
Tsjinlûd is in kollektyf mei Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Remco Kuiper as dichters en Anne-Chris Bakker, Christiaan Kuitwaard en Romke Kleefstra as muzikanten. Dêrby hawwe ek Christiaan Kuitwaard, Elmar Kuiper, Romke Kleefstra en Anne-Chris Bakker grafysk wurk foar de foarmjouwing levere. Sa is it boekje Tsjinlûd in goede wjerspegeling fan it multydissiplinêre karakter dat sa eigen is oan it projekt.
Men ferwachtet dat de gedichten sa’t dy yn it boekje steane allegearre opnommen binne mei muzikale ymprovisaasje derefter. Dat is lykwols net it gefal. Net alle fersen yn it boekje binne opnommen en der steane mear fersen op de cd. Wat de kar west hat om krekt dy gedichten ôf te printsjen, is my net alhiel dúdlik. De opnames binne yn alle gefallen helder en fersteanber genôch dat it net slim is dat de harker it mei it boekje op ’e skurte net meilêze kin. Hy kin him dêrom namste better meislepe litte op de klanklânskippen fan de muzikanten en sa de wurden op him ynwurkje litte. Of wilens troch it boekje blêderje om de foto’s en keunstwurken neier te besjen.
De ynlieding sprekt fan ymprovisaasje dêr’t op de cd net it measte fan te fernimmen is. It liket allegearre aardich yninoar te stekken en der sit ek perfoarst in opbou yn dêr’t ‘III’ it bêste foarbyld fan is wannear’t der tawurke wurdt nei de klimaks ‘praatst fan leafde?’ en Grytsje Schaaf der ynbatst. Mar ek ‘I’ is mei de ferskillende dichters moai opinoar ôfstimd. Nei myn betinken heart dat ek sa mei studiowurk. Op it poadium hat men it spontane en it dynamyske fan de ymprovisaasje mear nedich. Dan kin men it publyk dêryn meinimme. Wannear’t men de cd thús ôfdraait wol men wat hearre dat mei soarch en ynfielen makke is. Dêr’t men by de djipte yngean wol, ta de essinsje fan de wurden en klanken komme wol. Alle kearen sil men wer oare dingen hearre en troch in oare gemoedstastân ek oare dingen fiele. It feit dat der sa’n soad minsken oan meiwurke hawwe, spilet dat yn ’e hân. Dêrtroch kriget it letterlik en figuerlik ferskillende stimmen, mar troch it mienskiplike elemint tagelyk in soad gearhing.
Klik hjir foar it nûmer ‘Fergees de sinne socht’ op Bandcamp
Tsjinlûd
Tsjinlûd
Eigen behear
Ferkeappriis: € 15,00