
It duo Dûbeldyk, Anneke Douma en Sytse Haima, de artysten dy’t yn wat no folget op ’t aljemint komme, hawwe allegear in ferline yn ’e amusemints- of stimmingsmuzyk. Harren wichtichste doel wie lang om it publyk yn sealen, feesttinten en op partijen in fleurige, ûntspannende, jûn-fuort te bieden. Op harren jongste albums geane se lykwols stik foar stik fierder as it allinne mar leverjen fan lietsjes foar de ferdivedaasje.
Frysktalige bewurkings
Dûbeldyk bestiet út Atte Dijkema en Hilda Dijkema-Dijkstra. It út Grou ôfkomstige duo liket sûnt april ferline jier live wat minder warber te wêzen, mar stie dêrfoar in goede fyftjin jier lang op allerhanne poadia yn, mar ek bûten Fryslân. Harren repertoire bestie út covers, dy’t ôfwiksele waarden mei Frysktalige bewurkings fan mear of minder bekend wurk fan oare artysten.
It yn syn hiele hear en fear útfieren fan covers yn ’e oarspronklike taal, hat Dûbeldyk in skoft lyn al op in sêft sin set. It duo lei him de lêste tiid foaral ta op it spyljen fan ’e krektneamde eigen Fryske bewurkings fan wrâldrepertoire.
Op harren ferline jier ferskynde twadde album Dûbeldyk (yn 2004 debutearre it duo mei Wannear en mear) wurde de leafde en it libben op in lichte oansteklike wize yn tsien nûmers besongen. Atte Dijkema hat sân ynternasjonaal min ofte mear bekende nûmers fan in Fryske tekst foarsjoen en mei ien stik (ik kom dêr dalik op) alhielendal sels ret. De twa oerbliuwende nûmers ken elk dy’t ek mar in bytsje thús is yn it Frysktalige repertoire, nammentlik ‘Smoar op elkoar’ fan Gurbe Douwstra en ‘Knoopkes’ (tekst: Jurjen van der Meer) fan Piter Wilkens. Dûbeldyk fiert sels alle muzyk út (somtiden yn in justjes oanpast arranzjemint). Dy muzyk wurdt foaral ûnder de toetsen fan synthesizers en út oare elektroanika wei generearre.
Ferskaat fan muzikale stilen
Men moat der oer meie, dy muzyk ‘út blik’, mar wat Dûbeldyk oanbelanget wurket soks, as fûnemint ûnder Atte Dijkema syn teksten, bêst genôch. Op sa’n ‘wize’ klinkt Dûbeldyk de iene kear as in echt stimmingsorkest (yn ‘Smoar op elkoar’), in oare kear country-eftich (yn ‘Wannear’ en ‘Fierstente let’), ek wolris as in mainstream popbandsje (yn ‘Grutte kloat’) en sels in kear as in frij stevige rockformaasje (yn ‘Feestje’). Sa’t it heart by in goed stimmingsorkest, is Dûbeldyk dus yn in ferskaat fan muzikale stilen mak!
Eigen nûmer
Lykas oanjûn, beaën de leafde en it libben yn ’e wiidste omfieming genôch stof foar Atte Dijkema om teksten oer te meitsjen foar dizze cd, meastal dus op basis fan wurk fan oaren (sa as Steve Forbert). Mar, lykas al sein, hy hat ek in alhielendal eigen nûmer bydroegen, nammentlik: ‘Keapjûnblues’. Ik achtsje dat mei distânsje it bêste nûmer fan Dûbeldyk. Méi, om’t it yn al syn obligatens appellearret oan in fielen, dat gâns (troude) manlju net ûnbekend foarkomme sil. En gjin niget, dat Dijkema it muzikaal yn ’e foarm fan in blues getten hat. As yllustraasje helje ik it earste en it lêste kûplet oan, mei dêrtuskenyn it refrein:
Soms hat de frou sa’n rite / dan wol se yn it nij
Ik hie al protestearre / mar hjoed moast ik mei.
Foar my is der neat minder / nei de stêd om nije klean
De frou giet yn ’e winkel / mar ik bliuw bûten stean.
Refrein:
Ik stean te wachtsjen / te wachtsjen op ’t trotwaar
Ik stean te wachtsjen / miskien fine jim dat raar
Ik stean te wachtsjen / ik wol einlik wol nei hûs
Ik stean te wachtsjen / want ik ha de keapjûnblues
Mar foar alle winkels / stean’ mannen lykas my
It binn’ myn lotgenoaten / o, ik fiel my suver frij
Ik stean dus net allinnich / te wachtsjen yn ’e stêd
En we witte allegearre / dat de slutingstiid ús rêdt.
De ‘Keapjûnblues’ is typysk sa’n nûmer, dat ek in bestean hawwe kinne soe bûten de wrâld fan ’e amusemintsmuzyk, dêr’t Dûbeldyk sa lang in aardich stikje brea yn (by)fertsjinje kinnen hat.
Tapaslike titel
Ien dy’t al folle langer as it duo Dûbeldyk in knap stikje brea yn ’e amusemintsmuzyk fertsjinnet, is Anneke Douma, no fan Ljouwert, mar op 11 novimber 1944 berne yn Ljussens (Dongeradiel). Sy stiet al sa’n fiifenfyftich jier op ’e planken en is op gâns elpees en cd’s te hearren, dêr’t Moai sûnder wjergea (1988), Sin en wille (1993), Op aventoer (1996), As in stjer (1997) en Nim my sa’t ik bin (2008) faaks wol de bekendste fan binne. Anneke Douma is sûnder mis de wichtichste Fryske folkssjongeres. Har grutste single-hits wiene ‘’t Woanskip’ (yn it Ljouwertersk) en ‘Bonkefeart’.
It boppesteande achtslaand, is In libben fol muzyk in tige tapaslike titel foar Anneke Douma har jongste cd. Op ’e skiif binne trettjin nûmers te hearren, dy’t winlik de soundtrack binne fan it lietsjesprogramma mei deselde titel, dêr’t Douma op ’t stuit mei op toernee is en dêr’t se in foege oade yn bringt oan ‘Fryslân’. De muzikanten dy’t har op dy toer begeliede, steane har ek by ek op ’e cd In libben fol muzyk. It binne Roel van Veen (toetsen), Sjerk Faber (akkordeon), Agnes Sambrink (eftergrûnsang) en Hans Sambrink (slachwurk). Lêstneamde, eigner fan ‘De Drumstudio’ yn Hallum, hat de cd ek produsearre.
Oarspronklik wurk en oersettings
Anneke Douma hat altyd de fertolkster west fan oarmans en oarfrous teksten. Dat is op In libben fol muzyk net oars. Op ’e skiif sjongt se oarspronklik wurk fan Anne van der Mark (twa nûmers), Froukje Annema (ek twa nûmers), Frans van den Borg, Doede Veeman en Piter Jelles Troelstra. De oare stikken binne Fryske oersettings troch Jogchum Dijkstra (trije nûmers), Wilco Berga, Eddy Dijkstra en Doede Veeman fan seis lieten út it ynternasjonale repertoire dy’t yndertiid bekend wurden binne yn ’e útfiering fan sokken as Harry Belafonte, Pierre Kartner en Udo Jürgens.
De Anneke Douma fan ’e yn it amusemintssirkwy bekende lieten lykas ‘’t Woanskip’ en ‘Bonkefeart’ is op har jongste cd yn noch mar trije nûmers werom te hearren. Dat is yn ‘Nasjonale Romantyk’, ‘Ik wol in tút fan dy’ en yn ‘Oer elts wetter leit in brêge’. It earstneamde nûmer (in wals) hat in tekst fan Doede Veeman. It liket wol as hat Doede dat liet op bestelling skreaun en hat er him dêrby ynspirearje litten troch it him oan dan ta bekende folkske jankfodderepertoire fan Anneke Douma. Lês mar wat er har yn ‘Nasjonale Romantyk’ yn ’e mûle leit:
It giet oer in earme jonge / fereale op in kap’tale faam
Gjin minske dy’t ûnder dit sjongen / gjin trien oer de wangen del kaam
[…]
Hy hjitte fan Oege, sy Pytsje / it wie tusken wâlden en klaai
Hy mint har en sy him in bytsje / mar sûnder jild stiet soks meast faai
Soms frije se stikem tegearre / yn ’e jister, stil efter in ko
Mar soks moat de boer mar net hearre / de lytsfeint en syn dochter, no, no
Sa’t it yn in goede jankfodde heart, krijt (yn dit gefal) de boer fansels yn ’e rekken wat der tusken syn dochter en ’e lytsfeint Oege te rêden is:
Mar och earme twa, d’ oare moarne / doe balte de boer tsjim him: Smjunt!
Wat stjonksto al by ’t kealleboarnen / nei Pytsje har King pipermunt
Hy koe neat oars dwaan as bekenne / en meitsj’ oan dit lietsje in ein
Se ha him bedobbe op ’e skerne / en Pytsj’ is no Pytsje fan Hein
Wíér nijsgjirrich
Ik haw fan Doede Veeman wolris bettere teksten ûnder eagen hân, mar kin net sizze, dat in liet as ditte dissonearret op in cd fan Anneke Douma. Har fêste publyk wurdt der grif in deugd mei dien! Wat foar my In libben fol muzyk lykwols wíér nijsgjirrich makket, binne de nûmers ‘Berteplak’, ‘Bylden fan myn bernejierren’, ‘Swalkersliet’ en ‘Foarby’. De twa earstneamde hawwe in poerbêste oarspronklike tekst fan Frouke Annema (1934-1998) en binne dêrby treflik op muzyk set troch Joop Veenstra. ‘Swalkersliet’ en ‘Foarby’ binne beide bewurkings troch Jogchum Dijkstra (1942-2016) fan respektivelik it Súd-Afrikaansk ‘Pelgrimsgebed’ fan Amanda Strydom en fan ‘Merci, Chérie’, it nûmer dêr’t de Eastenriker Udo Jürgens yn 1966 it Eurofyzje Sjongfestival mei wûn.
Om oan te jaan, dat Anneke Douma op har jongste album tekstueel en gefoelsmjittich yndied de (bytiden sels poëtyske) djipte opsocht hat, helje ik no út alle fjouwer hjirboppe neamde lieten in pear rigels oan:
En fier oer it waad klonk de sang fan ’e see
By skimerjûn sweve in dize it fjild oer
Lei hoeden in wollige tekken oer ’t fee
(‘Berteplak’);
’t Aldershûs, dat is net mear
Mar ’t hat plak fûn yn myn herte
En soms docht dat plakje sear
(‘Bylden fan myn bernejierren’);
Do kenst myn hertslach en myn sin
As ik troch lege strjitten rin
Do kenst myn tinken en gefoel
Yn d’ iensumheid bisto myn doel
(‘Swalkersliet’);
Sjoch foarút, sjoch net om
Want as weagen mei skom
Op ’e rêstleaze see is de leafde
De leafde bestiet út lok en fertriet
Se komt en giet
(‘Foarby’).
Oprjochte plaat
Op grûn fan it boppesteande kin sein wurde, dat Anneke Douma mei In libben fol muzyk in oprjochte plaat makke hat, mei in goede kar fan nûmers dy’t ticht by har steane. Foegje dêrby de muzyk dy’t útfierd wurdt troch in poerdeeglik ensemble en ’e topproduksje fan Hans Sambrink, en men hat in album dat klinkt as in klok en stiet as in hûs!
Oar sjapiter
De amusemintsmuzyk dêr’t sjonger en multy-ynstrumintalist Sytse Haima fan Weidum jierrenlang de kost yn fertsjinne hat, wie fan in hiel oar sjapiter as dy fan Dûbeldyk en Anneke Douma. Haima siet nammentlik tusken 1989 en 2009 yn it semy-akoestyske duo Pigmeat. It oare lid fan dat duo wie Jan(kobus) Seunnenga fan Ljouwert, allyksa in multy-ynstrumintalist. Pigmeat spile in mei in soad humor brochte mjuks fan folk, country, bluegrass, pop en rock. Meastal Ingelsktalich, mar it duo hie ek lietsjes yn it Hollânsk, Frysk en Ljouwertersk op it repertoire. Haima en Seunnenga fierden mei har oansteklike muzyk triomfen yn feesttinten en sealen yn hiele Nederlân, mar ek yn België, Dútslân, Poalen, Frankryk, Denemarken, Turkije en Ruslân. De lietsjes fan Pigmeat waarden fêstlein op in grut tal goedferkochte cd’s, lykas Pigmeat (1989), Ugly & Slouchy (1990), Oomph (1993), Ditties From Granny’s Days (1994), Shiny Shoes (1997), ’t Aardse Juk (1998) en Joadelahidihido!&…Hop! Hop! (2005).
Earste solo-album
Hoewol’t Sytse Haima nei Pigmeat as muzikant altyd tige warber bleaun is (ûnder oare yn ’e feestband De Suskes en as gitarist by Ernst Langhout), hat it oant ein ferline jier duorre, ear’t syn earste solo-album ferskynde. Dy cd hat as titel De stille jout lûd en der binne mar leafst fyftjin nûmers op te hearren. Dat ‘stille’ yn ’e titel ferwiist noch nei Haima syn posysje yndertiid yn Pigmeat. Yn dy formaasje wie Jan Seunnenga altyd it grutte, drokke, feestnûmer. Haima wie de rêstige figuer op ’e eftergrûn, dy’t derfoar soarge dat harren optredens muzikaal net alhielendál ûntspoarden.
Foar De stille jout lûd hat Sytse Haima sawol alle teksten as alle muzyk sels skreaun. Hy spilet ek gâns ynstruminten (akoestyske, elektryske, bas- en tenoargitaar, mandoline, toetsen, mûlharpe en perkusje). Foar it oare waard er muzikaal bystien troch Jan de Vries (akkordeon en dobro), Menzo Rohn (toetsen), King Fred II (pipa en koarsang) en Nico Outhuijse (drums en perkusje).
Krekt as op ’e hjirfoar besprutsen albums fan Dûbeldyk en Anneke Douma, steane op Sytse Haima syn debút-cd ek noch nûmers dy’t ferwize nei syn ‘feestlik’ ferline. Op De stille jout lûd hawwe dy as respektivelike titels: ‘As ik mar by dy…’, ‘Beppe is cool’ en ‘Hâld dyn hannen thús’. It earstneamde koe dêrby, yn syn pompend up-tempo en mei syn tyspeljende mandoline, wol ien-op-ien fan in betide Pigmeat-cd kopiearre wêze!
Byldzjende rigels
Yn ’e measte lietsjes lykwols hat Haima it oer saken dy’t werklik ticht by him steane, lykas de leafde foar syn frou (‘Dat ik neist dy lizze mei’, ‘Dyn eagen’), syn opgroeiende soan (‘High fives’), syn (ferstoarne) heit (‘Heit’) en ’e natoer ‘Smjunten yn de mieden’, ‘Swier waar’). Yn ’e lietsjes oer syn heit (dy’t âld-topkeatser en húsdokter wie) en dy oer de natoer steane byldzjende rigels, dy’t yn in poëzybondel net misstean soene. Sjoch mar ris nei it earste kûplet fan ‘Heit’:
Heit, sa’tst dêr no leist, tink ik wer werom
oan hoe’tsto wiest, in geast sa sterk, in lea sa sûn
Heit, sa’tst dêr no leist, tink ik oan hoe’tsto
yn ’t libben stiest, altyd mei de oar ferbûn
en nei dizze strofen út efterinoar ‘Smjunten yn de mieden’ en ‘Swier waar’:
Ik sjoch smjunten yn de mieden […]
Skiere guozzen, heech yn de loft
Ik sjoch putters yn de elzen, in beamkrûper tsjin in stam
En it jûnsballet fan in protterkloft
[…]
Op it lân stean’ de kij mei de kont yn ’e wyn
Deun tsjininoar, want bûten giet it mâl
Se krûpe yn kloften yn ’e smoute fan ’e wâl
De simmer is foarby en de hjerst, dy feecht deryn
It spûket yn myn tinzen, lykas ’t spûket oer it lân
It paad bin ik bjuster, wat is der oan ’e hân?
Ik bin net as de kij en skiep dy’t yn ’e greide stean’
Swier waar yn myn holle, hoe moat ik fierder gean?
It krekt oanhelle nûmer ‘Swier waar’ is ek hiel goed fan prosody. Dat wol sizze, dat de muzyk – yn dit gefal mear pop as folk – hiel goed past by de tekst. Winlik hat Sytse Haima by al syn teksten foar De stille jout lûd goed passende komposysjes makke. Allinne it koarte nûmer ‘Tosken, kiezzen yn ’t gelid’, mei oars gjin begelieding as in gitaar, falt datoangeande út ’e toan. It is dúdlik in ‘tuskenbeurtsje’ en hie om my net op ’e cd hoegd.
Genôch byt
Yn it foargeande haw ik frijwat rigels oanhelle út teksten sa’t dy te hearren binne op ’e jongste cd’s fan respektivelik it duo Dûbeldyk, Anneke Douma en Sytse Haima. Allegear acts dy’t har woartels hawwe yn ’e amusemintsmuzyk. De muzykkrityk – dy fan dit ynternettydskrift allyksa! – hat yn it ferline wolris fersomme om omtinken te jaan oan it feit, dat ek yn dat skift fan ’e muzykkultuer út en troch wurk fan goede kwaliteit levere wurdt. Wurk, dêr’t ek tekstueel genôch byt oan sit. Yn dit artikel hoopje ik dúdlik makke te hawwen, dat, mei tank oan Dûbeldyk, Anneke Douma en Sytse Haima, yn alle gefallen de Frysktalige amusemintsmuzyk ferline jier tekstynhâldlik ‘ferdjippe’ is.
Dûbeldyk: Dûbeldyk (cd);
Anneke Douma: In libben fol muzyk (cd);
Sytse Haima: De stille jout lûd (cd).
Alle trije útjeften: Marista Music Company; Dronryp 2016; www.marista.nl ; www.dubeldyk.nl ; info@sytsehaima.nl .