Jacobus Q. Smink

Father and Son

logo.ensafh

in soan dy ’t wat seit:
   tink mar datst in heit
mar mem dy giet foar
   oars hat it nea west

as er syn heit de rêch
   takeart en sûnder groet
as soarte ferlerne soan
   lang omtoarke hat

in jûn let en hy komt
   nei hûs ta en sa’t it
gong sa sil it gean
   oars hat it net west

en it is in heit dy’t
   de jonge bliid noadet
en him om wat spyt
   per se net bekroadet

rju sit it folk der by
   as it feest is yn ’e lijte
tee en dúmkes, nachts
   ek wat brandewyn

rikke ieltsje der op ta
   wat sei ’k
en it sil rûzich wê-
   ze op dat stee

en elk dy sliept yn de
   dream it mearke dat
yn de dei
   tekoart skeat

in hoart is it
   noch gjin fraksje fan wat
swijen wie it wat er sei, dat
   te lang hat er útsjoen

ien jûn en dat wie jûn
   let, wa ferwachte noch
syn iene stap út tûzen
   wa dat tinke kind

it âld ferhaal fan
   jierren yn ’t ferletten
en yn de boeken skreaun

   rigels dy’t as wetten
fan it papier ynprinte
   en sûnt oerein bleaun

rju sit de jonge der by
   blide mem-en-dy
en it is feest yn ’e lijte

   troch de stjerren bekike
ta de moanne alles gûld
   efter it ear ynskúnd

rik der nei en gryp it ris
   en ek dat it wer yn oarder is
tocht pake prom ris

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *