Hedwig Terpstra

Petear mei Bartle Laverman

logo.ensafh

“In bondel is foar my in soarte fan autobiografy. It is prachtich om in nij boekje te meitsjen, ferfelend is it dat it de wrâld yn moat, dat dêr har skientme ferboelguodde wurdt.”

Bartle Laverman (Ljouwert, 1948) hat nei’t er de oplieding ta ûnderwizer folge, MO-Nederlânsk en LO-tekenjen studearre. Dêrnei folge er oan de Ryksuniversiteit yn Grins noch teoretyske en wiisgearige pedagogyk. Hy studearre yn 1977 cum laude ôf. Bartle hat as dosint filosofy wurke op de Academie Minerva yn Grins. Tegearre mei syn frou, byldzjend keunstner Hannie Kamstra, hie er oant 1996 in biologyske buorkerij en tsiismakkerij. Sûnt 1990 hawwe sy De Tunen fan De Griene Dyk, in ekologyske blommetún fan trije hektare. As dichter debutearre Bartle Laverman yn 1968 mei it gedicht ‘Forsiking fan it Hillige ik’ yn De Tsjerne. Dêrnei publisearre er ûnder oare yn Sonde, De Strikel en Trotwaer. Hy makke fan 1971 oant 1976 diel út fan de redaksje fan Trotwaer. Syn earste dichtbondel It freeslik feest ferskynde yn 1969. Nei syn debútbondel ferskynde noch in grut tal dichtbondels fan syn hân. In bysûnder projekt wie de bondel Mingd Bedriuw (2003), dat yn gearwurking mei trije oare dichters/skilders ta stân kaam, nammentlik Wilco Berga, Anne Feddema en Reinder Rienk van der Leest. De twatalige bondel Wêr’t de ko him deljout = Where a cow lies down kaam ta stân yn gearwurking mei byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en de Ierske dichter John Brown. Bartle Laverman publisearret ek geregeld Hollânsktalige gedichten yn it Hollands Maandblad. Hy skriuwt ek ferhalen, guon binne publisearre yn Ensafh. Yn 2016 ferskynde by Hispel syn nijste dichtbondel In echte Fries. Bartle bliuwt yn syn gedichten faak tichtby hûs. Hy skriuwt oer it plattelân, syn dieren. Minsklike gefoelens oer ôfskie, sykte en dea komme ek foarby yn syn gedichten.

Wat is de reade tried yn dyn bondel In echte Fries? De Fryske mienskip komt in pear kear nei foaren, bygelyks yn it titelgedicht. Der sitte ek mytyske eleminten yn dyn gedichten.
Bartle: ‘”Wat bedoelt de dichter?“. Dat fûn ik op skoalle al in ferfelende fraach. Dy dichter wie ommers al lang dea en wat master der fan makke kaam út de twadde en tredde hân, dus. Wêrom soe dat ús wat skele moatte, it gie der dochs om wat wy mei dat gedicht hiene? No, meastal neat. Sa stean ik der noch yn. Myn fersen moatte op eigen fuotten stean, dy ha ik se jûn: hannen en fuotten. Se binne autonoom yn harren betsjutting. Dy betsjutting ferskynt yn de kontekst dêr’t de lêzer se delset. De fersen ha dus gjin fêste betsjutting en myn kontekst dêr’t se yn berne binne jout net de juste betsjutting. Fansels is it foar my wol de juste betsjutting en ik kin my fernuverje oer wat lêzers soms yn in tekst fine. Mar dat is har saak, minent net. It gedicht moat him der sels mar mei rêde.

Der is dus gjin universele betsjutting en ek gjin universeel wearde-oardiel. As ik wat sizze soe oer bygelyks it fers ‘Mienskip’, dan soe dat gau jilde kinne as de juste útlis fan dat fers en dat wol ik dus net.

Piter Boersma hat foar de boekpresentaasje fan In echte Fries in essay skreaun: Ta de essinsje fan de poëzij fan Bartle Laverman. Hy neamt myn poëzij kontekstuele poëzij, dêr’t aktualiteit yn oanlinge wurdt mei ferbylding. As ik der fierder wat fan sizze soe, soe ik my al gau wer besûndigje oan “Dit bedoelt de dichter”. Piter sei op de iepening fan myn eksposysje yn Tresoar: “… der is gjin keunstner sa Frysk as Bartle en ek gjinien dy’t sa ûnfrysk is.” Opteld dus is it dus 0. Ik praat de taal, that’s it.

In bondel is foar my in soarte fan autobiografy. It is prachtich om in nij boekje te meitsjen, ferfelend is it dat it de wrâld yn moat, dat dêr har skientme ferboelguodde wurdt.’

Yn In echte Fries stean ek ôfbyldings fan dyn skilderijen. Begjin 2016 hat der yn Tresoar in miny-eksposysje fan dyn wurk west, wêrby’t de fraach “Is der ek Fryske ferbylding?” sintraal stie. Bisto op it stuit ek oan it eksposearjen?
‘Yn april is der in jubileumekspo yn galery BAS yn Snits mei ek in wurk fan my. De galery bestiet tritich jier en foar dat feest wurde alle freonen fan BAS frege om in wurkstik fan 30 x 30 te meitsjen. It wurdt in soarte fan 19e ieuske salon. Ik ha in moai giel faaske makke.

Fierders ha ik dit jier neat op priemmen stean. Earder ha ik eksposearre yn Museum Hannemahuis yn Harns, Museum Martena yn Frjentsjer en yn it Fries Museum wurdt myn fers ‘Treinreis’ projektearre. Ik bin wol oan it skilderjen.’

De bondel Dêr’t de ko him deljout (2006) wie in gearwurkingsprojekt tusken dy, de Ierske dichter John Brown en byldzjend keunster Tjibbe Hooghiemstra. Hoe kaam dy gearwurking ta stân?
‘Ik ken Tjibbe Hooghiemstra fan Academie Minerva. Tjibbe gie mei syn wurk de hiele wrâld oer, mar syn twadde thúslân wie yn dy tiid Ierlân. Syn wurk waard dêr oankocht, hy eksposearre dêr geregeld en hy wurke dêr ek as artist-in-residence. Hy hat der sels noch oan tocht om nei Ierlân te ferhúzjen. Tjibbe hie kunde oan in Noard-Ierske dichter: John Brown. Sa kaam it idee om in boek fan syn wurk te meitsjen tegearre mei Fryske en Ierske poëzij: John en ik wiene beskikber. Tjibbe syn wurk kinst ek byldpoëzij neame.

De KU hat der in prachtboek fan makke en wy ha it yn Easterein, Grins en Noard-Ierlân presintearre. Omrop Fryslân hat der in film fan makke en wy ha yn Ierlân ek foar de radio west. Yn in galery yn Belfast mei in eksposysje fan Tjibbe ha John en ik foarlêzen. It boek is útferkocht. Op dy reis ha wy ek nei in bewenne rots yn de Atlantyske Oseaan west: Tory. Dy komt faak yn myn gedichten foar en ik ha der oer skildere. Grappich wie dat hjir koartlyn in programma op telefyzje wie mei Frans Bauer en syn broer en ferduld, se giene ek nei Tory! De regelmjittigens fan it reizgjen nei Ierlân is der by Tjibbe en mysels no wat út. John hat noch in kear yn It Bilt west mei in fers foar in jirpelfeest.’

Meist graach reizgje?
‘Ik bin eins in húshin. Mar sûnt 2001 geane wy om de twa jier nei de Biennale yn Venezia. Wy rinne graach yn Ingelân. Wy ha Bilbao en Barcelona besjoen. Wy kenne Toscana en Roma, sels Portugal en Rügen binne ús net frjemd, lykas Praha. Wy ha in fêst plakje yn Picardië en ferjit net Ostende en Antwerpen.’

Wat binne dyn oare besichheden njonken it skriuwen en it skilderjen?
‘Ik ha genôch te dwaan, ek yn de tún, dus gjin tiid foar hobby’s. Ik harkje nei muzyk fan Little Richard, Chuck Berry, Rolling Stones, Beatles, Simeon ten Holt, Satie, Joe Cocker, Vivaldi, Dylan, ensfh.’

Hokker boeken lêsto graach?
‘De boeken fan Rüdiger Safranski. Safranski is in Dútske wittenskipssjoernalist dy’t prachtige heldere boeken skreaun hat oer de Romantyk, Schopenhauer, Nietzsche, Goethe, Schiller en Heidegger. Sokke boeken lês ik leaver as fiksje.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *