
De ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy funksjonearret net, de sinteraasje is ûndúdlik en der driigje ûntslaggen. Dêrom ha twa leden fan de ried fan tafersjoch har funksje dellein. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante.
It bestjoer fan de Akademy hâldt him neffens de opstapte leden net oan de statuten. Ynsidinteel jild wurdt brûkt foar strukturele útjeften, lykas salarissen. As dat jild op rekket, kin dus net elkenien mear betelle wurde. Der rint no in evaluaasje nei it funksjonearjen fan de ried fan tafersjoch.
Dy moat begjin takom jier klear wêze.
Wat is dat dêr dochs mei dy sinteraasje en de rook fan regintisme.
Om it earste moast langer lyn in Direkteur de hoed nimme. Wittenskiplike reputaasje fan de man wie it skytpapier net mar wurdich, en by it ôfskie fersmiet er hast letterlik it troch freonen beoardere lintsje, ha k begrepen. Foar him gjin plaster op de wûne, mar in skep sâlt yn de wûne.
Dat gunne je dochs gjinien.
Ik hoopje dat der by dizze reek gjin Brân is. Mar broei is der al , sa ‘t it liket. Wat losmeitsje en opskodzje dus. En dat it gjin arbeiders yn dizze yntellektuele wyngerd kostet.
Want dan binne de druven wol hiel soer, foar de bodders dy ‘t deistich mei inmoed snoeie en intsje. En foar it oansjen fan Fryslân net minder, want wurd it poatsje op foar lju dy ‘t
dan in KNAU útdiele kinne. En miskien stiekum wolle, ek noch.