
Wêrom ha wy gjin Fryske skriuwers dy’t sokke útsûnderlik goede boeken skriuwe? Ik soe my sa foarstelle kinne dat in no begjinnende Fryske skriuwer oer tritich jier sa’n boek skriuwe kinne soe. In debút is wer wat oars, mar it soe al hiel moai wêze as der überhaupt wat nijs útkomme soe dat it nivo fan de Nederlânske literatuer hellet. Poëzij is wat oars, Fryslân is ryk oan baas dichters, mar folwoeksen proaza, dêr hat it Frysk literêre fjild noch in kwaliteitsslach te meitsjen.
Lês fierder by Sigrid Kingma