
Ien fan de moaie dingen yn de winter is it feit dat ik dan amper nei de Nederlânske televyzje sjoch. Sêd fan de safolste werhelling fan ien as oare blockbuster mei in soad deaden en de held dy’t troch in rein fan kûgels nea rekke wurdt mar wol alle tsjinstanners útskeakelet. Nee, yn de winter sjoch ik nei de Dútske stjoerders. ARD en ZDF. Dy jouwe in folslein oersjoch fan wat der oan wintersporten te rêden is. Utsein hockey, want dat is yn Dútslân ek al achter de dekoder ferdwûn. O, sorry, ik moat fansels iishockey sizze, oars begripe jim it net. Dy Dútsers bliuwe in apart folkje. Sa ha je op snein faak in programma dat wy hjir yn de 70er jierren ferwachte hienen. Altyd bûtendoar, mei in soad Dútske muzyk en sa freeslik kneuterich dat sels ús bern der mear as twa minuten nei sjogge en dat mei in útsûnderlik barren neamd wurde, want de bern fan no sjogge al hielendal gjin TV mear.
Ofrûne wike mocht ik yn Burgum oan 34 bern fragen beäntwurdzje. Sy dogge dit jier eksamen Frysk en dat is in moai oantal. Se wienen dwaande mei it lêzen fan ien fan myn boeken en dat like de learaar in moai momint om de skriuwer te freegjen in kear in lesoere beskikber te wêzen foar fragen. Hiel leuk om te dwaan en as der mear skoallen binne dy’t dat aardich fine, kinne se my wol belje. Ik hie ek in pear fragen oan de bern. Oer Frysktalige TV bygelyks. No, dêr kaam nochal wat reaksje op. (Nee, ik sis net hokker.) Oer TV sjen yn it algemien wienen we gau klear. Dat is oer in jier as wat ferdwûn, as it oan de bern leit. Se sjogge net mear om acht oere nei in programma omdat de programmamakkers dat op dy tiid sa nedich útstjoere wolle. Se meitsje sels wol út wannear’t se sjogge en wêrnei.
In nije Fryske roman foar de jeugd moat oer seks, drank, drugs en hippe muzyk gean. Dus wa fan de achte kollega’s mient dêrmei út de fuotten te kinnen? Jim witte no wat der ‘yn it fjild’ libbet. Graach dien. Wês net bang om te eksplisyt te skriuwen, de tiid fan in poppestien leit achter ús. De jeugd hat in mobyl en mei trije goed keazen tikken op it skerm sitte jo middenyn de nuveraardichste natuerfilms mei alle details live yn byld. Neam it bist dus mar by de namme en lit jim gean, de jeugd skrikt echt net gau mear.
Bokwerd is ek in ûnderwerp dêr’t we it oer hân ha. De jongerein fynt dat net mear om te laitsjen. Miskien omdat de tema’s net mear fan dizze tiid binne. Wy fregen ús ôf oft it yn geef Bokwerders oersetten fan nij wurden lykas sale, snapchat, WTF en random de saak noch keare koe, mar ik ha myn twivels. Wylst op Facebook in revival fan it Bokwerds oan de gong is, hat de jeugd Facebook al lang de rêch takeard. Se Snapchatte en dogge wat mei Instagram, omdat heit en mem dat net dogge. Mochten heit en mem dat wol begjinne te dwaan, sil de jongerein in nij platfoarm kieze. Sa is it en sa moat it ek.
Nunu wat een opstijgings van die pommerant uit Bombats dat nevens ons kan hij hem er beter bijgeven en hou hem stil!
Nunu het gaat er nu wel even ruig omweg met die de Jong. Wij zijn van bedenken dat hij om een verlechje zoekt om zelf een vunzig verhaal op te schrijven onder het mom dat de jeugd het wil. Hij is zeker vergeten dat Pieter Prakke een snapshot bij Befke Vaartjes neerkwakte hetgeen 9 maanden later de baakster de weduwe Snikstra Weening flink wat werk heeft bezorgd omdat ze haar pensioen moest uitstellen omdat er niemand was die de ruften wilde verschonen. Wij zijn van bedenken dat de Jong eerst maar eens de Bokwerder geschiedenis beter moet bestuderen alvorens de zaak in de hobbel te brengen door de jeugd van de ouden af te laten dwalen.
Wijlst wij ons wel alheel in het mooie verhaal van FdJ vinden kunnen want wij hebben ook zo’n puberfamkepakezegger zie, moeten wij wij o zo gnijzen om de alderaardigste commentaren, in wie wij wel wat van de bekende omkolen uit de Wouden herkennen kunnen, dat zodoende zie.