Ferhaal Teije Brattinga: It eigenwize koweblomke

logo.ensafh

It eigenwize koweblomke

Op it griene hiem stie in pôle koweblomkes te pronkjen yn ’e sinne, blomkes mei allegear in giel hertsje en in krânse fan wite blombledsjes deromhinne. Se hiene it wakker nei it sin. Op ien nei. Dy fûn syn hertsje net sa moai mear. Dat kaam ek omdat alle koweblomkes itselde hertsje hiene: rûn en mei in dimmene giele kleur. ‘Wêrom moatte wy allegear itselde hertsje hawwe’, tocht it koweblomke. It woe wol wat oars. Mar dat falt foar in koweblomke net mei. Wat oars, mar hoe dan? Hy frege dat oan in flinter dy’t by him op besite kaam. Mar dy koe him net wizer meitsje. En de bijen en oar brommend folk wisten it likemin. Dy makken in soad drokte mar besteklik praat wie der net by.

Lês fierder by it Nijs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *