Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (5)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De telefoan

It muoit my, deiboeklêzers, dat ik yn it foarige fragmint in ferkearde foarm keazen hie. It wie basearre op in mail dy’t ik fan Madelon Kiestra krigen hie. Ik woe it wat al te literêr meitsje tink. Oare kear pak ik de saak fan de Koffer wer op…

Tank foar jim persoanlike reaksjes, it giet goed mei my, ik haw, nei’t ik wat bekommen wie, deselde dei noch nei dokter west, en nije medisinen krigen. No werom nei it telefoanpetear, dêr’t ik sa kjel fan waard. Ik haw it fêstlein, ik nim alle petearen automatysk op. Klik hjir foar de opname. It lûd fan de beller is ferfoarme, en net fan in geweldige lûdskwaliteit, mar al ridlik te ferstean, tinkt my. Hjir folget de transkripsje: ‘Mei Van Tuinen.’ ‘Ja, mijn naam doet er niet toe. Je moet stoppen met het lastigvallen van mevrouw Radsma, godverdomme. Idioot. We weten je te vinden, klootzak.’ Sa’t jo sels hearre kinne hat it yn elts gefal gjin Fries west, dy’t it driigjend boadskip ynspruts. Dat wol sizze… It kin fansels ek in soarte fan imitaasje Marokkaansk aksint foarstelle moatte. Ik wit net oft der tusken myn lêzers faaks guon binne, dy’t dizze tongslach thúsbringe kinne. Mail my dan mar efkes.* Fansels haw ik oanjefte dien, mar de noartske polysjeman oan de baly skodholle, it hie gjin prioriteit, nei alle gedachten wie it in grap. De beller hat in fuortsmyt-telefoan brûkt, dat trasearjen wie ûnmooglik, neffens de uniformearre beskermer fan de wet.

In grap, alsa. Dan hat it grif ien fan myn deiboeklêzers west. Ien fan jimme dus! Jo skuorre jo tink de bûsen út, no’t jo dit lêze. Ik pak jo noch wolris, dat ûnthjit ik jo, efterbakse ferrekkeling!

* Fansels wurket de mail fan Van Tuinen silger net mear… Mar neffens my hat de beller yndied in Marokkaan neidien. cvdw

Tenei mear.

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *