
‘Om helder yn ’e holle te wurden giet de ien te draven en de oar te winkeljen en ik pak de pinne om dingen foar mysels op in rychje te krijen.’
Marga is op 16 febrewaris 1955 berne yn Ljouwert en hat dêr oant har sande jier ta wenne. Dêrnei ferhuze se nei Easterein. Se folge de ûnderwizersoplieding oan de PA yn Snits. Yn 1987 gie se as weryntreedster oan it wurk by de Stichting Basiseducatie Zuidwest-Friesland, letter opgien yn it Friesland College. Dêr folge se in post-HBU-stúdzje folwoeksene-edukaasje wêrnei’t se Nederlânsk en kompjûterles joech yn Snits. Op it momint jout se ekstra stipe by it fak Nederlânsk oan MBU-learlingen op it Friesland College yn Ljouwert. Al op jonge leeftyd begûn Marga Claus mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Yn 1990 wûn se de twadde priis mei in ferhaal by de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen. Yn 2000 kaam har debútroman Oxzana, ferhaal fan in flechtling út. Dêrnei folgen De heit fan Serafyn (2003), Lytse Do (2006), Bollman & Bollman (2009). Yn 2013 ferskynde Kompleten, dat yn 2015 op de longlist fan de Gysbert Japicxpriis kaam. Mei Aggie van der Meer skreau se it brieveboek Neiskrift, dat it Kadoboek wie yn de Boekewike 2016. Marga’s man Hans Claus ferstoar yn april 2011. Mei him krige se trije bern. Har nije partner Jan hat ek trije bern en tegearre hawwe se alve bernsbern.
Do bist al op jonge leeftyd begûn mei skriuwen.
‘Yn it begjin die ik dat noch net profesjoneel. Ik bin debutearre yn 2000 op myn 45e. Dêrfoar skreau ik wolris in ferhaal en ik hold in deiboek by en ik haw hûnderten brieven skreaun yn myn libben, net mei de bedoeling om te publisearjen.’
Yn dyn biografy op sirkwy.nl stiet datsto troch te skriuwen grip op de wrâld hâldst.
‘Om helder yn ’e holle te wurden giet de ien te draven en de oar te winkeljen en ik pak de pinne om dingen foar mysels op in rychje te krijen. Ik begjin myn omjouwing op te romjen omdat it yn myn holle sa’n tizeboel is. It is wat in moadeterm, mar ik tink dat ik heechsensityf bin. Ik fyn it dreech om prikkels te filterjen. Alles komt by my binnen en ek altyd frij heftich. As ik jûns op bêd gean spilet alles him noch yn myn holle ôf en dêrom haw ik faak sliepproblemen. Ik fernim dat as ik it opskriuw ik sicht krij op wat der allegear yn ‘e holle sit. Je hope ek dat der wat progresje yn je libben sit, yn dy sin dat je wat tanimme yn libbenswiisheid. As ik bygelyks myn deiboek wer neilês kin ik sjen hoe’t ik earder ergens oer tocht en dat it libben my leard hat dat dingen dochs wat nuansearrer lizze.’
Dan silst hjir op it Friesland College ek wol lêst ha fan prikkels.
‘Ja. Ik wurke altyd yn Snits by de basisedukaasje en dêr wie it lytsskalich. Ik bin no hast 62, ik bin minder wurkjen gien en en ik ha oanjûn dat ik allinnich noch mar mei lytse groepen wurkje wol, want dy grutte groepen oersjoch ik net mear. Ik ha no groepen fan maksimaal acht of tsien learlingen en dat fyn ik geweldich. Oan de ein fan de moarn bin ik altyd wol wurch.’
Wat foar les joust hjir yn Ljouwert?
‘Ik jou hjir ekstra stipe by it fak Nederlânsk. De learlingen op it MBU moatte allegear op in bepaald nivo Nederlânsk dwaan en in protte gean dêrop ûnderút. Dat binne faak allochtoane learlingen en eks-flechtlingen. Ik fyn it hiel moai om mei minsken út oare kultueren te wurkjen. Dat blykt út myn boeken ek wol. Myn earste boek Oxzana giet oer in flechtling.’
Oxzana is noch tige aktueel. Fernimst dat ek noch oan de ferkeap?
‘It boek hat trije drukken hân. Yn in oersetting binne der ek twa printingen útkommen. Dat is foar Fryske begrippen geweldich. Yn Fryslân is it boek wol bot lâne, mar de Nederlânske oersetting dy’t útbrocht is by Van Gennep yn Amsterdam haw ik eins nea mear wat fan heard. Yn dy tiid, 2000 kaam it boek yn it Frysk út, wiene der eins hielendal gjin boeken oer flechtlingen, ek net fan flechtlingen. Oxzana wie ien fan de earste boeken dêroer. Mar it is pas yn 2005 yn oersetting útkommen en doe wiene der fansels al folle mear boeken oer flechtlingen. Miskien dat dat ien fan de oarsaken is dat it boek yn Nederlân sa min bekend is. Yn 2010 is de tredde printinge yn it Frysk útkaam, yn de rige ‘bêst ferkochte boeken’ fan De Afûk. Mar it wie eins wat te let; it wie tsien jier letter en it boek ferkocht doe net hiel goed mear.’
Kompleten giet oer in frou dy’t acht dagen yn in kleaster tahâldt. Dochsto dat sels geregeld?
‘Ja. En de ik-persoan yn Kompleten bin ik. Ik ha acht dagen yn in kleaster west om te skriuwen en doe’t ik thúskaam wie myn man siik. Nei myn ferbleau hie ik twa ferhalen op papier, it ferhaal fan de brieven fan pater Rogatus Hoogma yn Brazilië en oantekens dy’t ik makke hie fan wat der yn it kleaster barde. Ik seach der net in boek yn, dus it is yn in laad bedarre. En om’t Hans siik wie hie ik gjin tiid mear om te skriuwen. Hans sei yn it lêst tsjin my, foar’t er ferstoar: “Moatst aanst wol wer skriuwe, want dat wurdt dyn rêding.” Ik tocht: wer skriuwe, mar wêroer? Doe begûn ik syn ferhaal op te skriuwen en seach ik dat dat allegear parallellen fertoande mei dy twa stikken dy’t der al leine en sa haw ik trije ferhalen kombinearre yn ien boek.’
De Boalserter pater Rogatus beskreau yn syn brieven wûnderen dy’t er meimakke yn Brazilië. Hasto sels ek wûnderen meimakke?
‘Wûnder is sa’n beladen wurd. In wûnder wurdt altyd in bytsje sjoen as tsjoenderij, dat eat der ynienen is dat der earst net wie en oarsom. Ik haw yn Kompleten de definysjes opskreaun fan it wurd wûnder. Ik stean wol iepen foar de wûnderen yn it libben. En ik tink dat dy alle dagen barre, ast se mar sjen wolst. Dat ik no wer in partner fûn ha dy’t syn frou ek oan termkanker ferlern hat en dat wy it no sa goed ha, neam ik in wûnder. En in oar seit dan: “No, dat is moai foar jim.” Kinst it wurd wûnder net yn elk fermidden kwyt. Ast it boek lêzen hast kinst fernimme dat ik tige skeptysk bin oer de wûnderen dy’t pater Rogatus beskriuwt. In slokje wetter mei ien dripke wyn en dan wurdt in melaatske better, dan tink ik: it sil wol. Ik freegje my yn it boek hieltyd ôf wat ik dêrmei moat. It wie dochs sa’n nofteren man, dy pater. Hy is fansels wol beynfloede troch de Braziliaanske kultuer, dêr’t boppenierdske machten in wichtige rol yn spylje. De brieven van Pater Rogatus binne echt, ik ha se letterlik sa oertypt, mei alle âlderwetske wurden deryn, lykas ‘booven’.
Dizze wike komt de Nederlânske oersetting Completen út by Het Nieuwe Kanaal. De redakteur frege oft de flaters der net út moasten. Mar ik sei dat de brieven yn 1955 skreaun binne en dat dy wurden moai stean bliuwe moatte. Ik ha de brieven krigen fan twa froulju yn Boalsert. Pater Rogatus wie harren omke. It eins in soart Lourdes-ferhaal. De froulju seine dat harren omke itselde meimakke hie, mei wûnderen en Mariaferskinings en dat dat ferhaal eins yn de dôfpot stoppe wie. Ik hie al in boek oer in pater skreaun, De heit fan Serafyn, en ik wie eins net fan doel om wer oer in pater te skriuwen. Mar ik fûn it ferhaal dochs sa yntrigearjend dat ik der wol wat mei moast.’
Do bist roomsk, mar herfoarme grutbrocht en dyn man Hans hie in gereformearde achtergrûn.
‘Wy binne yn 2008 beide roomsk wurden, nei in syktocht fan sân, acht jier. Mei troch de ynspirearjende ferhalen fan Jan Romkes van der Wal, de pastoar fan Boalsert, dy’t no spitigernôch Alzheimer hat. Hy wie eartiids ek protestants, dus miskien dat it dêr ek wol fan kaam. Us famylje seach it op in bepaald momint wol oankommen. As je al jierrenlang nei de mis tagean en net mear yn de protestantske tsjerke komme, dan binne se net mear echt ferbaasd as je op in bepaald momint offisjeel de stap sette nei de Roomsk-Katolike tsjerke.
Myn nije partner is net leauwich, hy is humanist. Ik kom sels noch altyd yn de Boalserter roomske tsjerke. Net mear alle wiken, want dat slagget my yn de drokte fan twa gesinnen en fjouwer famyljes net sa goed mear, mar wol tige geregeld. Net omdat it moat, mar echt út ferlet gean ik derhinne. Ik sis altyd: “Ik moat in pear kear yn ’e moanne troch de knibbels.” Letterlik. Ik ha fieding nedich fan eat dat boppe de deistige werklikheid útstiicht. Yn de Boalsterter tsjerke stiet it hiele moaie byld fan Maria van Zevenwouden, dat al 700 jier âld is. Dêr haw ik ek in boek oer skreaun: Maria Monologen. Ik stek by it byld graach in kearske oan en gean dêr sitten om stil te wêzen en myn soargen del te lizzen. Dat jout my rêst.’
De pater Fransiskaan Eduard Andringa út De heit fan Serafyn is ek in besteand persoan. Hy ferbleau by de Papua’s.
‘Ja, mar hy libbet net mear. It boek is yn 2003 útkommen en hy is stoarn yn 2007. Dat wie foar my de befêstiging hoe wichtich libbensferhalen binne. Hy wie nochal demint oan de ein fan syn libben en hy bleau dat boek mar lêzen, fan foaren nei achteren. Dan belle er my alle kearen wer op en sei er: “Het is met Eduard. Ik heb je boek uit.” En dan sei ik: “Mar dat hiene jo dochs al lêzen.” “Ja,” sei er dan “maar als ik het uit heb, begin ik gewoon weer opnieuw.” Want sa hold er grip op syn bestean. It is net sa dat dat boek syn libbensferhaal is, want ik ha der in hiel soad by betocht en dingen feroare. Doe’t er my it ferhaal fertelde wiene dat fragmintsjes, want hy hie it hiele ferhaal net mear kompleet. Trije jier haw ik der oan wurke, tweintich oeren yn ’e wike. Ik ha in protte petearen mei him hân, mar op in bepaald momint ferhuze er nei Warmond en koe ik der minder maklik hinne. Foar de rest wie it selsstúdzje. Mar ek al wie it fiksje, it boek hat him de lêste jierren der trochskuord. Dêrom bin ik ek begûn mei kursussen autobiografysk skriuwen, as zzp-er by Tresoar. Sjoch: www.margaclaus.nl. Dêr belibje ik allegear fan dit soarte dingen. Minsken dy’t ynienen oer wat skriuwe kinne dêr’t se al har libben lang mei omrinne, omdat se dat no yn in bepaalde foarm dwaan kinne, lykas yn in brief. It biedt minsken treast, dat is prachtich. Yn dy sin bin ik hieltyd mear nei de autobiografyske kant opgien, sawol yn de lessen dy’t ik jou as yn myn skriuwen. Lytse Do en Neiskrift binne ek autobiografysk. Moatst wol sykje nei it universele yn it autobiografyske. Kinst net alles opkalkje watst op in dei belibbest want dat is foar gjin minske nijsgjirrich.’
Hast net it gefoel datst dysels tefolle bleat leist?
‘Nee, dêr haw ik gjin lêst mear fan. Minsken freegje my dat wolris oft ik der gjin muoite mei ha om my sa kwetsber op te stellen, bygelyks yn myn brieven. As ik wat publisearje dan wit ik dat it kloppet. Dat is belangryk datst dat witst, dan fielst dy net sa kwetsber mear. Mar dêr doch ik al jierren oer hear, dat is in hiel proses. Neiskrift is yn earste ynstânsje begûn as in foarm fan literêre rouferwurking. Aggie en Herman en Hans en ik wiene befreone. Doe stoar Hans en fiif wike letter Herman. Ik ha doe tsjin Aggie sein: “Sille wy inoar in jier lang brieven skriuwe om te sjen hoe’t wy hjir trochhinne komme?” En ek om it ergens kwyt te kinnen. Kinst dyn freonen hûndert kear itselde ferhaal fertelle, mar it is folle better om it op te skriuwen. Aggie wie dêr earst wol wat twifelich oer, mar se sei: “Begjin mar juh, dan sjoch ik it wol.” Doe hat se in brief weromskreaun en fûn se it dochs moai om te dwaan. Wy mailden net, mar wy stjoerden inoar echt brieven oer de slakkepost. Dat ha we in jier lang sa dien en doe wie it ek klear, alle dingen wiene wol sein. De brieven leine der en in pear jier letter waard ik frege oft ik it boekewikegeskink skriuwe woe. It like my moai om wat mei de brieven te dwaan. Doe ha Aggie en ik deselde brieven noch twa kear op deselde manier hinne en wer stjoerd, no fia de mail, want der moast skrast wurde; it boekje mocht maksimaal hûndert siden tsjok wêze. Kinst twa jier letter goed dyn eigen tekst redigearje, want dyn emoasje is dan hiel oars. Ik fyn werskriuwe moaier as skriuwe. Ik bin lang mei boeken dwaande, minimaal trije jier.’
Besjoch in film oer Neiskrift.
https://www.youtube.com/watch?v=2AVuRJq7tFg
Wat dochst noch mear, njonken it skriuwen, it wurk en de kursus?
‘In pear wike lyn haw ik it LV-kafee, it libbensferhalekafee, opstarten yn Winsum. Dat is in soarte fan fangnet foar de minsken dy’t de A- en B-kursus libbensferhalen skriuwen dien ha en dochs graach noch in stokje achter de doar ha wolle. Trije of fjouwer kear jiers hâld ik in byienkomst op tongersdeitemoarn yn de boppeseal fan it kafee yn Winsum en dêr binne wy ek ferhalen oan it foarlêzen en jouwe we inoar feedback en lêstips. Lêsten joech ien dy’t mei it libbensboek fan in oar dwaande wie oan dat se graach ynterviewtechniken oefenje woe. Doe ha we der mei ús allen oer praat wat no in goed fraachpetear is.
It boek Hemelvaart fan Judith Koelemeijer giet oer in freondinne dy’t se 25 jier lyn ferlern hat en fan wa’t se no noch it ferhaal opskriuwe wol. Myn kursisten wolle soms it ferhaal fan harren mem opskriuwe dy’t al jierren wei is. Hoe komst dêr no noch by en wa kin je noch wat fertelle? Troch sa’n roman te lêzen kinst ynspirearre wurde. Skriuwe is foaral ek in hiel soad lêze.’
Wat meist sels graach lêze?
‘Fan alles. Ik ha no gelokkich in e-reader. Ik bin no bygelyks yn de autobiografy fan Bruce Springsteen oan ’e gong. En ik ha Leer ons stil te zitten fan Tim Parks lêzen. Sa’n geweldich boek fyn ik dat. It giet oer in man dy’t altyd oan ’e gong is en allegear fysike klachten hat en dy’t dan it advys kriget om ris stil te sitten. Dan besiket er dat, hy begjint te meditearjen en dat fynt er bespotlik. Dat hiele proses fan dy man, ik fûn it yndrukwekkend. Het huis van mijn vader van Alex Verburg haw ik krekt lêzen, dat is ek in goed autobiografysk boek. En wat ik ek hiel moai fyn is Ik kom terug fan Adriaan van Dis. Dêryn beskriuwt er it libben fan syn mem. Krekt foar it ferstjerren fan syn mem reizge er tegearre mei har nei de plakken dy’t foar har belangryk wiene en sa learde er syn mem better kennen.’
Bist no mei nij wurk dwaande?
‘Ik bin hielendal yn it begjinstadium fan in nij boek. Trije wike lyn ha ik fjouwer dagen yn retrête west yn in hûske yn de rimboe yn Fryslân. As eksperimint bin ik dêr sitten gien te skriuwen. Ik kom op it stuit yn myn deistich libben hiel dreech ta skriuwen, mar ik ha der wol ferlet fan. Ik fûn it de earste dei ferskriklik om dêr te wêzen, mar dêrnei begûn it wol wat te streamen. Dizze wike sil ik fan freed oant en mei moandei wer dêrhinne. De kommende pear jier wol ik besykje dat fol te hâlden om my alle moannen fjouwer dagen werom te lûken; telefoan út, in kratsje mei itensguod mei en de waarme klean oan. It noflike is dat ik dêr allinnich no en dan ynternet ha, mar ik wit net wannear. Dat is in wûnderlik barren dêr. It is hiel goed foar my dat ik net kontinu online bin, want dat is altyd myn útflecht. En oars haw ik myn telefoan mei 4G ek altyd noch. Ik sis net wêr’t it nije boek oer giet. Spitich hè, mar dat wit ik sels noch mar amper.’