Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

In nij jier
Dit is ôflevering 21 fan ensafh op it net, de earste fan 2010. ensafh giet syn twadde jiergong yn. It is mei ensafh neffens de redaksje yn it earste jier sawol wat ensafh op papier as ensafh op ynternet oangiet net ferkeard beteard, dat dit twadde jier kinne wy ynsette mei de útgongspunten konsolidaasje en útbou. It is ús ûnderfining dat nochal wat skriuwers hingje oan papier. Ien fan ’e doelen dit jier is om it tal meiwurkjende auteurs oan ensafh op ynternet omheech te krijen.

Wolkom
Dat seit de redaksje tsjin skriuwer, dichter en blogger Cornelis van der Wal, dy’t yn it plak fan Sito Wijngaarden reachmaster fan ensafh wurden is.

Ofskied 1
Fan Sito Wijngaarden ha wy ôfskie nommen. Hy is no yn syn baan by de Afûk ek belutsen by it tydskrift De Moanne en dan tagelyk ek noch foar ensafh yn ’t spier, dat is net sa handich. Wy sizze Sito tank foar wat er foar ensafh en earder Hjir en Farsk út ’e wei set hat en winskje him by syn nij wurk in protte sukses ta.

Ofskied 2
It twadde ôfskied is in hiel oar ôfskied. Ein ferline jier liet Koos Tiemersma witte dat er skriuwer ôf wurden is. It iroanyske gedicht ‘Fryske skriuwer’ fan Jaen, mei it motto ‘neitins’ soe dêr bêst ris oer gean kinne: ‘it berjocht no / fan dyn skriuwersdea / nee, it oerfalt my net // lit stjerre wat stjerre wol.’ Piter Boersma wijt ek in koart essee oan it opstappen fan Tiemersma, sjoch fierderop by essee.

Poëzy
Dizze ôflevering jout benammen poëzy. Nêst it gedicht fan Jaen binne dat gedichten Bert Bakker, Ruurdtsje de Haan en Jacobus Q. Smink.
Bert Bakker syn gedicht is it slútstik fan syn rige fan trije teksten ûnder de titel ‘Come-back op de Mont Ventoux’.
Ruurdtsje de Haan draacht in nij gedicht by út har rige gedichten nei oanlieding fan byldwurk fan M.C. Escher. Op ensafh binne dêr al ûnderskate fan publisearre. Klik dêrfoar ûnder ‘auteurs’ de namme fan de dichteres oan.

Fan Jacobus Q. Smink nimme wy yn dizze ôflevering in gedicht op by gelegenheid fan it ferskinen fan syn nije dichtbondel, mei de boartlik-earnstige, echt Sminkiaanse titel Sondelfal. Dat is in ding om by stil te stean. De dichter hat altyd trochdichte en de ôfrûne jierren binne ek in protte fan syn gedichten yn Hjir (de foargonger fan ensafh) ferskynd, mar Sondelfal, syn sânde bondel, is wol syn earste bondel sûnt fjirtjin jier: it befettet in kar út syn poëzy út al dy jierren. It gedicht ‘Father and Son’, dat no op ensafh stiet is nij en stiet net yn de bondel, mar giet wol krekt as in protte gedichten yn Sondelfal tebek op syn jeugd (It Gaasterlânske Sondel is it berteplak fan de dichter).

Kollums
Ek dit jier sille Willem Winters en Skermer kollums foar ensafh skriuwe.
Willem Winters is noch even mei de holle by ferline jier, it Darwin-jier. Hy stiet stiet stil by in boek dêr’t op ûnferwachte wize de teory fan Darwin yn tapast wurdt: ‘Neffens Dutton sit it byld fan it ideale lânskip, sa’t dat yn de oertiid wie, ferankere yn de genen.’
Skermer syn kollum hyt ‘Oerjefte’. Hy skriuwt op ’n stuit: ‘Wat in tekst foar de skriuwer en foar de lêzer werklik ta wat makket dêr’t er him oan oerjaan kin is dat wat der ûnbeneamber, ûngrypber oan is.’ En oan ’e ein komt er ta in ûntdekking.

Essee
Piter Boersma
set út ein mei in rige essees / stikken ûnder de titel ‘De Fryske literêre wrâld’. Hy sil dêrby faak aktuele saken oansnije, sa as yn dit earste stik, dêr’t er him bûcht oer de fraach oft It Skriuwersboun opdûkt wurde kin.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *