Lân fan Taal siket sprankeljende taalprojekten

logo.ensafh

Yn 2018 is it safier, dan is Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa. En dat moat natuerlik it hiele jier troch fierd wurde. Ien fan de grutste projekten dy’t yn 2018 hâlden wurde is Lân fan Taal. It projekt giet oer de needsaak fan en de leafde foar taal. Der wurdt in nijsgjirrich edukaasjeprogramma opset foar taalbrûkers fan alle leeftiden. Meartaligens en ûnderwiis binne dêr de kearn fan.

Om in folslein en wikseljend programma te bieden, siket Lân fan Taal noch projekten. Minsken mei in goed inisjatyf kinne hjirfoar subsydzje oanfreegje. Siart Smit is algemien manager fan it projekt Lân fan Taal, en wy leinen him de folgjende fiif fragen foar.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *