
In pear wiken lyn, flak foar de krystdagen, hie ik it op dit plak oer de oanslach yn Berlyn. It liket al wer sa lang lyn, de wrâld draait gewoan troch. Ik helle yn dy kollum de mooglikheid oan dat der yn Fryslân ek wolris wat barre koe, bygelyks by it fuotbaljen of by de iepening fan KH 2018. Ofrûne sneon rûn ik oan it begjin fan de jûn oer it parkearplak fan iisstadion Thialf. Njonken it reedriden wie der dy jûns ek noch in iishockeyswedstriid dêr’t rom 2500 taskôgers op ôf kamen.
Lês fierder by Omrop Fryslân