Lubbert Jan de Vries

de achtste dei

logo.ensafh

yn de úthoeke fan de Skrift toant de Skepping him
op ’e achtste dei
oan de hûn

efter syn brune hûne-eagen
yn de strielen fan de sinne
dûnset in krie
in spjocht dûkt
oer syn kop
en hammeret in nij swart gat
yn in deade beam
neist him
stiet in ielgoes
deemoedich as Jezus Kristus
wjukken wiid
oan de wetterkant

wylst is dêr
it delbêdzjen fan de ierde
wylst is dêr
it wrotten fan de beammen omheech nei de Himel
wylst rûkt er de delgong

yn de nacht fan de achtste dei bilet de hûn
by it ljocht fan de moanne
boppe it grêf fan de man út Earnewâld
de hûn koe him by it libben(de alpha) én kin him yn syn stjerren (de omega)
de hûn seach reeën yn it Paradys mei de snút omheech
ferwûndere…de man út Earnewâld…dea !?
de man foar wa’t it ljocht yn de stêd dôve
de man dy’t de sjamaan sjocht yn it berteflues fan elts nij libben

yn de nacht fan de achtste dei heart de hûn by it grêf
Mozes sizzen dat bidden allinnich rêding bringt
as de Heare harket
dat is strûpstjerrende wier wit er

de holder
stjert kânsleas foar jins fuotten
nei in warber libben
op de kâlde grûn
stjert de swan yn de sliep om har skientme
sûnder skuld as erfsûnde
yn de nacht fan de achtste dei

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *