
Ha jim ek sa genoaten fan de pear winterske dagen ôfrûne wike? Ik bin der wis fan dat op dizze kollum wer de gebrûklike reaksjes komme sille fan minsken dy’t in hekel oan winter ha. Der binne net folle ûnderwerpen dy’t sa tankber binne om diskusjes los te meitsjen as it winterske waar fan dizze wike. By myn kunde sitte in pear dy’t my standert omseame mei anty-winterske opmerkings, dêrom sis ik op de langste dei yn juny altyd al dat we de goede kant wer op gean. Gewoan om de negative reaksjes dy’t sa’n opmerking opsmyt.
Lês fierder by Omrop Fryslân