
‘It liket my noch wol in útdaging om in berneboek te skriuwen en dêr sels de tekeningen by te meitsjen.’
Jan Schokker (1952, Oranjewâld) learde op de ambachtsskoalle foar elektrotechnyk. Syn kreative kant kaam al gau foar it ljocht. Hy mocht graach tekenje en krige fersiken om reklamebuorden te meitsjen en bedriuwsnammen te skilderjen. Skriuwe die er doe ek al, as jonge fan in jier as fjirtjin makke er al stikjes foar de jubileumrevu fan de kuorbalferiening. Yn ’e rin fan de tiid skreau er in grut tal revu’s en in stik as fyftjin toanielstikken. Jan Schokker wennet mei syn frou Sjoeke yn Jonkerslân en sûnt syn 24e hat Jan in eigen bedriuw foar standbou en belettering. Sy hawwe trije bern. Schokker skreau njonken toaniel ek koarte ferhalen en letter woe er it ek wol ris mei in roman besykje. Sa ûntstie in rige oer de plysjeman Ale Alema. Yn 2008 kaam syn debútroman De Koalmasaak út en letter folgen noch fjouwer boeken oer de plysjeman. Yn 2016 ferskynde Kabel en tou, it earste boek yn in nij sjenre.
Jo binne al jong mei it skriuwen begûn, haw ik lêzen op de side fan Sirkwy.
‘Ja, sa’n fjirtich jier lyn bin ik begûn mei it skriuwen fan toanielstikken en revu’s, earst yn it Nederlânsk. Ik skreau earst foar de toanielferiening yn Lúkswâlde doe’t wy noch yn Langsweagen wennen. Sûnt ik yn Jonkerslân wenje skriuw ik foar de toanielploech hjir. Ien kear de twa jier meitsje ik wol in toanielstik. De âld skoalmaster fan Jonkerslân frege my wêrom’t ik myn stikken net yn it Frysk skreau, want de stikken waarden ek yn it Frysk opfierd. Mei it wurdboek op skoat bin ik doe yn it Frysk begûn en dat fûn ik folle moaier om te dwaan. Ik haw ek noch in kursus Frysk dien by de Afûk om it Frysk skriuwen noch better yn ’e macht te krijen. Nei’t ik in part fan it bedriuw ôfstjitten hie krige ik mear tiid foar it skriuwen. Doe bin ik mei ferhalen begûn en letter haw ik myn earste opset makke foar de detektiverige oer Ale Alema.’
Jo hawwe in eigen bedriuw. Wat dogge jim hjir krekt?
‘Wy dogge yn standbou en belettering. Wy printsje en meitsje doeken, auto- en gevelbelettering. Op beurzen bouwe wy foar bedriuwen in stand, kompleet fanôf it ûntwerp oant de opbou yn it beursgebou en dêrtusken sit in hiel trajekt fan it timmerjen of de systeemopbou fan de stand. Ik doch dat mei myn soan en wy ha twa man personiel. It bedriuw is lytsskalich en sa moat it eins ek bliuwe. Tegearre mei myn frou bou ik wol stands op yn it bûtenlân. Aansen gean wy bygelyks wer nei Nürnberg. In sjipsfabrikant hat dêr in presintaasje en dêr bouwe wy de stand foar op. Dan bliuwe we dêr yn de tiid dat de beurs der is en dêrnei brekke we de stand wer ôf. Sa sille we ek noch nei Parys en München en in tal oare plakken.’
Binne jo no ek oan it skriuwen foar de toanielferiening?
‘Tegearre mei myn twillingbroer Lomme haw ik in iepenloftspul skreaun en dat wurdt fan ‘t simmer hjir yn it doarp spile. Dat like my wol in útdaging om in stik foar bûtendoar te skriuwen. It stik wurdt ta eare fan de iepening fan it doarpshûs troch de toanielferiening opfierd. Wy ha in moai fjildsje efter it doarpshûs en dêr wurdt it poadium boud. Ik wurkje ek mei oan it dekôr, wy meitsje dêr in soart stedsje mei in âld Végéwinkeltsje en wat pleatsen. Ik spylje sels ek mei yn de toanielstikken.’
Jo earste fiif misdiedromans gongen oer ynspekteur Ale Alema en it nije boek Kabel en tou falt yn in nij sjenre. Wat kinne jo dêroer fertelle?
‘Ik bin mei de boeken oer Ale Alema begûn omdat ik der spanning, humor en romantyk yn kwyt koe. Miskien gean ik noch wolris werom nei Ale Alema, mar ik wie der eins wol in bytsje klear mei. Oan ’e ein fan it boek tocht ik: sil ik him no deagean litte of net? It karakter fan syn froulike kollega Wytske wol ik miskien wol mei fierder. Dan wurdt it in sydtakke fan Ale Alema. It hinget der mar hielendal fan ôf hoe folle tiid ik haw en wêr’t ik sin oan haw. Ik hie it toanielstik Kabel en tou makke en dat fûn ik foar in ferhaal ek leuk om út te wurkjen en it in bytsje breder te meitsjen. Dus dat hat de basis foarme foar dit boek, en dat wie wer ris wat oars. Ik fyn it moai om ferskillende dingen te besykjen. Mei de misdied haw ik eins neat, mar it is wol moai om te beskriuwen hoe ferkeard as minsken wêze kinne, of wurde troch dingen dy’t har oerkomme, lykas frustraasjes of jaloerskens. Oan de oare kant is misdied wol wat beheinend, dêrom fûn ik it moai om no oer wat oars te skriuwen, hoewol’t it boek wol dramatysk einiget.’
Yn hoefier is Kabel en tou autobiografysk? Jo binne sels ek ien fan in twilling, lykas Abe en Jelle út it boek.
‘Hielendal net autobiografysk. Fanwege toaniel wie it wol aardich om der in ienaaiïge twilling fan te meitsjen, want dan koe ien persoan dy dûbelrol spylje. It wie aardich om de ferwikseling op dizze manier te ferwurkjen. Der binne wol bepaalde mieningen dy’t deryn nei foaren komme, mar eins is it allegear wol fiksje.’
De haadpersoan fan Kabel en tou, Abe, wennet yn Noarwegen. Komme jo dêr sels ek geregeld?
‘Net geregeld, mar ik ha der wol in oantal kearen west. It is in hiel moai lân, ik ha der wol wat mei. Ale Alema gong yn Tichtby ek nei Noarwegen. Wat dat oangiet sit der wol in bepaalde line yn. It lân hat wol wat mysterieus. Mar foar itselde hie it boek oer Skotlân gean kinnen, dêr haw ik ek wolris west.’
Soene jo wolris in filmskript skriuwe wolle? Jo boeken liene har der wol foar.
‘It liket my wol geweldich as myn boeken ferfilme wurde soene. Ik tink wol yn bylden, sa haw ik it ferhaal ek wol foar my as ik oan it skriuwen bin. De boeken oer Ale Alema spylje hjir yn ’e omkriten en der sitte in protte werkenbere dingen yn. Dan moat der wol ien belangstelling foar ha. Sels filmje fyn ik ek hiel leuk, dus wa wit, mar dat is wer hiel wat oars as skriuwen.’
Wat binne jo favorite skriuwers?
‘Ik lês de lêste jierren eins net folle. Ik mocht altyd graach fan de Sweedske skriuwer Henning Mankell lêze. Hoe’t hy oer plysje-ynspekteur Kurt Wallander skriuwt hat my der eins ta oanset om oer Ale Alema te skriuwen. Dat wie net sa’n cowboy as de measte Amerikaanske resjersjeurs, dus dat karakter spruts my wol oan. Ik mei ek graach Ensafh en Fryske boeken lêze, lykas it boek Lúshâlding fan Geart Tigchelaar. Mar as ik ris wat tiid oer ha sit ik leaver te skriuwen as te lêzen.’
Binne jo no mei nij wurk dwaande?
‘Ja, ik ha noch wol wat op priemmen stean. Ferline jier bestie it bedriuw fjirtich jier. Myn frou en ik meitsje in protte mei omdat wy dy reizen dogge. Ik meitsje geregeld flaters. Dit bedriuw hjit Schokker Producties, ik tink: dan meitsje ik der Flater Produksjes fan. Ik meitsje in beskriuwing fan de reizen en hoe’t it wurk gien is. Dêr bin ik al in hiel ein mei en dat moat aanst in kear ôfrûne wurde.’
Skriuwe jo ek gedichten?
‘Ik skriuw wolris in gedichtsje yn in toanielstik of yn in ferhaal, mar dêr hâldt it mei op. Myn broer mei wol graach dichtsje. Hy hat no ek de songteksten skreaun foar it iepenloftspul. Dat spilet yn 1964 en it giet ek wat om de muzyk fan dy tiid, it opkommen fan The Beatles en sa. It wie in hiele moaie muzikale tiid.’
Motivearje jim inoar bot mei it skriuwen?
‘Ja, ja! As ik wat skreaun ha lit ik it oan Lomme lêze en hy jout in earlik kommentaar wat er derfan fynt. En oarsom is dat ek sa. It is noflik om in klankboerd te hawwen. Lomme skriuwt no ek ferhalen. Meikoarten komt der in ferhaal fan him yn Ensafh. De lêste jierren, no’t er net mear oan it wurk is, hâldt er him bot mei it skriuwen dwaande. Oer in pear jier sil ik mei de VUT en dan hoopje ik my ek mear op it skriuwen talizze te kinnen. Ik haw yn alle gefallen ynspiraasje genôch.’
Wat soene jo graach noch skriuwe wolle?
‘It liket my noch wol in útdaging om in berneboek te skriuwen en dêr sels de tekeningen by te meitsjen. Ek om’t ik no pakesizzers ha. En ik ha froeger wol cartoons makke foar de Feanster krante. Strips haw ik ek wol makke, ek foar in krante. Dêr bin ik yn myn soldatetiid mei begûn. Ik ha eartiids by Cork, oftewol Cor Hoekstra, op skoalle sitten, hy wie myn master yn de tredde en fjirde klasse. Hy wenne yn Oranjewâld en kaam oarspronklik fan Frjentsjer en wie yn dy tiid in hiele bekende cartoonist. Fan ien cartoon liet er in hiele steapel printsje en stjoerde dy nei allegear blêden oer de hiele wrâld. Der binne in hiele protte cartoons fan him publisearre, hy wie hiel goed. Hy siet yn de les syn cartoontsjes te meitsjen. Ik mocht ek graach tekenje en fûn dat prachtich. Letter haw ik dêr ek in protte tiid yn stutsen. It liket my aardich om dat wer ris op te pakken, en dan mei Fryske teksten. Kinst der in protte humor en kreativiteit yn kwyt. Wa wit wat der noch fan my útkomt.’
Mooi kloppend verhaal.