
It fyftjinde Grut Frysk Diktee wurdt op tiisdeitejûn 4 april holden.
De Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert is no ek wer de arena dêr’t de dikteeskriuwers tsjininoar stride. It diktee sil dit jier skreaun wurde troch aktrise, sjongeres en skriuwster Tet Rozendal.
Karen Bies, presintratrise by Omrop Fryslân, sil de dikteetekst foarlêze. Omrop Fryslân stjoert it diktee út op woansdei 5 april. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2017.
Kwalifisearje
Wa’t meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee 2017 sil him kwalifisearje moatte. Dat kin troch mei te dwaan oan it kwalifikaasjediktee tusken 8 en 19 maart.
Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.