee net alles. Lytse Frâns bliuwt sitten fansels.
 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *