
Boppesteande wurden, útsprutsen troch Omrop Fryslân-radiopresintator Wim Brons yn it ramt fan ’e wervingskampanje foar de Fryske Top 100 fan 2016, hawwe de lêste tiid in skel wierheidslûd krigen. Lykas bekend (Leeuwarder Courant 4, 7 en 11 maart 2017), waarden tsjin Brons syn kollega’s Gurbe Douwstra, Geartsje de Vries en Willem de Vries dissiplinêre maatregels nommen, om’t se folkssjongeres Anneke Douma meistimd hiene, dat der hieltyd minder Frysktalige muzyk te hearren is op ’e Omrop.
My tinkt, Anneke, Gurbe, Geartsje en Willem hawwe yndied in ‘punt’. Want, hoe wie de sitewaasje foar’t de no sittende haadredakteur Klaas Geert Bakker in pear jier ferlyn yn funksje kaam?
Fan 1 jannewaris 2011 ôf programmearre Omrop Fryslân-radio alle nachten, ûnder de namme ‘Omropnonstop’, fan 00.00 oere oant 06.00 oere allinne mar Frysktalige en Fryske streektalige muzyk. Yn ’e nacht fan 2 op 3 novimber 2015 is dat programma nei ynternet ferballe. Sûnt is op ’e neamde radio-oeren allinne wer ynternasjonale mainstream-pop te hearren, mei út en troch in Frysktalich lietsje.
Under Bakker syn bewâld kaam yn 2016 ek in ein oan ’e sûnt 2010 besteande Fryske Muzykwike. Dy Wike, mei gâns omtinken foar Frysktalige en Fryske streektalige artysten en harren muzyk, wie alle hjersten de ‘opmaat’ fan ’e kampanje foar de jierlikse Fryske Top 100 op âldjiersdei.
Omrop Fryslân is oars net unyk yn syn redusearjen fan it omtinken foar de eigentalige muzyk! RTV-Drenthe makke op 19 juny 2016 in ein oan it radioprogramma ‘Op Streek’ fan Bert Kamping, dat doe krekt fiif jier bestien hie en dat in soad betsjutte foar de Drintsktalige muzyk. En RTV-Noord makke okkerdeis fan it al lang draaiende deistige radioprogramma mei muzyk yn it ‘Grunnings’, ‘Twij Deuntjes veur ain Cent’ fan Henk Scholte, in wykliks programma fan twa oerkes op sneintemoarn.
Men kin jin ôffreegje wat oft de reden is, dat de noardlike regionale omroppen it op ’t stik fan ’e eigen muzykkultuer njonkelytsen sa bot sitte litte. My tinkt, soks koe wolris in mentaliteitskwestje wêze. Lit ik my beheine ta de sitewaasje te uzes, yn Fryslân.
Dan moat fêststeld wurde, dat hieltyd mear lju it hjir foar ’t sizzen krije, dy’t amper in Frysktalige, lit stean Frysksinnige, eftergrûn hawwe. Se ‘hawwe’, mei oare wurden, alhielendal neat mei Fryslân en ’e Fryske kultuer en kinne de taal yn ’e regel ek net, of mar kwalik, prate en skriuwe. Behalve by Omrop Fryslân binne sokke lju te finen yn ’e managementlagen fan bygelyks it Frysk Museum en Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Ut harren eftergrûn fan ûnkunde wei ûntstiet suver as fansels in foege ûnferskilligens foar it belang en it befoarderjen fan ’e Fryske taal en kultuer oer. As dy ûnkunde en ûnferskilligens dan ris ‘trochprikt’ wurdt troch lju dy’t leger yn ’e organisaasjehiërargy steane, is it in typyske reaksje fan managers lykas Klaas Geert Bakker en syn direkteur Jan Koster en oefenje harren macht út, troch it nimmen fan maatregels tsjin sokke klokliedende wurknimmers. Sij ferjitte dêrby lykwols, dat it wiere ‘kapitaal’ fan in organisaasje as Omrop Fryslân nét de liedingjaande managementlaach is, mar bestiet út fakkundige, kreative programmamakkers, lykas de trije dy’t no dissiplinêr geweken nommen binne.
Goeie Beart,
Yn Baskenlân – dêr’t Baskysktalige en Spaansktalige stjoerders binne (TV en Radio) – ha se de hele dei op ien radiostjoerder (EITB – Euskal Irratia Telebista/Baskyske Radio en Televyzje) in popprogramma (mainstreampop) mei om en om Baskyske pop/muzyk en Ingelsktalige pop/muzyk.
Tuskentroch jouwe se ynformaasje oer Baskenlân – nijs, keunst, polityk, sport, etc.
My is ferteld dat troch dy 50 % Ingelsktalige pop heel wat Basken harkje, ek allinne Spaansktalige Basken. Op dizze wize komt de Baskyske taal fia de Baskyske popsongs by elkenien.
Ik fyn dit in ferdomd kreative oplossing.
Mei in Baskysk/Fryske/Frânske groet, Josse.
http://www.bbc.co.uk/programmes/b075t6wd…Omrop Fryslân…eat this !…âlde punkers dogge it dêr nei en mei eare en in opsternaat gewisse…neuh, hjir net, kin net, heare God help ús..te lyts, te min, te folks..net sexy..op nei de middelmaat, gjin ‘oars wêze’..heare God help ús (it rûkt earne nei)…wylst; Willem says Slayerrrrrr…