
Yn Amsterdam is histoarikus en skriuwer Gerben Abma (1932-2016) ferstoarn. Abma kaam út in grutte boerehúshâlding yn Folsgeare. Hy studearre teology en skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam, letter studearre er ek Frysk. Hy wurke as learaar skiednis en Frysk yn Ljouwert en Snits. Yn de jierren sechstich skreau er in oantal moderne romans, mar it kaam net ta in literêre trochbraak. Hy wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan it polemyske tydskrift A-wyt dat bestie fan 1967-1969. Yn 2005 folge noch syn roman De Brek.
Lês fierder by It Nijs. Sjoch ek by Sirkwy oer it ferstjerren fan Gerben Abma.