
De Portugeesk-Nederlânske auteur José Rentes de Carvalho skreau al yn 1999 yn syn deiboek dat er graach in eigen website ha woe. Sinjalen woe er der opsette, mei de yntinsje
waarmee men vroeger flessen in zee wierp
It soe noch jierren duorje, mar doe hie er in weblog. Spitigernôch is dat al yn it Portugeesk. Mar dêr giet it my no net om. Ik brûk dit foarbyld fan Rentes de Carvalho om oan te jaan dat it idee om flessen yn see te goaien oait in hiel brûkbere metafoar wie foar it idee wêrmei minsken wat op it wrâldwide web publisearren. Hy wie doe lang de iennichste net dy’t dit doe sa seach.
Begjin dizze ieu wie der sels in elektroanyske tsjinst dy’t ‘Flessenpost’ hjitte. Wa’t him dêrfoar opjoech, moast dan in e-mail opstjoere dy’t dan oanspielde by sa mar in oare abonnee. Lang hat dizze ‘Flessenpost’ oars net bestien. Brieven skriuwe oan in folslein ûnbekende is no ienkear dreech. En ast dêr al wurk fan makkest en krijst allinne wat kattebeltsjes werom, is it ek gau oer. Boppedat hawwe ynternetbrûkers trochstreeks it mier oan anonime kontaktsikers. Sosjale netwurken as Hyves, Schoolbank.nl, of Facebook, binne populêr tsjintwurdich — mar dan al om besteande kontakten te fersterkjen, of ferlerne freonen fan doe werom te finen.
Sels ha ik troch myn weblogs dan dochs wol safolle leuke en ûnferwachte kontakten opdien dat foar my dat âlde romantyske idee bestean bliuwt. Tekst online sette, is in foarm fan flessepost. Kinst noait witte wêr’t dyn wurden telâne komme. Al jou ik ta dat dit miskien wol foar alle foarmen fan publisearjen jildt. It bliuwt altiten ôfwachtsje wa’t dy lêst, en of der oait in reaksje weromkomt op dyn wurk.
Tagelyk is it al sa dat wa skriuwt miskien bliuwt.
De Amerikaanske auteur John Updike — alle jierren wer neamd as Nobelpriis-kandidaat — brûkte it wurd flessepost net doe’t er oanjoech wat foar him it heechste wie dat er mei syn skriuwen berikke koe. Doch hie er it sa as metafoar ynsette kind. Updike hopet inkeld fan syn wurk dat oait in tiener, of wa dan ek, earne ien fan syn titels fan ’e plank pakke sil, en dat de tekst dêrfan dan krekt sa ynslacht as hoe’t guon boeken him rekke hawwe.
Yn de bondel Flessepost wurdt dit romantyske idee omdraaid. Net de kwaliteit fan wat oanspield wie telde alderearst, fan belang wiene fral de reaksje dêrop. Njoggentjin Fryske skriuwers en skriuwsters krigen wat ferrassends foarlein dat Leendert Ferwerda oait fûn hie yn in flesse, earne op it Waad tusken Swarte Hoanne en Holwert yn. Oan harren de taak om dêr in antwurd op te jaan, op hokker manier dan ek.
En mei dy omkearing gong it wat mis foar my. Dit is yn syn foarmjouwing in hiel fraai boekje, en ek oan de reaksjes fan de skriuwers mankeart op himsels hielendal neat. Mar my ynteressearren de fynsten gewoan net in soad. Der wiene mar ien as twa dy’t my wat diene. Fierder waard myn fantasy net prikkele. Wylst ik dêr al in bytsje op hope hie.
Ast foar it earst wat nijsgjirrichs sjochst yn sa’n boekje as dit, of op in tentoanstelling, of desnoads op televyzje, dan krijst dêr sa dyn gedachten oer. Teminsten, sa wurket dat by my. Op sa’n momint is der neat moaier as te lêzen wat in skriuwer noch mear dien hat mei sa’n útgongspunt.
It ynteressantst wiene foar my noch de echte flessebrieven fan bern. Omdatst dy dêr fan noch yntinke kinst dat dy mei hoop en ferwachtings yn see treaun binne. Sa’n briefke is der bygelyks by fan it Amerikaanse jonkje Ryan, dy’t in dollar bysletten hie foar antwurd.
Fan wer oare briefkes tink ik dat dy inkeld oerboard setten binne yn in dronken of baldadige bui. Ut ferfeling. Earder om’t it te fier rinnen wie om de lege flesse yn in ôffalbak te goaien, dan om wat oars.
Goed, der is ien hiel opfallend flessebriefke by, út april 1943. Oerboard goait fanôf de Dútske ûnderseeboat U72, dy’t foar de Noardseekust foer. Dêrop wie krekt in lid fan ’e bemanning stânrjochterlik eksekutearre om oproer, en in kanonier moast dêr dochs syn emoasjes oer kwyt, op de ien of oare manier. Mar dat keale briefke is wer sa sterk dat it om my ek wol sûnder antwurd kinne hie.
Fierder sitte der briefkes tusken dy’t hielendal gjin briefkes binne, sa as as twa útprinte listjes fan bemanningsleden, of de lapelpas fan in feilichheidsman.
Tegearre is al dat oanspielde guod my dêrom net twingend genôch om reaksjes op te roppen dêr’t ik nijsgjirrich nei waard. Wylst ik it no krekt altiten wol hiel ynteressant fyn wat skriuwers kinne, ûnder twang. Flessepost waard dêrtroch fral in stalekaart fan wa’t der yn Fryslân koarte literêre teksten skriuwe op dit stuit. Dat is ek aardich, dêr net fan, mar ik leau dochs dat der mei dit boekje wat mis gongen is tusken idee en útfiering. It útgongspunt fersterket it resultaat net, en oarsom. Ik seach ek net safolle fan it idee werom dat no krekt skriuwers witte hoe’t it is om wat yn alle ûnwissens mei de stream mei te jaan.
Mar wierskynlik ek is aksje spannender om te lêzen dan reaksje.
Greet Andringa | Irene Bal | Jetske Bilker | Hidde Boersma | Piter Boersma | Neeltje Bonnema Marga Claus | Jaap Krol | Elmar Kuiper | Riek Landman | Aggie van der Meer | Durk van der Ploeg | Grytsje Schaaf | Willem Schoorstra | Albertina Soepboer | Koos Tiemersma | Hylke Tromp | Willem Verf | Nyk de Vries, Flessepost
96 pagina’s
Friese Pers Boekerij, 2007
isbn 978 90 330 0628 9
priis: € 17,50
* yn Farsk 99 stie as foarpublikaasje út Flessepost it ferhaal ‘The Kentish Doom’ fan Hylke Tromp.