
De kommersje hat foar my in grut part fan de desimberwille bedoarn. Doe’t de bern noch lyts wiene en nei de simmerfakânsje de pipernuten al yn ‘e winkels leine, tochten se fansels dat Sinteklaas hast wer kaam! ‘Nee leave, dat duorret noch in hiel skoft. We hawwe no de simmerklean noch oan mar as de winterjas en de moffen oan kinne, dan duorret it meastal net sa lang mear.’ Mar hast tagelyk mei de pipernuten leine de krystballen ek al yn ‘t skap.
Lês fierder by Omrop Fryslân