Teleks: Jamila Faber kommende twa jier stedskeunstner Ljouwert

logo.ensafh

Jamila Faber út Ljouwert is de kommende twa jier de stedskeunstner fan Ljouwert. Sy waard tiisdei beneamd troch boargemaster en wethâlders. It kolleezje naam it advys fan de sjuery oer. De bestie út dichter Arjan Hut, kultuerredaktuer Diane Romashuk fan it Frysk Deiblêd en skriuwer Annemarie Lindeboom.

Faber is sawol skriuwer as muzikant en performer. “Zij is autenthiek, zowel als persoon als in haar werk”, neffens de sjuery.

Foar de funksje fan stedskeunstner fan Ljouwert hiene 51 gadingmakkers harren oanmeld. De sjuery socht de trije meast nijsgjirrige kandidaten út en dy hawwe har op freed 25 novimber yn in ‘pitch’ fan tsien minuten presintearre oan ûnder oaren de wethâlder, de sjuery en de parse. De oare twa kandidaten wiene it keunstnerskollektyf Heksenhamer en Sietze de Vries fan Heit en Mem Media.

Eardere stedskeunsters wiene Arjan Hut, Derwent Christmas, Marten Winters en it duo Jacco de Boer & Daan Levy.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *