Hedwig Terpstra

Petear mei Lida Dykstra

logo.ensafh

‘Skriuwen is foar my wol in wrakseling. Ik wol de latte foar mysels altyd wat heger lizze as wêr’t ik by kin.’

Lida Dykstra is op 16 july 1961 berne op It Hearrenfean en opgroeid yn Skarsterbrêge. Se die in oplieding ta museummeiwurkster yn Leien en studearre dêrnei keunstskiednis yn dat plak. Se makke yn 1986 har stúdzje ôf mei in skripsje oer Fryske ambachts- en folkskeunst. Lida gong mei har man werom nei Fryslân en krige in baan by de Stichting Monument van de Maand. Yn 1989 waard se konservator fan it Museum Joure. Nei de berte fan harren dochter yn 1992 pakte Lida de pinne op. Yn 1993 wûn se mei it gedicht ‘Mûzenêsten’ de earste priis yn de wedstriid om de Gouden Pen, doe in jierliks S.L.A.H.-evenemint. Dêrnei hat se har foaral rjochte op it skriuwen foar bern. Har debút as berneboekeskriuwster makke sy yn 1994 mei Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Nei har debút folge der op syn minst alle jierren in nij boek. Se wûn oant no ta fiif kear de Rely Jorritsmapriis, ûnder oare yn 1999 foar it ferhaal ‘De nije seemearmin’. Yn 2004 (Mûske, myn famke) en 2007 (Lederwyntsje, bern mei krêften) krige se de Simke Kloostermanpriis. Dit jier kaam har boek Wonen in een schilderij / Wenje yn in skilderij út ta gelegenheid fan de grutte oersjochsútstalling Alma-Tadema, klassike ferlieding dy’t noch oant en mei 7 febrewaris 2017 te sjen is yn it Fries Museum. Lida wennet mei har man yn De Knipe. Sy hawwe út de hûs wei in prachtich útsjoch oer fjild en bosk.

Portret makke troch Bonnita Postma

It boek Ik, Anna hast yn opdracht skreaun. Wêr gong dat fanút?
‘Dat wie in opdracht fan de Stichting Nassau en Friesland. It bestjoer hie it boek Spegelspreuk lêzen, dat ik skreaun hie yn opdracht fan de Stichting Aed Levwerd. Dat wie it Aksjeboek foar Bern 2007. Yn it boek rint Willem V as bern fuort fan syn hûs yn De Haach en giet er nei syn beppe Marijke Muoi yn Ljouwert. De Stichting Nassau en Friesland hat my doe frege om in boek te skriuwen yn it ramt fan it betinkingsjier fan Anna van Hannover. Anna van Hannover wie in Dútske prinsesse dy’t troude mei Willem IV fan Oranje, de steedhâlder fan Fryslân. Marijke Muoi wie har skoanmem.’

Do bist dúdlik ynteressearre yn skiednis.
‘Ja, dat is in leafde dy’t hiel djip sit. Op de Reinwardt Akademy yn Leien haw ik in HBU-oplieding foar museummeiwurker folge. En dêrnei haw ik keunstskiednis studearre, ek yn Leien. Mei dit soart opdrachten fiel ik my as in fisk yn it wetter. Yn opdracht fan de edukative tsjinst fan it Fries Museum haw ik it boek Wenje yn in skilderij / Wonen in een schilderij oer Alma Tadema skreaun. Dat fûn ik ek geweldich om te dwaan. Fan de Nederlânske edysje wiene yn oardel moanne tûzen eksimplaren ferkocht. Dat komt fansels ek troch de publisiteit fan de útstalling oer Alma Tadema yn it Fries Museum. Alma Tadema hie twa famkes, Laurence en Anna. Oan it begjin fan it boek binne dy acht en seis jier en de âldste fan acht fertelt yn ik-perspektyf hoe’t it by harren thús tagiet mei in heit dy’t skilderet en ferneamde skilders dy’t oer de flier komme. Sy is sels letter skriuwster wurden. Yn it boek steane in protte skilderijen fan Alma Tadema ôfbylde.’

Presintaasje Wenje yn in skilderij yn Dronryp

Dyn printeboek Skattich is in hiele protte talen oerset.
‘Ja, dat is yn njoggen talen útkommen: yn it Nederlânsk, Frysk, Ingelsk foar Amearika, Dútsk, Frânsk, Italiaansk, Portugeesk foar Brazilië, Sineesk en Afrikaansk. De oplagen yn it bûtenlân binne net gigantysk grut en faak wurdt der wurke mei in soart ôfkeapsom by bûtenlânske oersettings. Dan krigest net royalties it ferkocht boek, mar ien fêst bedrach. Wurdst der net skathimelryk fan.’

Op sirkwy.nl lies ik: “Dijkstra is fisueel ynsteld, in skilderij of in ympresje ynspirearje har. Sels tinkt se faak yn bylden.” Wat kinst dêroer sizze? Bisto in byldtinker?
‘Sa sterk wol ik it net sizze. It gegeven “byldtinker” stiet yn de pedagogyk tsjintwurdich ergens foar, oer hoe’t dyslektyske bern ynformaasje ferwurkje en sa. Mar ik haw wol in goed fisueel ûnthâld. Dat is ek hiel belangryk ast printeboeken skriuwst. Dêrfoar hast it sterk nedich, want foar in printeboek skriuwst in senario en dan kinst net folstean mei in ferhaaltsje. Moatst dy by it skriuwen al foarstelle wat in tekener dermei kin. Foar in skriuwer is it sowieso maklik ast dy te binnen bringe kinst hoe’t bygelyks in lânskip of in romte derút sjocht.’

Do wurkest by it meitsjen fan printeboeken tegearre mei in tekener. Jousto dan in opdracht om bepaalde tekeningen te meitsjen?
‘Nee, sa giet it net. Meastal is de tekst der it earst en dêr set ik dan faak by wat ik bedoel mei de tekst. It is meastal de bedoeling dat de tekener folle fierder giet as watst mei de tekst sjen litte kinst. Yn Schattig bygelyks stiet in spread mei “Opeens kreeg hij een prachtig idee.” En dan sjochst in tekening fan in knyntsje yn in motorwinkel dat in moaie reade motor sjocht en dy keapje wol. By myn tekst moat ik foar de tekener dan wol oanjaan wat ik krekt bedoel.’

Do bist kreatyf yn it brûken fan taal. Faak betinkst nije wurden.
‘Dat komt foar. Foarbylden binne te finen yn bygelyks Wolken fan wol. In wurd wat my te binnen sjit is “tuskensuske”. By Wolken fan wol haw ik in protte gebrûk makke fan alliteraasje, assonânsje en neologyen. It boartsjen mei taal makket in tekst faak ynteressanter. De regels dy’t jilde foar in moai gedicht kinst ek tapasse op in moai printeboek mei in poëtyske tekst.’

Skriuwsto ek poëzij?
‘Ja, dat komt foar. Myn bondel Frou Ule is yn it jier 2000 útkommen. Doe’t ik begûn te skriuwen skreau ik mear poëzij. Mar de berneboeken sloegen op in stuit sa oan, dat ik my dêr mear mei dwaande hold. Mar koartlyn haw ik bygelyks in opdracht krigen fan De Moanne en De Marrekrite om in gedicht te skriuwen en dat fûn ik hiel moai om te dwaan. Ik kin my foarstelle dat ik my yn in oar stadium fan myn libben wer wat mear op poëzij talizze sil. Ik ha der wol in soad affiniteit mei, ik lês ek graach poëzij fan Fryske dichters. Ik bewûnderje Douwe Tamminga, in echte taalkeunstner. Sa’t Tamminga ‘The Raven’ fan Edgar Allan Poe oerset hat, fyn ik fan in grut kaliber.’

Wannear bisto begûn mei skriuwen?
‘Ik tekene en skreau as bern foar de Friese Koerier. Ik bin Kleine Koerier-sjoernaliste wurden doe’t ik acht wie. Mar dêrnei haw ik der in hiel skoft neat mear mei dien. Ik fyn dat de middelbere skoalle, yn elk gefal by my, it kreatyf skriuwen behoarlik de kop yndrukt hat. Dan hiest stelopdrachten en koest kieze tusken in beskôgjend en beskriuwend opstel. In beskôgjend stik stie yn heger oansjen as in kreatyf ferhaal. Pas nei de berte fan ús dochter yn 1992 bin ik as hobby begûn te skriuwen. Ik haw in skriuwkursus folge by de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen. Akky van der Veer wie dêr in gastdosint en hat my tige stimulearre. Se joech dy winter in skriuwkursus yn it Frysk yn it FLMD en frege oft dat net wat foar my wie. Ik ha my fuortdaliks opjûn en ik fûn it geweldich. Al ûnder dy kursus bin ik begûn mei myn earste boek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Dat is útjûn en sa binne ik trochgong mei myn folgjende boeken. It fyfde boek, Gefaar foar Graaf Max, is ek yn it Nederlânsk útkaam by útjouwerij Maretak. Wolken fan wol is troch útjouwerij Lemniscaat as Wachten op Apollo útjûn en dat hat yn 2000 in Vlag en Wimpel wûn fan de Griffeljury. Sa is it trochrôle, ik krige ek hieltyd mear opdrachten. Fia SSS (Stichting Schrijvers School Samenleving) gean ik nei skoallen en biblioteken troch hiel Nederlân. Dan praat ik mei bern oer myn boeken, ik lês foar en ik beäntwurdzje fansels in soad fragen.’

In soart foarrinner fan de Skoalskriuwer, want dat bisto ek.
‘Ja, dat dochst as Skoalskriuwer ek. As Skoalskriuwer kinst mear de djipte yn, want dan wurdst in healjier lang keppele oan in skoalle en komst tsien kear yn in klasse. Dan kinst echt lêsplezier, talint, wurdkennis en skriuwfeardigens by de bern befoarderje. Dat hat effekt, ik sjoch in protte entûsjasme by de bern. Ik bin yn 2015, doe’t it projekt yn Fryslân begûn, frege as Skoalskriuwer. De stichting is hiel aktyf, dy is kontinu yn petear mei nije regio’s; it projekt wreidet him as in oaljeflek út.’

Do bist tige produktyf as skriuwster. Der komt alle jierren wol op syn minst ien boek fan dy út.
‘Ik ha no santich boeken skreaun yn 25 jier. Dêr binne ek boekjes foar begjinnende lêzers en printeboeken by. Ik beskôgje it skriuwen as in foltiids baan. Ik gean moarns om healwei njoggenen achter myn kompjûter sitten en dan wurkje ik. Doe’t ik mei it boek oer Alma Tadema dwaande wie, hie ik in deadline om’t myn wurk as Skoalskriuwer der ek wer oankaam. Ik hie ek noch in moaie opdracht fan it Marinemuseum oannommen om ferhalen te skriuwen foar it boek Alle Hens!, dat presys yn myn strjitsje paste. It wie allegear krekt wat tefolle tagelyk, dat ik ha ferline jier mei de krystdagen trochwurke. Net sa handich, mar ik kin min ‘nee’ sizze tsjin moaie projekten.’

Jim ha ien dochter, mar sy is it hûs al út?
‘Ja, Ingeborg wennet yn Londen. Sy dûnset en spilet yn musicals. Ik wit net oft se altyd yn Londen bliuwe sil. Se auditearret yn hiel Europa. Sy is echt in wrâldboarger. Se hat no krekt yn de musical Marco Polo spile. Myn man en ik geane geregeld in wike nei Londen om har op te sykjen en foarstellings te sjen dêr’t sy yn spilet.’

Wêr bist op it momint mei dwaande?
‘Ik bin dwaande mei it printeboek Pykje Fjouwer, oer in lytse skries yn in Frysk lânskip. De sketsen binne krekt klear en no moat ik de teksten revisearje. Ik bin noch mei in oar printeboek dwaande, dat útkomt by Luitingh Sijthoff: De briefjes van Bing. En der komt noch in boekje foar begjinnende lêzers. Sa binne der altyd wol projekten dy’t rinne.’

Wolken fan wol bestiet út seis ferhalen út de Metamorfoazen fan Ovidius. Bist in grut leafhawwer fan syn wurk?
‘Ik haw Ovidius kennen leard yn myn keunstskiednis-tiid. De Metamorfoazen binne faak as tema brûkt foar skilderijen en bylden, bygelyks yn de Grykske mytologyske tafrielen. Yn 1999 waard ik benadere troch Louw Dykstra fan doe noch útjouwerij Bornmeer, dy’t my frege oft ik neitinke woe oer in berneboek dat oansleat by it tema fan de boekewike: de klassiken. Ik besleat de Metamorfoazen fan Ovidius as útgongspunt te nimmen. De oersetting fan d’Hane-Scheltema haw ik fan kaft oant kaft lêzen, in hiel tsjok boek, en doe haw ik de moaiste ferhalen selektearre en dêr in berneboek oer makke.’

Krigest in protte reaksjes fan bern op dyn boeken?
‘Ja, fan bern, mar ek fan âlden. Fan pakes en beppes soms en juffen. Minsken witte my no maklik te finen, want myn mailadres stiet op myn webside www.lidadijkstra.nl. It is soms hertferwaarmjend wat minsken my skriuwe. Ik haw bygelyks it printeboek De moedhoed skreaun, dat giet oer in jonkje dat bang is foar alles. Syn pake teart fan in krante in huodsje fan papier foar it jonkje dat dêrtroch syn eangsten oerwint. Dit boek hat folle mear effekt hân as dat ik tocht hie. Ik krij reaksjes fan minsken mei bern dy’t bang wiene. Ien jonkje bygelyks seach slim tsjin in operaasje op. Hy is úteinlik de operaasjekeamer yngien mei in moedhoed op. Fan syn beppe haw ik dêr foto’s fan tastjoerd krigen. It jonkje hie sein: “De moedhoed doet het goed.”‘

Wat betsjut skriuwen foar dy?
‘Skriuwen is foar my wol in wrakseling. Ik wol de latte foar mysels altyd wat heger lizze as wêr’t ik by kin. Alma Tadema sei op in stuit yn in ynterview dat elk skilderij dat er makke in idee wie dat ferlern gien wie. Ast it makke hast, is it altyd oars as hoe’t it der yn dyn fantasij útseach. Ik fyn it altyd wol in striid om te besykjen sa goed en bysûnder mooglik te skriuwen. Mar as dat slagget is dat wol geweldich.’

1 reaksjes op “Petear mei Lida Dykstra

  1. Hoi Lida, ik stean fersteld fan watst allegear skreaun hast! Geweldich! En ja, oan my de ear dat ik dat hiel lang lyn al yn dy seach. Do bist in grut talint en tige wichtich foar de Fryske (berne)literatuer. Leafs en oant sjen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *