Edwin de Groot

Es ist vollbracht

logo.ensafh
Frij nei ‘Herbsttag’ (1902) fan Rainer Maria Rilke (1875-1926)

In skrale stim út in lea fan neat,
sjongt de wyn de bosk en singels ta houtsskeletten.
Sûcht de grûn it einichste ljocht en blêd.

Winterprei en hazzekoal stekke de earen op en
de grienfrucht toait him al mei winterige kaam.
Rispje dus noch gau wat waarm wie, it simmerfruit
yn Weck en folje de fetten mei swiet ferwachtsjen.

Al it swit fan ’t houtsjen, it steapeljen yn de hokken no ferjitten.
Fan de rinte in waarm hûs en hite brij.
Wy kinne lêze, myn leafste, ek mekoar.
De lytse letterkes en oer lottere ekers dûzje.
Folbrocht is net it goeie wurd.