Syds Wiersma

Donna Ynkognita

logo.ensafh

 

I

De strjitte rint leech. It feest giet fierder
yn in pakhús op ’e hoeke. Hy lûkt
my mei, as wit er hiel goed wa’t er
yn ’e hûs hellet. Elkoar krekt moete
yn in frjemd dielde taal. In smelle trep
omheech. Kroanluchters yn in útwenne
boppeseal. Unbekenden tsjin it rút
sjogge net op út reek en drank. In feest
hjir blykber faker fierd. Hy wiist my
in lege stoel by it trepsgat en rint
noch lûder bearend nei it midden ta.
Dan sjoch ik har. Se hinget mei in freondin
djip achter yn ’e romte op in bank.
Se fingertutet ferheard, trochtrape moai
yn read katoen. Uteinlik giet se stean
en widzet lâns my nei de trep. Seit neat
mar ropt mei har heupen dûbeld sa lûd,
har famkesmul sabeare ferlegen.
Ik sykje syn blik. Hy twingt my om te gean.
Yn ’e keuken hakt se sêft it fleis.
Se seit, ‘wiest dêr?’ En nimt my as har heft,
lûkt my drippende keldergongen troch,
oant se my op sekken moal roppich yt.
Rottich wiet brekt út. In wrâld fergiet.
Werom by ‘t oanrjocht skinkt se kalm glêzen.
Ik sis, ‘hoe hjitsto eins.’ ‘Unbelangryk’,
seit se, ‘wy begjinne ommers krekt?’
Nei lang omsweven sûnder doar fyn ik
in útgong en stean foar spoarbomen.
De nacht is âld. In laits giselet foarby.
Ik stek doelleas oer nei klokslach fiif.

II

Oan âld wetter de fergongen nacht
fan in al lang beboude polder.
Dit pleatske, dizze iene keamer
ferljochte troch skimer en kearsen.
Foar it earst hast my talitten
yn dyn yntymste sudergea.
Twa, trije freonen om dy hinne.
Bist stil, oanwêzich as in harkjen
út in hegere taal. Likest in oar
mar bist it yn in djipper skynsel.
Ik praat en bin ûnwis. Dochs wer
dat ivige wol se my miskien net.
As hâldst dy noch wat ûnferskillich.
Ik fiel mysels wer ôfdrippen
nei dat âlde stjerren, dy hel fan
allinnich rêd ik it ferdomme wol.
Ynienen stean wy bûten. Tegearre
yn it fergetten leechlân foar de stêd
by it kanaal, dêr’t ik lang lyn
betocht dat der in frou stellen
wurde koe. Gau pak ik dyn hân.
Fregest, ‘witst wêr’tst wiest?’
‘Ja,’ sis ik, ‘lang lyn oan ’e oare kant
tocht ik dat ik hjir net komme koe.
Tefolle nacht en ferburgen eangst.
Mar wêr bin dyn freonen bleaun?’
‘Hast mei myn ingels praat,’ seisto,
‘it wie in tribunaal, wy meie fierder.’
Dan lûkst my mei oer blak wetter
de stêd yn dy’t mei in boarterstún begjint.
Lakest en bist it as nimmen oars.
Wy binne bern. Mar as it skimeret
rinne se achter ús oan in hûs yn
dêr’t it ljocht noch sêft is, neat freget
en ús in tekken jout. As ik wekker wurd,
wit ik dat ik mei dy libbe haw.

1 reaksjes op “Donna Ynkognita

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *