
Lân fan Taal is ien fan de grutste programma’s om Kulturele Haadstêd 2018 hinne en wurdt lutsen troch de provinsje sels. It programma giet om Frysk, meartaligens en taalbelibbing yn al syn fasetten. Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurdt de Taalekspo boud, dy’t it sintrum fan meartaligens yn Europa wurde sil. It gebou is permanint en bliuwt dus nei 2018 stean. It Ljouwerter festival Explore The North nimt dêr de programmearring fan de multymediale tentoanstelling op him, dêr’t € 99.000 foar beskikt is. Bûten de ekspo om sil Explore The North yn 2018 ferskate festivals ûnder de flagge fan Lân fan Taal opsette.
Lês fierder by Lân fan Taal